Springe nei ynhâld

Wookiees

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Wookiee)
In Wookiee.

Wookiees (inkeltal: Wookiee, útspr.: [ˈwukiː]; likernôch: "-kii" mei de w fan "skowe") binne in fiktyf ras fan humanoïde bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. Se binne ôfkomstich fan 'e planeet Kashyyyk (útspr.: [kɑˈʃiːk], likernôch: "ka-sjiik"), dy't in tropysk klimaat hat en foar it meastepart begroeid is mei wâlden. Se sprekke ferskate talen, wêrfan't Shyriiwook it meast brûkt wurdt. Minderheidstalen binne û.m. Thykarann en Xaczik. Wookiees fersteane wol Basaalsk, de lingua franca fan it Stjerrestelsel, mar harren stimbannen hawwe net de juste foarm om dy taal sprekke te kinnen. Wookiees steane oer it algemien wantrouwich foar leden fan oare rassen oer, en dêr hawwe se goede redens foar, mei't se gauris it slachtoffer west hawwe fan slavehellers. As har fertrouwen ienris wûn is, binne se lykwols tige tawijde freonen.

Wookiees ûnderskiede har troch in reuseftich lichemsstal, mei in trochsneed lingte fan 2.20 m. Boppedat binne se oer it hiele lichem begroeid mei in pels fan lang hier, dat ornaris brún fan kleur is, mar ek wyt of swart wêze kin. Mei't se hielendal oerdutsen binne troch har pels, drage Wookiees gjin klean. Oft se no yn 'e woastyn fan Tatooine ferkeare, of yn it tuskenbeiden reinwâld op 'e boskmoanne Endor, of op 'e snieflakten fan 'e iisplaneet Hoth, Wookiees wurde oeral tsjin hjittens en kjeld beskerme troch harren pels. Hoewol't der gjin boarnen binne dy't befêstigje dat George Lucas, de betinker fan Star Wars, harren dêrop basearre hat, lykje de Wookiees fan uterlik tige op hoe't de sasquatch út 'e Amerikaanske folkloare faak foarsteld wurdt.

De krêft fan Wookiees is suver sprekwurdlik. De bekendste Wookiee is Chewbacca, de freon en ko-piloat fan Han Solo yn it romteskip de Millennium Falcon. Han seit op in stuit yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) dat in Wookiee in minske samar de earms fan it liif skuorre kin as er lulk wurdt. Der is gjin ras fan bûtenierdske wêzens yn 'e Star Wars-kanon dy't de Wookiees belykje kin wat poere lichemskrêft oangiet. Wookiees hawwe ek skerpe sintugen; benammen harren rooksin is sterk ûntwikkele. Teffens hawwe se in hiel goede hân-eachkoördinaasje en binne se dêrom trochinoar treflike skerpskutters. It wapen dêr't Wookiees oer it algemien de foarkar oan jouwe, is de 'bôgesmiter' (Ingelsk: bowcaster), in foarm fan 'e krúsbôge, dêr't pylken mei ôfsketten wurde.

Wookiees hawwe in folle langere libbensspanne as minsken. As se net troch geweld of ûngemak oan har ein komme, kinne se ferskate iuwen libje. Chewbacca, bygelyks, is yn 'e oarspronklike Star Wars-trilogy likernôch twahûndert jier âld, mar hy is noch altyd op it hichtepunt fan syn kinnen. Hy is ek te sjen yn 'e film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, dy't tweintich jier foarôfgeande oan 'e oarspronklike filmtrilogy spilet, en teffens yn 'e films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tritich jier letter spylje. Oer dy perioade fan fyftich jier binne der frijwol gjin waarnimbere tekens fan ferâldering by him te bespeuren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa