Springe nei ynhâld

Ferdinand Bordewijk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Vysotsky (oerlis | bydragen)
thumbtime
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Uitreiking van de Staatsprijs voor Letterkunde in het Muiderslot Weeknummer 54-22 - Open Beelden - 30893.ogv|thumb|Bordewijk (1954, [[P.C. Hooft-priis]]) ]]
[[Ofbyld:Uitreiking van de Staatsprijs voor Letterkunde in het Muiderslot Weeknummer 54-22 - Open Beelden - 30893.ogv|thumb|thumbtime=1:38|Bordewijk (1954, [[P.C. Hooft-priis]]) ]]
'''Ferdinand Bordewijk''' ([[Amsterdam]], [[10 oktober]] [[1884]] – [[Den Haach]], [[28 april]] [[1965]]) wie in [[Nederlân|Nederlânsk]] [[auteur|skriuwer]] dy't ta de streaming fan de [[nije saaklikens]] en it [[magysk realisme]] rekkene wurdt.
'''Ferdinand Bordewijk''' ([[Amsterdam]], [[10 oktober]] [[1884]] – [[Den Haach]], [[28 april]] [[1965]]) wie in [[Nederlân|Nederlânsk]] [[auteur|skriuwer]] dy't ta de streaming fan de [[nije saaklikens]] en it [[magysk realisme]] rekkene wurdt.



De ferzje fan 16 des 2015 om 22.48

Bordewijk (1954, P.C. Hooft-priis)

Ferdinand Bordewijk (Amsterdam, 10 oktober 1884Den Haach, 28 april 1965) wie in Nederlânsk skriuwer dy't ta de streaming fan de nije saaklikens en it magysk realisme rekkene wurdt.

Libben

Hy studearre rjochten oan'e Universiteit fan Leien. Nei syn stúdzje gong er oant wurk yn Rotterdam op in advokatekantoar. Yn 1916 debutearre er mei de dichtbondel Paddestoelen ûnder pseudonym fan Ton Ven, dat er letter noch in stikmannich keren brûkt hat.

Blokken (1931)
Bint (1934)

Hy krige mear erkenning mei trije koarte romans Blokken (1931), Knorrende beesten (1933) en Bint (1934) en twa langere romans, Rood paleis (1936) en Karakter (1938). Blokken is in roman oer in dystopy (anty-utopy) en ferskynde ien jier earder as Brave New World fan Aldous Huxley, dat er "in enoarme fodde" neamde.

Bordewijk boaske op 1 augustus 1914 mei de Nederlânske komponiste Johanna Roepman (1892 - 1971). Hy hat û.o. it libretto fan har opera Rotonde út 1941 skreaun.

Bordewijk wie aktyf yn it keunstnersferset. Syn hûs waard oan'e ein fan de oarloch ferwoaste troch it bombardemint op it Bezuidenhout. Dêrby gie syn mânske bibleteek ferlern.

Yn de jierren sechtich hawwe in protte nije strjitten yn Den Haach de namme Bordewijk krigen, wêr't de Dreven en de Steden ûnder binne.

Nammen

De nammen dy't er brûkt yn syn romans falle tige op. Yn Bint komt it folgjende riichje foar: Peert – Kiekertak – Bolmikolke – Klotterbooke – Taas Daamde – Whimpysinger – De Moraatz – Van der Karbargenbok – Surdie Finnis - Schattenkeinder. Inkelde nammen út Karakter: Dreverhaven – Katadreuffe – Stroomkoning – Te George – Rentenstein – De Gankelaar. Yn Blokken dizze nammen: Glüschaint - De Marcas - Tannenhof - Tekalopte - Ypsilinti. Al dizze nammen hat er gewoan út it tillefoanboek helle.

Prizen

Bibliografy

  • 1916 - Paddestoelen (ûnder pseudonym fan Ton Ven)
  • 1918 - Een koning van de frase (yn: Groot Nederland)
  • 1919 - Fantastische vertellingen, verhalen
  • 1923 - Fantastische vertellingen, tweede bundel
  • 1924 - Fantastische vertellingen, derde bundel
  • 1931 - Blokken (roman)
  • 1933 - Knorrende beesten; de roman van een parkeerseizoen (roman)
  • 1934 - Bint, de roman van een zender (roman)
  • 1935 - De laatste eer, grafreden
  • 1935 - 't Ongure Huissens
  • 1936 - Rood paleis; ondergang van een eeuw (roman)
  • 1936 - IJzeren agaven; studie in zwart met kleuren
  • 1937 - De wingerdrank (seis novellen)
  • 1938 - Huis te Huur (Boekewykepresint 1938)
  • 1938 - Karakter; roman van zoon en vader (roman)
  • 1940 - De Korenharp
  • 1940 - Drie toneelstukken
  • 1941 - Apollyon (roman)
  • 1944 - Verbrande erven (as Emile Mandeau)
  • 1946 - Eiken van Dodona
  • 1946 - Veuve Vesuvius
  • 1947 - Bij gaslicht (ferhalen)
  • 1947 - Vijf fantastische vertellingen
  • 1948 - Noorderlicht (roman)
  • 1948 - Plato's dood, symfonisch gedicht
  • 1948 - Rotonde (opera)
  • 1949 - Blokken, Knorrende beesten, Bint (bondel)
  • 1949 - Het eiberschild
  • 1949 - Nachtelijk paardengetrappel
  • 1949 - Zwanenpolder; twintig verhalen
  • 1950 - Vertellingen van generzijds
  • 1951 - De korenharp, nieuwe reeks
  • 1951 - Studiën in volksstructuur
  • 1952 - De doopvont
  • 1954 - Haagse mijmeringen
  • 1954 - Mevrouw en meneer Richebois; twintig korte verhalen
  • 1955 - Arenlezing uit De korenharp (karlêzing)
  • 1955 - Bloesemtak
  • 1955 - Onderweg naar Beacons; twaalf korte verhalen
  • 1956 - Geachte confrère; splendeurs en misères van het beroep van advocaat
  • 1956 - Halte Noordstad; vermeerderd met drie eenacters en een monoloog (toanielstik)
  • 1956 - Tien verhalen
  • 1957 - Idem; tien parodieën
  • 1958 - De aktentas, tien korte verhalen
  • 1959 - De zigeuners; twaalf korte verhalen en een schets
  • 1960 - Centrum van stilte; vijf verhalen
  • 1961 - Tijding van ver (roman)
  • 1961 - Paddestoelen (raad in) rijm (onder het pseudoniem Ton Ven)
  • 1962 - Wandelingen door Den Haag en omstreken (ûnder pseudonym fan Ton Ven)
  • 1964 - Lente; zeven verhalen
  • 1964 - Jade, jaspis en de jitterbug (ûnder pseudonym fan Ton Ven)
  • 1965 - De Golbertons
  • 1981 - Dreverhaven en Katadreuffe
  • 1981 - De Joodse cel
  • 1982 - Zeven fantastische vertellingen; nagelaten feuilletons
  • 1982-1991 - Verzameld werk (trettjn dielen)
  • 1983 - Vijf kleine verhalen
  • 1984 - Het vegetarisme van Mr. J.P. de Vries
  • 1984 - De publieke fotolach
  • 1984 - Straatnamen
  • 2005 - Vrouwenhaar
  • 2007 - Nagelaten documenten

Keppeling om utens