Springe nei ynhâld

Betheltsjerke (Ljouwert)

Ut Wikipedy
Bethel
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Ljouwert
adres Huzumerleane 102
koördinaten 53° 11' N 5° 48' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Kristlik-grifformeard
Arsjitektuer
arsjitekt Arsjitekteburo Bokhorst-Geels, Arnhim
boujier 1986
Webside
Kristlike Grifformearde Gemeente
Kaart
Betheltsjerke (Ljouwert)
Betheltsjerke

De Bethel is de tsjerke fan de kristlike grifformearde gemeente fan Ljouwert.

Ynterieur

Healwei juny 1893 waard de kristlik grifformearde gemeente yn Ljouwert oprjochte. De earste kristlik-grifformearde tsjerke stie oan it Mûnepaad 19. De jonge gemeente telde inkelde tsjientallen leden dy't oer in grut diel fan de provinsje ferspraat wennen. Mei de feriening fan de dolerearjenden mei de ôfskiedenen yn Ljouwert yn 1898 krige de kristlik-grifformearde gemeente der yn ien klap sa'n fyftich leden by, itjinge mear as in ferdûbeling fan de gemeente betsjutte. De binnenskippers dy't tsjerkten yn it gebou fan it Mûnepaad joegen oan de kristlik-grifformearde tsjerke yn Ljouwert de namme Skipperstsjerke.

De kristlik-grifformearden wurken nau gear mei de kristlike grifformearde gemeente fan Suwâld, dy't letter troch it oergien fan de tsjerkeried en in tal leden nei de Grifformearde Tsjerke yn it neigean rekke. Wat oerbleau fan de kristlik-grifformearde gemeente yn Suwâld bleau noch jierren lang bestean, mar lang om let gyng de gemeente op yn de Ljouwerter gemeente.

De gemeente groeide foars, sadat der in nije tsjerke oan de Wybrand de Geeststrjitte boud wurde moast, dy't de namme Bethel krige. Unienigens yn de gemeente brocht al gau nei it yn gebrûk nimmen fan de nijbou in delgong yn it tal leden. Dat wie lykwols foar koarte tiid, want stadichoan groeide it tal leden oant sa'n 600 yn 1931, sadat de tsjerke ferboud en de galerij fergrutte wurde moast. Fanôf 1956 krigen de kristlik-grifformerden ek in gebou yn Huzum foar tsjerketsjinsten; earst yn it boarterstúngebou "Gerard Dou" en letter yn de eardere beukerskoalle De Rank oan de Huzumerleane.

Van Dam-oargel

De tsjintwurdige tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1986 waard neffens in ûntwerp fan it arsjitektenburo Bokhorst-Geels út Arnhim de hjoeddeiske Betheltsjerke oan de Huzumerleane op it plak fan De Rank boud. De âlde tsjerke oan de Wybrand de Geeststrjitte waard ferkocht en ferboud ta appartemintenkompleks.

It Van Dam-oargel yn de Betheltsjerke stamt út de eardere tsjerke oan de Wybrand de Geeststrjitte en waard oarspronklik boud yn 1916.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]