Springe nei ynhâld

As it jo wil is

Ut Wikipedy
As it jo wil is
algemiene ynformaasje
artyst Gerrit Breteler
album In Frysk Earbetoan Oan Leonard Cohen - Cohen In Het Fries
taal Frysk
útbrocht 2008
skriuwer Leonard Cohen
resultaten
covers Grytz en Grize

'As it jo wil is' is in muzyknûmer fan de Fryske sjonger en keunstner Gerrit Breteler. It liet is in cover fan If it be your will fan de Kanadeeske sjonger Leonard Cohen.

It nûmer ferskynde yn 2008 op it album In Frysk Earbetoan Oan Leonard Cohen - Cohen In Het Fries in muzykalbum dêr't in tal tige ferskillende Fryske muzikanten lietsjes songen fan de Kanadeeske sjonger/dichter/lietskriuwer Leonard Cohen, dy't oerset binne yn it Frysk. De útfierende artysten neame har De Partisanen. Cohen skreau it nûmer as If it be your will dat yn 1984 ferskynde op it album Various positions. It arranzjemint is fan Peter van der Zwaag. It liet dat 3.35 minuten duorret waard oersetten troch Gerrit Breteler. Op de grand piano spilet Peter van der Zwaag, de bandoneon wurdt bespile troch Christiaan van Hemert.

Foar it projekt Cohen in het Fries waard Breteler frege doe't it nûmer oerbleau. It coverjen waard lestiger troch de religieuze aspekten dêrfan. Breteler besocht de ynhâld fan it liet tichter by de Friezen te bringen mei taal, mar ek mei metafoaren. Sa skriuwt Cohen bygelyks oer bergen yn If it be your will oer heuvels. Omdat der yn Fryslân gjin heuvels fan betsjutting binne, feroare Breteler de Ingelske tekst

If it be your will
That a voice be true
From this broken hill
I will sing to you

yn de Fryske ferzje:

As it jo hân is
De wiisheid no
Fan '‘t fertoarke strân is
Dan sjong ik foar jo

It nûmer wurdt in soad draaid yn krematoariums. Foar Gerrit Breteler is it bysûnder dat minsken yn dizze tiid fan ûnttsjerkliking treast sykje yn syn nûmer.
In 2018 waard it liet covere troch Grytz en Grize foar de muzykrubryk fan Omrop Fryslân. Yn dat programma wurde artysten troch Raynaud Ritsma útdage om in liet út de Fryske Top 100 te coverjen, mar wol in liet dat fier fan har eigen styl ôf stiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: