Terminator (personaazje)
de Terminator | ||
Arnold Schwarzenegger as de Terminator yn 'e film Terminator 2: Judgment Day (1991). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | pseudo-manlik | |
soarte personaazje | cyborg | |
nasjonaliteit | gjint | |
berop/amt | slûpmoardner | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Sarah Connor John Connor | |
attributen | learen jek, sinnebril | |
geastlike heit | James Cameron | |
ûntstean | 1984 |
De Terminator (Ingelske útspr.: [tɜɹmɪˈneːtəɹ], likernôch "tur-min-nee-tur", mei as letterlike betsjutting "Beëiniger") is in cyborg út 'e takomst dy't in haadpersoan is yn 'e Teminator-franchise. It personaazje is sterk ferbûn mei akteur Arnold Schwarzenegger, foar wa't syn fertolking fan dit personaazje yn 'e earste film fan 'e searje, The Terminator út 1984, in krúsjaal kearpunt yn syn karriêre foarme. De Terminator wie in betinksel fan regisseur James Cameron, foar wa't The Terminator ek in trochbraak wie.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Uterlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Terminator is in Cyberdyne Systems T-800 model 101, in cyborg mei in hast net stikken te krijen roboatysk endoskelet fan metaal, mei dêroerhinne in bûtenlaach fan libben weefsel mei hûd en hier, sadat er derút sjocht as in minske. Hy is net unyk, mar foarmet ien fan in hiele searje gelikense Terminators. Hy hat it uterlik fan in grutte, tige spiersterke man, is faak klaaid yn in learen jek en hat gauris in sinnebril op. Minsken kinne him net fan in echte minske ûnderskiede, mar Terminators hawwe blykber in hiel oare rook as minsken, want hûnen litte har gjin momint bedrage.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Terminator liket teminsten like yntelligint te wêzen as echte minsken, en miskien wol yntelliginter. Yn in protte sitewaasjes kiest er foar ûnsubtile, gewelddiedige oplossings, mar as it moat, kin er ek tige manipulatyf wêze.
Doel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Terminator is in produkt fan it Skynet, in wrâldwide keunstmjittige yntelliginsje dy't makke is troch de Amerikaanske Striidkrêften. In mikrosekonde nei't it Skynet selsbewustwêzen berikte, besleat it dat de minskheid in bedriging foar syn bestean foarme en dat de iennichste logyske oplossing wie om 'e hiele minskheid út te rûgjen. It systeem lokke dêrom in twasidige atoomoarloch út, dy't in nukleêre holokaust feroarsake wêrby't miljarden minsken omkamen. Neitiid briek der in oarloch út tusken de restanten fan 'e minskheid en de masines dy't it Skynet as ferlingstik fan himsels begûn te produsearjen. De Terminators, masines dy't net fan echte minsken ûnderskaat wurde kinne, binne bedoeld om mank de minsken te ynfiltrearjen, sadat dy makliker útskeakele wurde kinne.
Ferskinings yn 'e filmsearje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne op dit stuit (ein 2021) seis films yn it ramt fan 'e Terminator-franchise:
- 1984 – The Terminator
- 1991 – Terminator 2: Judgment Day
- 2003 – Terminator 3: Rise of the Machines
- 2009 – Terminator: Salvation
- 2015 – Terminator: Genisys
- 2019 – Terminator: Dark Fate
Untjouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn The Terminator wurdt de Terminator troch it Skynet troch de tiid hinne weromstjoerd nei de hjoeddeistige wrâld (d.w.s. 1984). Syn opdracht is om 'e jonge Amerikaanske frou Sarah Connor te deadzjen, mei't hja de mem wurde sil fan John Connor, de lieder fan it minsklik ferset tsjin 'e wrâldhearskippij fan it Skynet. John Connor stjoert lykwols ien fan syn soldaten, Kyle Reese, ek werom yn 'e tiid om syn mem te beskermjen. Dyselde wit Sarah te berikken en naait mei har út, efterfolge troch de Terminator. Hja reitsje fereale en Reese wurdt de heit fan John Connor. Reese komt úteinlik om as er besiket de Terminator op te blazen, mar hoewol't de cyborg dêrnei gjin ûnderlichem mear hat, hâldt er oan mei syn efterfolging fan Sarah. Hja ferneatiget him troch him ûnder in hydraulyske parse te lokjen en it apparaat oan te setten, sadat er stikken knypt wurdt.
