Springe nei ynhâld

Steppemûs

Ut Wikipedy
steppemûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai echte mûzen (Mus)
soarte
Mus spicilegus
Petényi, 1882
IUCN-status: net bedrige

De steppemûs (wittenskiplike namme: Mus spicilegus, foarhinne Mus hortulans) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen (Mus), dat nau besibbe is oan ús hûsmûs. Hy komt foar yn grutte dielen fan East-Jeropa en de Balkan, om persiis te wêzen yn Eastenryk, Tsjechje, Slowakije, Hongarije, Sloveenje, Kroaasje, Bosnje-Hertsegovina, Servje, Montenegro, Kosovo, Albaanje, Masedoanje, noardlik Grikelân, Bulgarije, Roemeenje, Moldaavje en de súdlike Oekraïne.

Fysiologysk is it grutste ferskil tusken de steppemûs en de hûsmûs dat by de steppemûs de sturt justjes koarter is as de rest fan it lichem. Ek bestiet der in dúdlike demarkaasjeline tusken it dûnkere hier op 'e rêch fan it bistke en it ljochtere hier op 'e búk, wylst dat by de hûsmûs stadichoan yninoar oergiet. Oan 'e ein fan 'e simmer smyt de steppemûs lytse terpkes fan ierde op, dêr't er itensfoarrieden yn oanleit, benammen besteande út it sied fan nuddeliergerzen (Setaria). Sokke opslachheuveltsjes kinne wol oant 700 liter sied en oar plantaardich materiaal befetsje, en yn it gongestelsel derûnder kinne 2 oant wol 20 steppemûzen oerwinterje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.