Springe nei ynhâld

Bergenske Skoalle

Ut Wikipedy
Portret fan Jan Toorop, fan John Rädecker, Museum Kranenburgh, Bergen (NH)
Polygoonsjoernaal: In memoriam John Rädecker, dy 't by de groep fan de Bergenske Skoalle hearde

De Bergenske Skoalle (Bergense School) is in streaming yn de Nederlânske skilderkeunst tusken 1915 en 1925 dy 't karakterisearre wurdt troch in ekspresjonistyske styl mei kubistyske ynfloeden en donkere tinten. De keunstners wennen en wurken yn of tichtby it keunstnersdoarp Bergen yn Noard-Hollân.

De skilders hiene in foarkar foar it stillibben en de minsklike figuer. De beweging waard in earste orizjinele utering fan wat letter it Nederlânske ekspresjonisme hjitte soe.

Yn Bergen (NH) hawwe al in soad Nederlânske keunstners libbe en wurke; it plak is bekend as 'keunstnerskoloanje'. Tusken 1915 en 1925 krige de Bergense School dêr yn de Nederlânske skilderkeunst stal. De measte skilders fan de groep fûnen ticht byinoar húsfesting oan de Buerwei, yn de buorskip Westdoarp, tusken Bergen en Bergen oan See.

De Frânske skilder Henri Le Fauconnier en de Nederlânske skilder Piet van Wijngaerdt wiene grûnlizzers fan dizze streaming. Se krigen in soad neifolging fan jonge skilders, dy 't tsjin it ympresjonisme agearren, krekt sa 't dat yn Frankryk barde mei it fauvisme en yn Dútslân mei it ekspresjonisme. De skilderkeunstige teoryen fan de groep binne troch Le Fauconnier foar in grut part opskreaun yn it tydskrift Het Signaal. De keunsthistoarikus Friedrich Markus Huebner wie de earste dy 't deroer skreau. [1]

Fertsjintwurdigers fan de streaming

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ta de meast oansprekkende en konsekwinte keunstners, dy 't ta de groep fan Bergenske avant-gardisten rekkene wurde, hearden Charley Toorop, Leo Gestel en John Rädecker. Benammen de Amsterdamske keunstsamlers Piet Boendermaker [2] en Kees Baard soargen foar de bekendheid fan de Bergenske Skoalle. By de Bergenske skoalle wurde ek rekkene:

Besibbe skilders binne fierder Jelle Troelstra, Henri ten Holt, Bernard Essers, Hendrik Chabot en Thé Lau. De skilders Karel Colnot, Jaap Min en Henk van den Idsert binne fan in lettere generaasje, mar se binne harren skilderkeunst yn de trant fan de Bergense School begûn. Letter keazen se in oar paad.

Besibbe streamingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Henri Le Fauconnier wie al yn 1912, mei Fernand Léger en Piet Mondriaan, lid fan de Amsterdamske Moderne Kunstkring. Yn Grins waard yn 1917-1918, in pear jier nei it ûntstean fan de Bergense School, De Ploeg oprjochte. De sintrale figuer dêr wie Jan Wiegers. Dêr waard ek ekspresjonistysk wurke, mar wol waard it kleurepalet hiel wat útbundiger hantearre. De Ploeg waard yn de wize fan skilderjen troch it Dútske ekspresjonisme fan Ernst Kirchner beynfloede en maatskiplik troch it opkommende sosjalisme.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
literatuer
  • D.A. Klomp, In en om de Bergense School, Strengholt, Amsterdam: 1943; fannijs printe Pirola, Schoorl, 1995
  • R. Smithuis, J.R. de Lorm en C. Oomkens, Bergense School 1914-1925, de eerste Hollandse expressionisten, 2015.
  • Patricia Bracke-Logeman & Maria Smook-Krikke, Rondom de Bergense School 1910-1940. Swolle: WBOOKS, 1916
Noaten