Arnold Schwarzenegger spile de Terminator yn 'e earste film en it waard ien fan syn bekendste rollen. It probleem dat de Terminator oan 'e ein fan 'e film ferneatige wie, koe foar in ferfolchfilm moai omsyld wurde trochdat in oare Terminator der krekt-en-gelyk útseach. Hoewol't er yn 'e earste film in folsleine smjunt west hie, keas regisseur James Cameron, dy't de fassinaasje fan it filmpublyk foar de Terminator fierder oanfiterje woe, derfoar om him yn in ferfolchfilm ta de held te meitsjen. Sadwaande keart de Terminator yn Terminator 2: Judgment Day werom as beskermer fan 'e jonge John Connor, dy't er rêde moat fan in oar, mear avansearre model Terminator, de T-1000, dy't bestiet út floeiber metaal. Oan 'e ein fan 'e film giet er lykwols op 'e nij 'dea', as men soks fan in robot sizze kin, dizze kear troch selsmoard, om't der foar de beskerming fan 'e wrâld gjin inkeld restant fan in cyborg oerbliuwe mei dat wittenskippers sûnder skrupules weromûntwikkelje kinne.
Yn 'e trêde film, Terminator 3: Rise of the Machines, komt foar de trêde kear in Terminator út 'e takomst werom, no ek wer om John Connor te beskermjen. It Skynet hat nammentlik in noch mear avansearre model Terminator, de T-X, werom yn 'e tiid stjoerd. Diskear komt de Terminator oan 'e ein fan 'e film om by it ferslaan fan 'e T-X. Yn 'e fjirde film, Terminator: Salvation, komt wol in Terminator T-800 foar, mar hat dy mar in tige beheinde rol. De film waard nammentlik makke yn 2008-2009, doe't Arnold Schwarzenegger gûverneur fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje wie en net oan filmproduksjes meiwurkje koe.
Yn Terminator: Genisys, út 2015, wied er wol wer fan 'e partij. Dy film boartet mei it útgongspunt fan 'e earste film. Kyle Reese wurdt troch John Connor werom yn 'e tiid stjoerd nei 1984 om syn mem Sarah te rêden. As er dêr arrivearret, blykt de tiidline lykwols feroare te wêzen troch yngripen fierder tebek yn it ferline. Sarah is net de helpleaze jonge frou dy't Reese ferwachtet, mar in kundige jonge striidster dy't grutbrocht is troch in werprogrammearre Terminator T-800 dy't se 'Pops' ("Heity") neamt.
Yn 'e sechsde film, Terminator: Dark Fate, slagget it in Terminator T-800 einlings om yn 1998 John Connor te deadzjen. Mei't er dêrmei syn taak ferfolle hat en net werom nei de takomst kin, is er frij fan it Skynet. Dat klearret it paad foar in fierdere ûntwikkeling fan syn persoanlikheid, dy't oare Terminators nea trochmakke hawwe. Op in stuit yn dy ûntjouwing wurdt er selsbewust, letter kriget er empaty mei minsken en úteinlik begjint er berou te fielen foar de moard op John. Hy besiket op anonime wize Sarah Connor te helpen en rekket sa úteinlik belutsen by de striid tsjin in nij, heechûntwikkele model Terminator, de Rev-9. By wize fan boetedwaning offeret er op it hichtepunt fan 'e film syn libben op om 'e Rev-9 te ferslaan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |