Download Firefox

Firefox wurdt net mear stipe op Windows 8.1 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox wurdt net mear stipe op macOS 10.14 en leger.

Download Firefox ESR (Extended Support Release) om Firefox te brûken.

Firefox-privacyferklearring

Oandreaun troch in missy. Mooglik makke troch minsken.

Wy binne gjin normaal techbedriuw. De dingen dy’t wy meitsje jouwe de foarkar oan minsken en harren privacy boppe winst. Wy besteane om it ynternet foar elkenien in sûner en lokkiger plak te meitsjen.

‘De sûnens fan it ynternet en it online libben is wêrom’t wy bestean.’

Mitchell Baker, Executive Chair fan de Board, Mozilla Foundation

Mozilla makket produkten dy’t privacy respektearje

‘Mozilla nimt de gok om de wrâld sjen te litten dat der in bedriuw te meitsjen is mei betroubere AI. Dat omfettet it pleatsen fan dingen lykas minskerjochten, gegevensbeskerming en transparânsje sintraal te stellen yn hoe’t dizze komplekse systemen wurkje.’

Politico

Help mei betroubere AI foarm te jaan

It wurk fan Mozilla mei AI is net samar wat nijs – wy hawwe jierren bestege oan it finansieren, bouwen en pleitsjen foar AI dy’t iepen, earlik en ferantwurde ûntwikkele is. Us fokus leit op it meitsjen fan AI dy’t de minsken tsjinnet, foarrang jout oan transparânsje en it publike belang stipet, net bedriuwsaginda’s.

Mear ynfo

Dus, wat is Mozilla?

Yn de kearn is Mozilla in aktivistyske organisaasje ûnder lieding fan de Mozilla Foundation dy’t feroaring makket yn de wrâld troch in ferskaat oan ûndernimmingen, ynklusyf Mozilla Corporation, MZLA, Mozilla Ventures en Mozilla AI. Hoe binne wy oars? Omdat wy troch in misje oandreaun wurde, betsjut it dat wy de frijheid hawwe om al ús besluten te nimmen op basis fan wat it bêste is foar it ynternet en foar elkenien online, net basearre op de easken fan oandielhâlders – dy hawwe wy sels net.

Ynfo oer de Mozilla Foundation
Bou oan ús beweging

Donearje hjoed noch oan Mozilla Foundation om derfoar te soargjen dat it ynternet iepen en tagonklik bliuwt foar elkenien.

Donearje

Striid mei foar in sûn ynternet.

Jo stim. Jo koade. Jo ideeën. Der binne letterlik tûzenen manieren wêrop jo bydrage kinne oan Mozilla.

Wurd frijwilliger bij Mozilla

Dy iene kear dat wy ús boarnekoade fuort joegen…

It Mozilla-projekt waard oprjochte yn San Francisco yn 1998, doe’t de browser Netscape it radikale beslút naam om syn programmakoade oan it publyk fuort te jaan om derop troch te bouwen en te ferbetterjen. Op dat stuit hie ien bedriuw in firtueel monopoalje oer hoe’t minsken it ynternet belibben.

Uteinlik feroare it iepen-boarneprojekt Mozilla yn de hiel populêre earste ferzje fan Firefox.

Tsjintwurdich set Mozilla harren beweging troch nei in better ynternet mei miljoenen aktive mienskipsleden dy’t fan oer de hiele wrâld, pleitsje foar etyske technyk, betroubere AI en produsearje privacyrjochte produkten dy’t mear macht jouwe oan de minsken.