1935
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1930 | 1931 | 1932 | 1933 | 1934 | 1935 | 1936 | 1937 | 1938 | 1939 | 1940 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1935 MCMXXXV |
Ab urbe condita | 2688 |
Armeenske kalinder | 1384 ԹՎ ՌՅՁԴ |
Etiopyske kalinder | 1927 – 1928 |
Hebriuwske kalinder | 5695 – 5696 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1990 – 1991 |
- Shaka Samvat | 1857 – 1858 |
- Kali Yuga | 5036 – 5037 |
Iraanske kalinder | 1313 – 1314 |
Islamityske kalinder | 1354 – 1354 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4631 – 4632 辛戌 – 壬亥 |
1935 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1935.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1930-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 13 jannewaris - By it referindum oer de status fan it Saargebiet stimt in romme mearderheid fan 'e befolking foar weropname fan it Saarlân yn Dútslân.
- 11 febrewaris - It Folkebûn rjochtet in arbitraazjekommisje op oangeande it Walwal-ynsidint, dat ta oanboazjende spannings liedt tusken Itaalje en Abessynje.
- 1 maart - Reynkorporaasje fan it Saargebiet yn Dútslân.
- 16 maart - De Dútske diktator Adolf Hitler kundiget de werbewapening fan Dútslân oan.
- 25 maart - Belgje kriget in regear fan nasjonale ienheid ûnder lieding fan premier Paul van Zeeland, mei as doel om 'e ekonomyske krisis op te lossen.
- 12 april - Yn nazy-Dútslân wurde skriuwers fan Joadsk en oar net-Arysk komôf út 'e Reichskulturkammer staat. Se krije boppedat in publikaasjeferbod oplein.
- 17 april - It Folkebûn feroardielet de werbewapening fan Dútslân en stelt sanksjes yn.
- 27 april - Yn 'e Belgyske haadstêd Brussel wurdt de wrâldtentoanstelling iepene.
- 2 maaie - Frankryk slút in militêr bûnsgenoatskip mei de Sovjet-Uny, dat rjochte is tsjin nazy-Dútslân.
- 12 maaie - De (yn eigen lân tige populêre) diktator Józef Piłsudski, dy't Poalen sûnt 1926 regearre hat, komt yn Warsjau te ferstjerren.
- 19 maaie - By ferkiezings yn Tsjechoslowakije behellet de Sudetendútske Partij (SdP) fan Konrad Henlein, de partij fan 'e Dútske minderheid, in grutte oerwinning.
- 10 juny - De Chaco-oarloch tusken Bolivia en Paraguay einiget mei in wapenstilstân yn in Paraguayaanske oerwinning.
- july - Wettersneed yn Sina: by oerstreamings fan 'e Giele River en ferskate lytsere rivieren yn it noardeasten fan it lân komme teminsten 200.000 minsken om.
- 14 augustus - De Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt ûndertekenet as ûnderdiel fan syn herfoarmingsprogramma New Deal de Social Security Act, in wet dy't de ynstelling fan útkearings regelet foar de âlderein, wurkleazen, ynfaliden en widdowen en wezen.
- 29 augustus - De Belgyske keninginne Astrid, de frou fan kening Leopold III, komt yn 'e neite fan it Switserske Küßnacht by in auto-ûngemak om.
- 2 augustus - De Britske Government of India Act giet yn, in wet dy't Britsk-Ynje in foarm fan selsbestjoer jout dy't foar de Britske Konservative Partij fierstente fier giet, wylst er foar de Yndyske nasjonalisten lang net fier genôch giet.
- 10 septimber - De kontroversjele Amerikaanske politikus Huey Long wurdt by in oanslach fermoarde.
- 15 septimber - Op it 7e Kongres fan de NSDAP, yn Neurenberch, wurde de Neurenberger Wetten oannommen, dy't it maatskiplike libben fan Joaden yn nazy-Dútslân fierder beheine en boppedat sterk it near lizze op relaasjes tusken Joaden en net-Joaden.
- 2 oktober - Italjaanske troepen falle Abessynje binne. It begjin fan 'e Twadde Italjaansk-Abessynske Oarloch.
- 10 oktober - It Folkebûn feroardielet mei algemiene stimmen de Italjaanske agresje foar Abessynje oer.
- 10 oktober - By in steatsgreep yn Grikelân grypt generaal Giorgios Kondylis de macht.
- 19 oktober - It leger fan 'e Sineeske kommunisten, oanfierd troch Mao Zedong, foltôget syn Lange Mars.
- 3 novimber - By it Gryksk referindum oer de monargy stimt de mearderheid fan 'e befolking foar in weromkear nei de monargy. Neffens waarnimmers wurdt der lykwols op grutte skaal stimbusfraude dien troch it monargistysk regear fan generaal Giorgios Kondylis.
- 5 novimber - Parker Brothers bringt it boerdspul monopoalje út.
- 24 novimber - Kening George II fan Grikelân keart nei tolve jier út ballingskip werom yn Grikelân om syn keningskip wer op te nimmen.
- 18 desimber - Yn Fenezuëla komt diktator Juan Vicente Gómez, dy't al sûnt 1908 oan 'e macht is, te ferstjerren.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 8 - Elvis Presley, Amerikaansk sjonger († 1977)
- 10 - Ronnie Hawkins, Amerikaansk sjonger († 2022)
- febrewaris
- 12 - Steven H.P. de Jong, Frysk skriuwer en dichter († 2018)
- 16 - Sonny Bono, Amerikaansk sjonger, akteur, en politikus († 1998)
- 19 - Alexandra Terlouw-Van Hulst, Nederlânsk skriuwster en oersetster († 2017)
- maart
- 25 - Peter van Straaten, Nederlânsk cartoonist en yllustrator († 2016)
- april
- 8 - Hans Galjaard, Nederlânsk heechlearaar humane genetika († 2022)
- 11 - Pierre Kartner, Nederlânsk sjonger († 2022)
- 29 - Joop Mink, Frysk skûtsjekipper († 2022)
- maaie
- 3 - Igor Cornelissen, Nederlânske sjoernalist en auteur († 2021)
- juny
- 10 - Martha Wieringa, Frysk hurdrydster († 2008)
- 14 - Jan Nijland, Nederlânsk politikus († 2011)
- 28 - Aad van den Heuvel, Nederlânske sjoernalist, programmamakker en skriuwer († 2020)
- july
- 1 - David Prowse, Ingelsk akteur en gewichtheffer († 2020)
- 9 - Wim Duisenberg, Frysk ekonoom, politikus en bankier († 2005)
- 9 - Isabel Sarli, Argentynsk aktrise († 2019)
- 18 - Otto Bijlsma, Frysk bestjoerder, oprjochter Feanhoopfestival († 2011)
- 22 - Shireen Strooker, Nederlânsk aktrise († 2018)
- augustus
- 7 - Yoná Magalhães Brazyljaansk aktrise († 2015
- 8 - Donald P. Bellisario, Amerikaansk tillefyzjeprodusint, regisseur en senarioskriuwer
- 12 - Tjitte Piebenga, Frysk skriuwer en literatuerkritikus († 2007)
- 28 - Sonny Shroyer, Amerikaansk akteur en sjonger
- 29 - Hugo Brandt Corstius, Nederlânsk skriuwer († 2014)
- 31 - Leen Pfrommer, Nederlânsk reedrydtrainer († 2023)
- septimber
- 3 - Otto Ketting, Nederlânsk komponist († 2012)
- 6 - Sipke Oppedijk, Frysk akteur en kabaretier († 2010)
- 8 - William Vance, Belgysk striptekener († 2018)
- 9 - Rob Herwig, Nederlânsk publisist († 2022)
- 10 - Paul van Vliet, Nederlânsk kabaretier
- 13 - Gerrit Stulp, Frysk organist, dirigint en komponist († 2019)
- 25 - Maj Sjöwall, Sweedsk skriuwster († 2020)
- 29 - Jerry Lee Lewis, Amerikaansk muzikant († 2022)
- oktober
- 4 - Anton Oud, Amelânsk wurdboekgearstaller en taalaktivist († 2006)
- 12 - Luciano Pavarotti, Italjaansk operasjonger († 2007)
- novimber
- 8 - Alain Delon, Frânsk akteur († 2024)
- 17 - Judith Boer, Frysk byldzjend keunstner († 2013)
- 18 - Erling Mandelmann, Deensk fotograaf († 2018)
- desimber
- 11 - Ferdinand Alexander Porsche, Dútsk ûntwerper fan lúkse auto's († 2012)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 30 jannewaris - Gerben Nammens Bouma, Frysk dokter en politikus (* 1858)
- 15 febrewaris - Jelle Dam, Frysk timmerman, oannimmer en politikus (* 1857)
- 16 febrewaris - Bonne Hylkema, Frysk ûnderwizer en skriuwer (* 1862)
- 18 maaie - T.E. Lawrence (Lawrence of Arabia), Ingelsk militêr (* 1888)
- 10 july - Johan Bernard Schepers, Nederlânsk skied- en letterkundige (* 1865)
- 12 july - Alfred Dreyfus, Frânsk militêr (* 1859)
- 30 july - Nann Peter Mungard, Noardfrysk taalkundige (* 1849)
- 19 septimber - Konstantin Tsiolkovsky, Russysk romtefeartpionier (* 1857)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- toaniel
- Federico García Lorca, Doña Rosita la Soltera o Las Lenguaje de las Flores (oerset yn it Frysk as Doña Rosita Is Frijfaam of De Taal fan de Blommen)
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jierren: | 1930 | 1931 | 1932 | 1933 | 1934 | 1935 | 1936 | 1937 | 1938 | 1939 | 1940 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|