Springe nei ynhâld

Ynspekteur (plysjerang)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ynspekteur (plysje))
It rangûnderskiedingsteken fan in ynspekteur fan it Korps Nasjonale Plysje (Nederlân).

Ynspekteur is in rang by de plysje yn in protte lannen en territoaria. Yn Nederlân is it by it Korps Nasjonale Plysje in rang dy't leger is as dy fan haadynspekteur, mar heger as dy fan brigadier. Ynspekteurs komme foar by ferskate ûnderdielen fan 'e plysje en ferfolje in liedingjaande funksje. By saneamde wykteams hawwe ynspekteurs yn 'e mande mei in wykteamsjef (almeast in haadynspekteur) de lieding oer en it tafersjoch op it wurk fan 'e aginten, haadaginten en brigadiers. Ynspekteurs kinne ek in spesjalistyske funksje hawwe, bgl. as resjersjeur, sûnder dat se by harren ôfdieling fan 'e resjerzje in liedingjaande rol ferfolje. Fierders kin in ynspekteur teffens helpofsier fan justysje wêze; yn sa'n gefal hat er njonken syn opspoaringsfoech ek in beskaat bykommend straffoarderlik foech. Ta einbeslút hawwe dosinten oan 'e plysje-akademy faak ek de rang fan ynspekteur.

Yn oare lannen kin de plysjerang fan ynspekteur in oare ynfolling hawwe. Sa makket de ynspekteur (inspecteur) yn Belgje diel út fan it basiskader, wat betsjut dat it dêr gjin liedingjaande funksje is. By de plysje yn it Feriene Keninkryk is ynspekteur (inspector) in rang dy't ferlykber is mei dy by de Nederlânske plysje, en itselde jildt mei lytse ferskillen foar oare lannen fan it Britske Mienebêst, lykas Kanada en Austraalje. Yn Frankryk en yn Dútslân komt ynspekteur (inspecteur, resp. Inspektor) tsjintwurdich net mear foar as plysjerang. Yn Itaalje is yn 1981 by de Polizia di Stato de rang fan ynspekteur (ispettore) ynfierd, mar foar wat yn Nederlân in haadagint of brigadier neamd wurde soe.

Yn 'e Feriene Steaten ferskilt de betsjutting fan ynspekteur (inspector) al neigeraden it plysjekorps dêr't er ta heart. Sa is it yn it San Francisco Police Department fan San Francisco de gewoanlike rang fan in resjersjeur, dy't leger is as dy fan captain ("kaptein"). Yn 'e measte Amerikaanske plysjekorpsen, lykas it New York Police Department fan New York en it Metropolitan Police Department of the District of Columbia fan Washington, D.C. is ynspekteur lykwols krekt de rang boppe captain. Datselde gou foarhinne foar it Los Angeles Police Department fan Los Angeles, mar dêr waard de namme fan dy rang yn 1974 feroare yn commander ("oerste") en sûnt komt dêr sadwaande gjin ynspekteurs mear foar. Wer oare plysjekorpsen, lykas it Chicago Police Department fan Chicago, hawwe nea de rang fan ynspekteur hân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.