Springe nei ynhâld

Battle at Big Rock

Ut Wikipedy
Battle at Big Rock
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Colin Trevorrow
produsint Patrick Crowley
Frank Marshall
senario Emily Carmichael
Colin Trevorrow
kamerarezjy Larry Fong
muzyk Amie Doherty
filmstudio Amblin Entertainment
distribúsje Universal Pictures
NBCUniversal Television Distr.
spilers
haadrollen André Holland
Natalie Martinez
Melody Hurd
Pierson Salvador
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 15 septimber 2019
foarm koarte film
sjenre science fiction-horrorfilm
taal Ingelsk
spyltiid 10 minuten
filmsearje
filmsearje Jurassic Park

Battle at Big Rock is in Amerikaanske science fiction-horrorfilm út 2019 yn 'e foarm fan in koarte film fan 10 minuten. De rezjy waard fierd troch Colin Trevorrow, en de wichtichtse rollen waarden spile troch André Holland en Natalie Martinez. De titel betsjut "Slach by Big Rock". De koarte film heart ta de Jurassic Park-filmsearje en kin yn 'e gronology fan dy searje pleatst wurde koart nei de ein fan 'e lange film Jurassic World: Fallen Kingdom (2018). It ferhaal folget in Amerikaansk gearstald gesin dat te kampearjen giet yn Noardlik Kalifornje en behelle rekket yn it earste treffen tusken de op it Amerikaanske fêstelân loslitten dinosauriërs en de minske. Battle at Big Rock belibbe syn premiêre op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder FX en is no fergees te sjen op 'e webside fan filmstudio Amblin Entertainment.

In jier nei't der dinosauriërs yn 'e wyldernis fan it Amerikaanske fêstelân loslitten binne (sjocht: Jurassic World: Fallen Kingdom), giet in gearstald gesin yn in camper te kampearjen yn it (fiktive) Nasjonaal Park Big Rock yn Noardlik Kalifornje. De húshâlding bestiet út 'e swarte Dennis, syn Latino-frou Mariana, Dennis syn dochter út in eardere relaasje Kadasha fan tsien, Mariana har soan út in eardere relaasje Mateo fan acht en it bern fan Dennis en Mariana tegearre, in poppe.

Op in jûn nei tsjuster sit de húshâlding smûk yn 'e eigen camper op in kampearplak dêr't ek oare campers steane om in mienskiplik kampfjoer hinne. Se binne noch oan it iten as der op in stuit in mânske Nasutoceratops mei in jong op it kampfjoer ôf komt. Alle kampearders dy't noch bûten wiene, flechtsje harren campers yn. De húshâlding fan Dennis en Mariana sjocht út it rút fassinearre ta, op it stuit dat der ynienen in Allosaurus ferskynt, dy't besiket it Nasutoceratops-jong op te fretten. De mem beskermet har jong, dat midden tusken de campers ûntjout him in fjochtpartij tusken twa dinosauriërs.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De folwoeksen Nasutoceratops rekket ferwûne, en it sjocht der min foar it bist en har jong út, as der ynienen út 'e omlizzende bosken in trêde Nasutoceratops ferskynt, dy't harren te help komt. Twa fan 'e folwoeksen bisten kin de Allosaurus net oan, dat hy jout it oer, en de beide Nasutoceratops flechtsje mei it jong. De poppe fan Dennis en Mariana kiest dat stuit út om lûd te begjinnen mei gûlen.

Dat lokket de Allosaurus nei de camper fan it gesin ta, dy't er op 'e side rôlet. Dêrnei besiket er fan 'e efterkant nei binnen ta te brekken, wêrby't er op in hier nei de poppe berikt, dy't fêst sit yn 'e poppestoel. Dennis en Mariana witte it bern krekt op 'e tiid los te krijen. Underwilens flechtet Kadasha troch it stikkene dakrút, dat no oan 'e sydkant fan 'e camper sit, nei bûten ta. Dennis, Mariana, Mateo en de poppe sykje beskûl hielendal efteryn de camper, mar de Allosaurus begjint dy útinoar de brekken om by harren te kommen.

Op dat stuit wurdt der in pylk op 'e kop fan 'e Allosaurus ôfsketten, wat it bist net noflik fynt om't it deunby syn each ynslacht. As der noch ferskate oare pylken folgje, beslút de Allosaurus syn iten op in oar plak te sykjen en naait er út. Dennis en Mariana komme efter út 'e camper wei en sjogge troch it dakrút Kadasha mei in krúsbôge stean. Noch yn shock oer wat der yn in pear minuten tiid foarfallen is, krûpe se inoar oan.

Under de ôftiteling wurde der mei de mobile tillefoan opnommen bylden sjen litten dy't sabeare weromfûn binne. Dêryn is te sjen hoe't in kliber fan lytse, fierhinne ûngefaarlike Compsognathus efter in bang lyts famke oan draaft; hoe't in oerstekkende Stegosaurus op in berchwei feroarsaket dat in passearjende auto oer de râne fan in klif riidt; hoe't in boatsje mei angelfiskers fredich by in Parasaurolophus oan 'e riviersigge lâns komt; hoe't in Mosasaurus in wite haai ferslynt dy't in seeliuw ferslynt; en hoe't in wjukte Pteranodon in wite do ferskalket dy't loslitten wurdt by in trouwerij.

André Holland.
Natalie Martinez.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise         
Dennis, de heit André Holland
Mariana, de mem Natalie Martinez
Kadasha, de dochter Melody Hurd
Mateo, de soan Pierson Salvador


byrollen
personaazje          akteur/aktrise
de poppe Noah en Ethan Cole
Greg, de buorman Chris Finlayson

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It idee foar Battle at Big Rock kaam fan 'e filmstudio Universal Pictures, dy't Colin Trevorrow, de regisseur fan Jurassic World (2015) en útfierend produsint fan Jurassic World: Fallen Kingdom, frege oft er ek belangstelling hie om in koarte film te meitsjen yn it ramt fan 'e Jurassic Park-franchise. Hy gie dêrop yn en fierde sadwaande sels de rezjy oer wat in film fan tsien minuten waard. Trevorrow skreau, tegearre mei Emily Carmichael, ek it senario fan Battle at Big Rock. As produsinten wiene Patrick Crowley en Frank Marshall by it projekt belutsen foar Amblin Entertainment, it bedriuw fan Steven Spielberg. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Larry Fong, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Amie Doherty.

De opnamen foar Battle at Big Rock fûnen yn jannewaris 2019 plak yn Ierlân, dêr't in bosk mammoetbeammen krekt bûten Dublin sterk liek op 'e nasjonale parken yn it noarden fan Kalifornje. In grut diel fan 'e opnamen waard filme mei in hânkamera, mei't Trevorrow witte woe oft it publyk sa'n filmstyl yn 'e kontekst fan 'e Jurassic Park-filmsearje akseptearje soe (hy konkludearre neitiid dat dat yndie sa wie). De dinosauriërs waarden yn 'e postproduksje tafoege troch Industrial Light & Magic (ILM), it special effects-bedriuw fan George Lucas.

De distribúsje fan Battle at Big Rock waard fersoarge troch Universal Pictures en NBCUniversal Television Distribution. It wie oarspronklik de bedoeling dat de koarte film yn augustus 2019 yn 'e bioskoop útkomme soe as foarfilm fan Hobbs & Shaw. Dat gie net troch. Yn septimber fan dat jier waard bekendmakke dat Battle at Big Rock ynstee op 15 septimber syn premiêre op 'e Amerikaanske tillefyzje belibje soe op it tillefyzjekanaal FX. Dêrnei kaam Battle at Big Rock fergees beskikber op it ynternet fia YouTube en de webside fan Amblin Entertainment. The Battle of Big Rock waard fan 2022 ôf ek ferspraat as bonusfilmke op 'e dvd en blu-ray fan 'e lange film Jurassic World: Dominion.

Troch sawol de filmkritisy as de fans fan Jurassic Park waard Battle at Big Rock oer it algemien posityf ûntfongen. Yn 'e Britske krante The Guardian neamde Stuart Heritage de koarte film sels "fierwei it bêste [diel] fan 'e [Jurassic World-]searje". En Josh Millican fan Dread Central omskreau Battle at Big Rock as "in smaaklike lytse traktaasje".

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Jurassic Park (filmsearje)
Jurassic Park (1993) • The Lost World: Jurassic Park (1997) • Jurassic Park III (2001) • Jurassic World (2015) • Jurassic World: Fallen Kingdom (2018) • Battle at Big Rock (2019, koarte film) • Jurassic World: Dominion (2022)