Afrikaanske leppelbek
Afrikaanske leppelbek | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Platalea alba | ||||||||||||
Scopoli, 1786 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Afrikaanske leppelbek (Platalea alba) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e wylpreagerfûgels (Threskiornithidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei 90 sm is de Afrikaanske leppebek likernôch like grut as de Europeeske leppelbek. It fearrekleed is suver wyt, de poaten binne rôzeread en it gesicht is read. De snaffel is griis en hat reade rânen.
Gedrach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgels libje yn grutte, ûndjippe wiete gebieten by marren, rivieren, opslachmarren ensafuorthinne. It iten bestiet út lytse fisken, wringeleazen, kreeften en ynsekten. Der is gjin fêste briedtiid, dy't ôfhinklik is fan it ferspriedingsgebiet en fan it fallen fan rein. Yn it west fan Afrika briedt de fûgel yn 'e drûge tiid, yn East- en Sintraal-Afrika meast yn 'e reintiid en yn Súd-Afrika yn 'e winter of iere maitiid. De fûgels bouwe in grut ovaal nêst fan tûken en reit yn beammen boppe wetter. Afrikaanske leppelbekken briede yn koloanjes fan 5 oant 20 pearkes, somtiden sels oant 250 pearkes, leafst mei oare fûgelsoarten. Ek bûten de briedtiid is it in sosjale fûgel, dy't tegearre foerazjearje en rêste.
Afrikaanske leppelbekken foerazjearje yn leech wetter troch mei de snaffel hinne en wer te swyljen. De fûgel is foar in part in trekfûgel en siket by drûchte om wietere gebieten.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt yn in grut part fan Afrika súd fan 'e Sahara foar. Ut en troch wurdt de Afrikaanske leppelbek ek sjoen yn Jemen, dêr't de fûgel besocht hat te brieden. Yn Oman is it in dwaalgast. Ek yn Europeeske lannen lykas Nederlân komt de fûgel wolris as dwaalgast foar.[1] De Afrikaanske leppelbek is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Afrikaanske leppelbek hat in grut ferspriedingsgebiet. Yn Madagaskar wurdt de soarte earnstich bedrige troch de ferneatiging fan ferskillende koloanjes. Ek hat de soarte te lijen fan it drûchlizzen fan wiete gebieten. Doch klassifisearret de IUCN de fûgel op 'e Reade list as net bedrige. Der wurdt oannommen dat de populaasje oer it generaal stabyl is en it oantal wurdt neffens BirdLife International tusken de 7.300 en 73.000 folwoeksen fûgels rûsd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Leppelbek
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Kaapverdje
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn de Komoaren
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Majot
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn de Seysjellen
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Uganda