Blood Rites (roman fan Jim Butcher)
Blood Rites | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jim Butcher | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | fantasy | |
1e publikaasje | 2004, New York | |
oarspr. útjwr. | Roc Books | |
rige | ||
rige | The Dresden Files | |
● foarich diel | Death Masks | |
● folgjend diel | Dead Beat | |
kodearring | ||
ISBN | 0 45 14 63 358 |
Blood Rites is in roman fan it fantasysjenre skreaun troch de Amerikaanske auteur Jim Butcher. De titel betsjut "Bloedrituëlen", mar it is in wurdboarterij, mei't it itselde klinkt as Blood Rights, "Bloedrjochten". Dy beide betsjuttings wize op 'e ûnderwerpen fan it boek: fampieren en famyljebannen. De roman, dy't skreaun is yn it ik-perspektyf, foarmet it sechsde diel fan 'e romansearje The Dresden Files, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. It folget as sadanich op Death Masks. Yn Blood Rites wurdt de help fan Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, ynroppen troch de wite fampier Thomas Raith yn in saak dy't Harry belûkt by de pornoyndustry en Thomas syn oersekste famylje. Fan gefolgen komt Harry in geheim op it spoar dat syn libben foar altyd feroarje sil. Blood Rites waard yn 2004 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Roc Books. Yn 2006 waard it boek troch de Science Fiction Book Club werpublisearre yn 'e omnibusedysje Wizard at Large, mei Dead Beat, it sânde diel fan The Dresden Files.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blood Rites iepenet as Harry Dresden, praktisearjend tsjoender en privee-detektive te Chicago, in doaze jonghûntsjes rêdt. De bisten binne hillige Tibetaanske mastifen, dy't ôfstamje fan in godlike beskermgeast en in stjerlike hûn. Se binne troch in warlock stellen út in kleaster heech yn 'e Himalaya, en Harry hat der klauwen oan om oan 'e demoanen te ûntkommen dy't troch de warlock oproppen binne om 'e jonghûntsjes te bewekjen. Hy leveret de bisten op 'e Ynternasjonale Lofthaven O'Hare ôf by in tankbere boedistyske mûnts, dy't daliks ôfset werom nei Tibet. As neitiid blykt dat ien fan 'e jonghûntsjes yn Harry syn âld auto út 'e doaze klommen is en him ûnder de sjauffeursstoel deljûn hat, is de mûnts al fuort, en mei't it kleaster net oer tillefoan beskikt, kin Harry gjin kontakt mei de eigners opnimme. It gefolch is dat Harry in nij húsdier krigen hat, al wit er it op dat stuit sels noch net.
Underwilens wurdt Harry om help frege troch Thomas Raith, in fampier fan it Wite Hôf. Wite fampieren binne de meast op minsken lykjende fampieren, dy't net op bloed tarre, mar har fiede mei minsklike emoasjes, benammen ûnder it hawwen fan seks. (Eins binne it dus mear ynkuby en sukkuby as wiere fampieren.) Se binne net sa boppenatuerlike sterk of hierargysk organisearre as de fampieren fan it Reade Hôf, noch hawwe se de njoere magyske krêften fan 'e 'klassike' fampieren fan it Swarte Hôf. Oan 'e oare kant hawwe se likemin de swakten fan dy oare beide soarten fampieren, en kinne se bygelyks gewoan yn direkt sinneljocht omkuierje of knyflok ite of by wize fan sprekken yn wijwetter baaie sûnder dat har dêr wat fan oerkomt. Dat makket it maklik om te ferjitten dat wite fampieren ek meunsters binne. Thomas Raith is in rike playboy en de soan fan 'e kening fan it Wite Hôf. Harry en hy hawwe yn it ferline in kear gearwurke (sjoch: Grave Peril), en letter hat er hat Harry in kear holpen tsjin it Reade Hôf (sjoch: Death Masks). Thomas sels hold doe út dat syn help berne wie út langst nei wraak op 'e reade fampieren, mar hy hie ek op in oare wize wraak nimme kinnen. Dat no't Thomas Harry om in tsjingeunst freget, betinget Harry dat Thomas him yn ruil dêrfoar fertelle moat wêrom't er him earder holpen hat.
De saak dêr't Thomas Harry by belûkt, is dy fan regisseur Arturo Genosa. Dyselde hat koartby in eigen filmstudio oprjochte, mar der binne yn koarte tiid al twa froulju dy't foar him wurkje op aparte wize omkommen. Ien fan harren die de kofferbak fan in auto iepen, dêr't in swaarm bijen yn bliek te sitten dy't har deastieken, wylst de oare omkaam doe't se rekke waard troch in auto (dy't fan in brêge slingere waard) wylst se oan it wetterskyen wie. Genosa, dy't frijwat byleauwend is, mient dat der in flok oer him útsprutsen is, en Thomas wol dat Harry ris besjocht oft dêr wat fanoan is. Harry is skeptysk, mar jout ta dat it om in gaosbetsjoening gean kin. Hy giet mei Thomas nei in feestje yn in appartemintekompleks dêr't ek Genosa oanwêzich is, om 'e saak mei de man sels te bepraten. Op it parkearterrein foar it flatgebou wurde se oanfallen troch in swarte fampier, en inkeld it grânzgjen fan it lytse jonghûntsje, dat de fampier blykber fan in ôfstân al fernimt, jout Harry genôch tiid om it wêzen fan him ôf te slaan mei in wetterballon fol wijwetter dêr't er altyd in stikmannich fan yn 'e auto lizzen hat. Op it feestje komt Harry yn 'e kunde mei Genosa, en de beide mannen prate ôf dat Harry ûndersyk dwaan sil nei de mooglike flok. Dêrfoar sil er mei yngong fan 'e folgjende dei undercover gean as produksje-assistint en hantsjemuoisfeint op 'e set fan Genosa syn film. Pas neitiid fertelt Thomas him dat Genosa pornofilms makket.
De swarte fampier dy't him earder dy jûns oanfoel, koe Harry werom as ien fan Mavra har kloft. Mavra is in âlde, machtige swarte fampier dêr't Harry alris earder in konfrontaasje mei hân hat (sjoch: Grave Peril). Dat sy wer yn Chicago is, betsjut dat se wraak nimme wol op Harry. Dy beslút dêrom diskear om ris yn it offinsyf te gean ynstee fan ôf te wachtsjen, en Mavra en har hiele kloft út te skeakeljen ear't se himsels út 'e ljochten helpe kinne. Dêrta moat er sjen te ûntdekken wêr't Mavra-en-dy har beskûlhâlden, en dan by ljochtskyndei dat plak binnenkringe om in houten staak troch it hert fan 'e fampieren te stekken en harren de holle ôf te slaan. Sadwaande stjoert Harry de moarns earst Bob derop út. Bob is in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op 'e boekeplanke yn Harry syn geheime laboratoarium. Hoewol't er net goed oer sinneljocht kin, is er by steat om Harry syn kat Mister te besetten. Harry hopet dat Bob ûntdekke kin wêr't Mavra-en-dy har ophâlde.
Om't sokken as Mavra oer it algemien minsklike trewanten hawwe dy't harren oerdeis, as se kwetsber binne, bewekje, hat Harry ferlet fan help. Sadwaande lit er, ear't er fan hûs ôfset, boadskippen efter op 'e antwurdapparaten fan in pear bekenden fan him. In trêde persoan dy't er om help freget, is syn freondinne Karrin Murphy, it haad fan 'e Spesjale Undersyksiendheid fan 'e Plysje fan Chicago, dy't er opsiket op har wurk. Se seit ta him te helpen mei de fampieren, en fierders jout se ta Harry syn ferheardens oan dat sneon foar har it bêst útkomme soe, om't de Murphys dan famyljedei hâlde, en se ferlet hat fan in jildich ferlechje om dêr net hinne te hoegen. Nei't er Murphy troaid hat om 'e rest fan 'e dei foar it jonghûntsje te soargjen, bejout Harry him nei de set fan Genosa syn film.
Dêr komt Harry yn 'e kunde mei Jake Guffie (alias Jack Rockhardt), in freonlike pornoakteur, en dy syn opfokte, agressive kollega Bobby. Ek moetet er Joan Dallas, de produsinte fan 'e film, fan wa't Harry yn namme de assistint is. Al rillegau nei syn oankomst merkt Harry in weach fan swarte magy op, dy't by him en Joan lâns giet yn 'e rjochting fan 'e klaaikeamers fan 'e akteurs. Hy hastiget him dy kant út en wit troch fluch en kordaat yngripen it libben te rêden fan ien fan 'e aktrises, Giselle. Hja stie ûnder de dûs doe't it wetter ynienen gleonhjit waard. Doe't se dêrfoar tebekwykte, foel se troch de glêzen wand fan 'e dûssel, wêrby't se har sels op in hier nei de kiel trochsnie. Wylst se de bliedend op 'e flier bedarre, foel de lampe út it plafon, sadat se elektrokutearre wurden hie yn har eigen bloed as Harry net fanwegen kommen wie. Wylst Giselle yn 'e ambulânse nei it sikehûs brocht wurdt, en Joan dêr ek hinne giet mei Jake, dy't ek in elektryske skok hân hat, wurdt de produksje oant healwei de middei stillein.
Dat jout Harry de tiid om ris te beprakkesearjen wa't it op 'e froulju om Arturo Genosa hinne foarsjoen hawwe kin. Want hoewol't it yndie om in flok giet, is him no wol dúdlik dat de betsjoening net tsjin Genosa sels rjochte is. No hat Genosa trije kear troud west, mar eks-frou nû. 1, Madge Shelly (alias Elizabeth Guns), dy't Harry de jûns tefoaren op it feestje moete hat, hat in soad jild yn Genosa syn nije filmstudio ynvestearre, en sil dus finansjeel ferlies lije as it bedriuw gjin súkses wurdt. Eks-frou nû. 2, Lucille Delarossa (alias Raven Velvet), hat Harry noch net moete, mar neffens Genosa is hja net yntelligint genôch om soks te betinken. En eks-frou nû. 3, Tricia Scrump (alias Trixie Vixen) is de haadrolspylster fan Genosa syn film, en hat nei gedachten ek gjin reden om 'e opnamen te sabotearjen. Miskien, tinkt Harry, moat er de dieder earder sykje by Silverlight Studios, de filmstudio dêr't Genosa koartby by wei gien is, en dêr't er syn hiele filmcrew en al syn akteurs fan 'stellen' hat.
As Harry op it kantoar fan syn detektiveburo komt, wurdt er dêr opwachte troch de hierling Jared Kincaid, dy't yn it ferline sjen litten hat dat er wol rie wit mei fampieren. Hy is ien fan 'e beide persoanen dy't Harry earder dy deis opbelle hat om him te helpen en weef ôf mei Mavra-en-dy. Hoewol't Harry net wit hoe't er it jild opbringe moat dat Kincaid foar syn tsjinsten hawwe wol, nimt er him al oan, ek al warskôget Kincaid him dat er Harry deadzje sil as dy neitiid net mei it ôfsprutsen bedrach oer de brêge komt.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Harry besiket ûndersyk te dwaan nei de pornoyndustry, mar it docht bliken dat alle ynformaasje dêr't er ferlet fan hat op it ynternet stiet. Om't magy en technology as wetter en fjoer binne, kin Harry net mei kompjûters omgean. As er sels mar yn deselde keamer is as der sa'n avansearre apparaat oanstiet, feroarsaket dat sûnder mis in crash. Dat, Harry set dat wer út nei it plysjeburo, dêr't Murphy wurket, en freget har om foar him guon dingen op it ynternet op te sykjen. Murphy is segriniger as normaal, en as Harry witte wol wat deroan is, blykt dat se problemen mei har famylje hat. De Murphys binne Ierske roomsen, en Murphy har twa skiedings hawwe ta spannings laat tusken har en har mem. Dat se gjin inkeld útsicht hat op in nije relaasje (se hat sels al yn gjin twa jier in ôfspraakje hân), makket de saak allinnich mar minder. No't har jongere suster harsels ferloofd hat, is se der wis fan dat op 'e famyljedei fan 'e Murphys, kommende sneon, alderhanne ûnderwerpen oansnien wurde sille dy't sy leaver rêste litte soe. Se sjocht der dêrom as in berch tsjinop en siket wanhopich nei in ferlechje om der net hinne te hoegen. Harry, dy't hielendal gjin famylje hat, mei't syn mem by syn berte ferstoarn is en syn heit oan in oerhaal beswykt is doe't er seis jier wie, kin him mar dreech yn Murphy har sitewaasje ferpleatse. Hy jout har de rie om der net fanút te gean dat har famylje der altyd wêze sil, mar ynstee om se te wurdearjen no't se se noch hat.
As er dy middeis weromkeart op 'e filmset, wurdt Harry dêr ferwolkomme troch Inari, in tinerfanke dat de assistinte fan Arturo Genosa is. Hy bepraat mei Genosa wat er oant safier ûntdutsen hat op it mêd fan 'e flok. De regisseur fertrout him ta dat er op syn letst de folgjende deis syn film foltôgje moat om't er oars syn bedriuw (en dêrmei syn hiele fermogen, dat er dêryn stoppe hat) kwytreitsje sil. Hy stiet dus slim ûnder tiidsdruk. Harry komt fierders yn 'e kunde mei de haadrolspylster, Trixie Vixen, Genosa syn trêde eks, in jonge frou dy't harsels as it mulpunt fan it universum sjocht en alle oaren as har tsjinstfolk behannelet. Trixie is tige tsjep fan uterlik, mar har skientme falt yn it neat njonken dy fan Lara Romany, de aktrise dy't Genosa oanlutsen hat om it plak yn te nimmen fan 'e ferwûne Giselle. Lara is de âldere suster fan Inari; hja hie har pornografyske karriêre eins al beëinige, mar sil, om Genosa út 'e brân te helpen, noch ien kear meispylje yn in pornofilm. As Harry har foar it earst sjocht, kin er inkeld noch oan seks mei har tinke en flybket er der suver oer. Nei't se har mei Genosa ôfjûn hat, beseft er dat syn reäksje op har net normaal wie. Hy riddenearret dat Lara, dy't dizenich op Thomas liket, grif eins Raith hjit en in fampieresse fan it Wite Hôf is, oftewol in sukkubus. Harry begrypt no hoe't Thomas by Genosa belutsen rekke is, en risselwearret om him in terwinkel op 'e noas te jaan de folgjende kear dat er him sjocht.
Koarte tiid letter wurdt der in knoffelige moardoanslach op Harry dien mei in blaaspiip en in mei gif ynsmaard pylkje. Harry sjocht dat mear as in warskôging om him mei syn eigen saken te bemuoien ynstee fan as in serieus besykjen ta moard, mar hoe dan ek, it makket him allinne mar koppiger. Neitiid wurket Harry op 'e set wylst der opnamen dien wurde, en komt er ta de ûntdekking dat pornoseks inkeld yn 'e fierte wat te krijen hat mei wiere seks. Desyllúzjonearre konsintrearret er him op oare dingen. Sa makket er út in petear dat Inari op 'e mobile tillefoan hat op, dat sy in relaasje hat mei akteur Bobby. As er yn 'e skaden efteryn de loads dêr't de filmset opboud is, in gluorker gewaar wurdt dy't fuortglûpt sadree't er foar it ferstân kriget dat Harry him sjoen hat, set Harry de efterfolging yn. Bûtendoar wit er de keardel yn te heljen en te oermasterjen. It blykt Thomas te wêzen, en Harry jout ta oan syn eardere frustraasje troch him yndie op 'e noas te slaan.
Ear't Thomas útlizze kin wat er op 'e set die, wurde de beide mannen ûnderbrutsen troch de mei twa derringers bewapene Lara Romany, dy't yndie, sa blykt no, eins Lara Raith hjit. Hja is de âldste suster fan Thomas, en se wol witte wat Harry Dresden op har filmset útfynt. Harry sels is dêr ek wol benijd nei en spilet de fraach troch oan Thomas. Ut Thomas syn antwurd kin opmakke wurde dat Harry syn belutsenens by de film fan Genosa op 'e iene of oare wize ûnderdiel is fan in plan fan Thomas om syn heit, de kening fan it Wite Hôf, fan 'e troan te stjitten. As Lara dat foar it ferstân kriget, ferklearret se him foar gek. Thomas besiket har oer te heljen en smyt de lapen mei him gear, mar sy is derfan oertsjûge dat har heit koarte metten meitsje sil mei Thomas en eltsenien dy't him stipet. Om foar te kommen dat har heit ea wat hearre sil fan har belutsenens by de saak, beslút se Thomas en Harry dea te sjitten. Thomas liedt har lykwols langernôch ôf foar Harry om syn magy op te roppen en in see fan fjoer op Lara ôf te stjoeren. Wylst hja ûntkomt, kriget Harry Thomas op, dy't yn syn boarst sketten is, en draacht him werom nei de filmloads.
Deunby it gebou komme se Inari tsjin, dy't ek in suster fan Thomas wêze moat. It docht lykwols bliken dat de fampieryske aard fan har famylje en alle oare boppenatuerlike dingen foar it fanke geheim holden binne. Se hat sadwaande alhiel gjin aan fan wat der oan 'e hân is. Harry sjocht har yn it tsjuster earst oan foar Lara, en lost in skot op har mei syn pistoal, mar mist. Inari mient dêrom mar dat Harry ek Thomas delsketten hat, en as se de kâns kriget, huft se Harry mei syn eigen toverstêf op holle. As Lara wer opdûkt, liket it spul foar Harry, dy't mar amper mear by bewustwêzen is, útspile te wêzen, mar krekt op dat stuit ferskine der trije fampieren fan it Swarte Hôf, dy't behalven fan Harry ek fijannen binne fan it Wite Hôf. Harry sprekt in reservoir fan magyske enerzjy oan dat er yn 'e gasp fan syn rym opslein hat, sadat er syn wurgens en syn ferwûnings ferjit. Hy en Lara prate gau in bestân fan fjouwerentweintich oeren ôf. As Harry op 'e nij in weach fan swarte magy oankommen fielt, dy't diskear tsjin Inari rjochte is, "sûcht" er mei syn eigen tsjoenderij de macht fan 'e flok út it fanke sadree't it har rekket, en jout er it troch oan ien fan 'e swarte fampieren. In momint letter falt der in beferzen kalkoen út 'e loft, dy't troch de wurking fan 'e flok nei alle gedachten út in oerfleanend fleantúch rûgele is. It ding rekket de swarte fampier mei de krêft fan in kanonskûgel en ferpletteret him alhiel. In twadde swarte fampier wurdt troch Lara Raith deade as se him de de holle fan 'e romp skuort, wêrnei't nûmer trije it hazzepaad kiest. Underwilens hat Inari yn it gefjocht in pols en har noas brutsen, wylst Thomas frijwol bewusteleas rekke is troch syn skotwûne.
Op fersyk fan Lara bringt Harry de trije Raiths mei syn âld auto nei de filla ta dy't har famylje yn Chicago besit. Hja komme dêr tagelyk oan mei de limûsine fan 'e kening fan it Wite Hôf, dy't fjouwer liifwachten hat, twa manlju en twa froulju, dy't ienaaiïge twillingen binne. Yn opdracht fan 'e kening, dy't, ta Harry syn skrik, blykt te witten wa't Harry is, bringe Lara en Harry Thomas nei syn keamer ta, dêr't syn (minsklike) freondinne Justine op him wachtet. Thomas is troch syn ferwûnings sa ferrêde fan honger dat er net mear wit wat er docht, en hoewol't er fan Justine hâldt, sil it perfoarst har dea wurde as er himsels yn dizze steat mei har emoasjes fuorret. Justine hâldt lykwols ek fan Thomas, en kin him net oan syn lot oerlitte. Wylst Lara har ôfjout om Inari nei de dokter te bringen, besiket Harry om 'e nocht en bring Justine op oare gedachten. Uteinlik rekket it reservoir fan magyske enerzjy út syn gasp op en stoart Harry yn. Justine helpt him op har eigen bêd en giet dan nei Thomas ta. As Harry de oare moarns foar it lemieren wekker wurdt en Thomas wer hielendal opbettere oantreft, wylst der fan Justine gjin spoar is, wurdt er poerrazen op Thomas. Hy wit lykwols dat it Thomas syn heit wie dy't opdracht jûn hat om Thomas by Justine te bringen, wylst er krekt wist wat der dan barre soe. Harry beseft dat er eins lulk op himsels is, want wat Thomas en Justine oerkommen is, hat sprekkende oerienkomsten mei wat himsels en syn eardere freondinne Susan Rodriguez oerkommen is (sjoch: Grave Peril). It is as sjocht er yn 'e spegel, wat er sjocht, befalt him alderminst.
As Harry him yn in útfanhûzerskeamer dûst en skeard hat, komt in healneaken Inari dêr binnen mei de earm yn it gips. Se besiket it oan te lizzen mei Harry, en har fampieryske magy wurdt him oermânsk, sadat er him oan har oerjout. Op it lêste stuit, lykwols, bart der wat dêr't Inari har troch baarnt en se kriget neitiid tsjûke blierren op har lippen. Thomas arrivearret en nimt de folslein betize Inari mei, en as er letter weromkomt, leit er oan Harry út wat der bard is. Inari, dy't noch altyd neat ôfwit fan har eigen fampierysk komôf, stiet op it punt om foar it earst har eigen krêften as in wite fampier te ûntwikkeljen. Har heit, de kening fan it Wite Hôf, besiket har yn dy rjochting te triuwen, en hie har dêrom nei Harry ta stjoerd. Om't by wite fampieren de earste kear dat se har fuorje mei de emoasjes fan in minske altyd yn 'e dea fan it slachtoffer resultearret, wie dat tagelyk in oanslach op Harry syn libben. Foar wite fampieren, dy't harren benammen fiede mei gefoelens fan lust, is leafde lykwols suver giftich. De lêste kear dat Harry seks hie, wie mei Susan, fan wa't er wier hâldt, en sadwaande wurdt er troch dy leafde noch altyd beskerme tsjin wite fampieren, ek al is it hast in jier lyn sûnt er Susan foar it lêst sjoen hat. Dêrom krige Inari blierren op 'e lippen doe't se, poer ynstinktyf, besocht om harsels mei syn emoasjes te fuorjen.
It is Thomas syn doel om Inari te rêden. As se harsels, de earste kear dat se gebrûk makket fan har krêften as wite fampier, fuorret mei de emoasjes fan immen fan wa't se wier hâldt, en dy't ek fan har hâldt, sil dat net har slachtoffer, mar de demon dy't yn alle wite fampieren libbet, deadzje. Dêrnei kin se dan in normaal libben as gewoane minske hawwe. Dêrom hat Thomas de relaasje fan Inari en Bobby besocht oan te moedigjen. It lot dêr't er Inari fan besiket te rêden is net inkeld in bestean as fampier. Harren heit, de kening fan it Wite Hôf, hat it nammentlik foar de moade om ynsest mei al syn dochters te hawwen en himsels mei harren gefoelens te fieden om syn dominânsje oer harren te bewizen. Syn soannen binne allegear ûnder mysterieuze omstannichheden omkommen; Thomas is inkeld sa âld wurden as er is, troch him oanhâldend foar te dwaan as playboy en liddichgonger, en trochdat Justine en Harry him ferskate kearen rêden hawwe doe't er troch de manipulaasje fan syn heit yn in libbensgefaarlike sitewaasje belâne wie. Thomas fertelt Harry dan ek einlings wêrom't er him troch de jierren hinne ferskate kearen holpen hat: Thomas syn mem wie Margaret Gwendolyn LeFay, deselde frou dy't ek Harry syn mem wie: hja binne healbruorren. It duorret even ear't Harry dat nijs akseptearre hat en beseft wat it betsjut.
Dy deis is it sneon, en Harry hat in moeting mei Murphy en Kincaid om harren aksje tsjin Mavra-en-dy troch te praten ear't Murphy nei har famyljedei giet. It yn 'e kunde kommen fan Murphy en Kincaid giet wat stroef as Kincaid it nedich fynt om Murphy op 'e proef te stellen. Neitiid jout Murphy oan Harry de ynformaasje troch dy't se fan it ynternet en fan har eigen kontakten yn Los Angeles gearfandele hat oangeande Genosa en de saak fan 'e flok. Dêrtroch beseft Harry ynienen dat de swarte magy fan 'e flok eltse kear op deselde tiid arrivearret: omrekkene nei de tiidsône fan Los Angeles is dat om trettjin minuten foar de middeisoere of om trettjin minuten foar midsnacht. Der is gjin inkele reden om dat sa te dwaan, of it moat wêze dat men net by steat is om it op in oare wize te dwaan. Dêrtroch komt Harry ta de reälisaasje dat er hjir mei magy fan dwaan hat dy't opwekke wurdt mei in ritueel, ynstee fan 'e magy fan in tsjoender of in oare beoefener. Rituële magy is wat dat eltsenien brûke kin, ek as men totaal gjin talint foar magy hat, troch sekuer de regels fan in ritueel út te fieren.
It is op dat stuit likernôch in oere foar't der wer in weach fan swarte magy ferwachte wurde kin, dat Harry hastiget him werom nei de filmset, dêr't er prikken yn it wurk steld om 'e swarte magy op te fangen en te wjerkeatsen nei de stjoerder. Hy lit him dêrby helpe troch akteur Jake Guffy, dy't him ûnderwilens fertelt dat Genosa grif in nije leafde fûn hat, mei't de man net te geniten is as er tusken relaasjes yn is. Dat bringt Harry op in nij idee, dat hy skillet Murphy op om har te freegjen hoe't it sit mei Genosa syn fermogen. Hja fertelt dat er testaminte hat oan ferskate goede doelen en oan syn trije eksen. Se fynt ek in nije troufergunning foar in fjirde houlik, dat mei koarten sletten wurde sil, mar de namme fan 'e oansteande breid is ûnlêsber. Wol kin se derút opmeitsje dat Genosa syn nije houlik net op houlikse betingsten slút, wat betsjut dat by syn ferstjerren syn hiele fermogen nei syn nije frou giet en de trije eksen it neisjen hawwe. Dat klinkt Harry yn 'e earen as in motyf. Op dat stuit komt Tricia Scrump de keamer binnen, dy't it snoer fan 'e tillefoan út 'e wand skuort en Harry ûnder skot hâldt mei in pistoal. Se hâldt sels in mobile tillefoan oan it ear, dêr't se opdrachten troch liket te ûntfangen. Harry riddenearret dan dat Tricia en wa't dy dan ek mar mei gearwurket sels ek net witte wa't de nije frou fan Genosa wurde sil, en dat se dêrom eltse mooglike kandidate, d.w.s. alle froulju om him hinne, ien foar ien oan it fermoardzjen binne.
Tricia seit dat se der inkeld foar soargje wol dat Harry him net mei de swarte magy bemuoit, en se lit him witte dat se syn tsjinmaatregels útskeakele hat. In doelwyt fan 'e flok is diskear Emma, in sympatike aktrise mei wa't Harry de foargeande deis yn 'e kunde kommen is, en dy't twa jonge bern hat. Harry besiket Tricia op oare gedachten te bringen, mar as er in nije weach swarte magy oankommen fielt, beseft er dat de tiid om is. Hy grypt Tricia beet en wrakselet mei har om it pistoal, dat dêrby ferskate kearen ôfgiet. As er har úteinlik ûntwapene hat, sjocht er dat de ferdwaalde kûgels dwers troch de doar fan 'e keamer hinne gien binne, en as er de doar iependocht, leit Emma oan 'e oare kant, mei skotwûnen yn har boarst en foarholle. De kâns dat twa ferdwaalde kûgels in minske persiis op dy plakken reitsje is fansels frijwol nihyl, dat it is dúdlik dat de swarte magy fan 'e flok hjirfoar ferantwurdlik is. As de oare leden fan 'e crew en cast, dy't op it lûd fan it sjitten ôfkomme, Harry mei it pistoal yn 'e hân oer it lyk fan Emma hinne bûgd stean sjogge, konkludearje se dat hy har deasketten hat, temear om't Tricia dy ferzje fan 'e foarfallen daliks mei útset lûd begjint te ferkundigjen. Harry beseft dat er op syn minst dagenlang fêstsitte sil as er himsels arrestearje lit troch de plysje, en dat er dan neat tsjin 'e folgjende weach fan swarte magy dwaan kinne sil. En om't hy wit dat Tricia Scrump efter de flok sit en fermoedet dat hja ûnder ien tekken skûlet mei de oare beide eksen fan Genosa, wit hy tefolle, dat hy sil sûnder mis it folgjende doelwyt fan 'e flok wêze. Dat betsjut dat er tolve oeren hat om 'e saak op te lossen, wylst er yn 'e tuskentiid ek noch Mavra-en-dy moat sjen út te skeakeljen. Harry makket dêrom dat er fuortkomt wylst de crew en cast noch te ferbjustere binne oer de dea fan Emma om him te oermasterjen.
Hy bejout him nei syn appartemint om wat foarrieden yn te slaan, om't er mei koarten net mear thús komme kinne sil sûnder dat de plysje him dêr opwachtet. Wylst er dêr is, komt syn kat Mister ek thús,, dy't noch altyd beset wurdt troch Bob. Dyselde fertelt Harry dat er ûntdutsen hat wêr't Mavra har ophâldt: yn in tehûs foar dakleazen yn ien fan 'e mindere wiken fan Chicago. Dêr hat se behalven ûnderhearrige swarte fampieren ek minsklike trewanten, dy't se betsjoend hat om se har frije wil ôf te nimmen. Boppedat hâldt se ek ferskate dakleazen en meiwurkers fan it tehûs finzen om se (letter) as iten of mooglik as minsklik skyld te brûken. It sil dus in hiele toer wurde om Mavra út te skeakeljen sûnder minsklike slachtoffers te meitsjen. Harry wurdt bûten syn appartemint oppikt troch syn âlde mentor en pleechheit, de tsjoender Ebenezar McCoy út Missouri, dy't de twadde persoan is dy't er de foargeande moarns opskille hie. Ebenezar, dy't alris earder gedoente hân hat mei Mavra, seit ta dat er besykje sil om derfoar te soargjen dat Mavra har eigen tsjoenderij net brûke kin wylst Harry, Murphy en Kincaid har skûlplak yngeane en har en de oare fampiers út 'e ljochten helpe.
Harry hellet Murphy op yn in park dêr't in pear hûndert Murphys famyljedei hâlde. Hy komt dêr yn 'e kunde mei har mem, Marion, en is der tsjûge fan Murphy har ûntdekking dat de nije ferloofde fan har jongere suster Lisa eins har eigen eks-man Rich is. Murphy nimt dat net goed op, en it wurdt noch helte minder as har ferteld wurdt dat Rich, in FBI-agint, oerpleatsing oanfrege hat nei Chicago en fan doel is om him mei Lisa yn Murphy har stêd nei wenjen te setten. Sadwaande is Murphy lichtlik agitearre as se mei Harry de famyljedei ferlit. Har yn 'e kunde kommen mei Ebenezar McCoy ferrint lykwols in stik better as de moeting tusken Ebenezar en Kincaid, dy't âlde fijannen blike te wêzen en inoar daliks te liif gien hawwe soene as Harry der net tusken sprongen wie. Hy wit harren, mei muoite, derfan te oertsjûgjen om har op de saak fan no te konsintrearjen en gjin âldsear op te heljen. Kincaid hat ûnderwilens in groepke meiwurkers fan it Reade Krús ûnderskept en ôfpoeierje, dy't yn it tehûs foar dakleazen in aksje hâlde soene om bloed yn te sammeljen foar de bloedbank. Kincaid hat se wiismakke dat er in plysjeman is, en dat der yn it tehûs in undercoveroperaasje oan 'e gong is. De Reade Krús-lju hawwe dêrom in betide lunch ynpland. It is foar Kincaid in kâld keunstke om wat klean út harren bestelbuske te stellen, sadat hy, Murphy en Harry ferklaaid as Reade Krús-meiwurkers it tehûs binnenkringe kinne.
Yn it gebou komme se guon lju tsjin dy't troch Mavra betsjoend binne. Dêrfan binne der twa soarten: lju dy't inkeld har frije wil ôfnommen is en lju fan wa't de hiele persoanlikheid ferplettere is en dy't omfoarme binne ta uterst agressive meunsters. De lju út 'e earste kategory, de saneamde 'slaven', sille úteinlik wer ta harsels komme, mar de lju út 'e twadde kategory, dy't Harry-en-dy nei it personaazje yn Bram Stoker syn roman Dracula oantsjutte as 'renfields', binne net mear te rêden en sille binnen in pear wiken deagean. De seis lju op 'e begeane grûn fan it tehûs lykje slaven te wêzen, mar om dêr wis fan te wêzen, brûkt Harry syn boppesintúchlike waarnimming, dy't him de dingen sjen lit sa't se wier binne (mar dat him ek nea wer ferjitte lit wat er op dy wize sjoen hat). It docht bliken dat der mank de slaven ien renfield is, en as dy him oanfalt, wurdt Harry oer de grûn smiten, sadat er omrôlet en syn blik de oare kant út giet. Harry sjocht dan in ljochtsjend wêzen, in ingel allyk, dat oer him hinne stapt en de renfield mei in ôfseage jachtgewear delsjit. Hy beseft dat dat Murphy wêze moat. Efter har sjocht er in reuseftich demoanysk wêzen mei lange hoarnen en útsprate flearmûzewjukken, dat sa grut is dat it him bûge moat om ûnder it plafon te passen: it is dúdlik dat Kincaid net de wierheid spriek doe't er sei dat er in gewoane minske wie.
Nei't se de fiif willeaze slaven út it gebou brocht hawwe, bejouwe Harry, Murphy en Kincaid har trijeresom by de trep del nei de kelder fan it tehûs. Dêr treffe se yn in opslachromte in stikmannich bern oan dy't dêr mei keatlings fêstset binne oan 'e muorre. By de doar fan it keammerke hawwe Mavra-en-dy in anty-personielsmyn pleatst, mar Kincaid sjocht mei it bleate each de ynfrareade ljochtstrielen yn it doarsgat. Murphy, fierwei de lytste fan 'e trije, wjirmet har tusken de ûnderste diagonale striel en de doarpost troch en set op ynstruksje fan Kincaid útein mei it ûntwapenjen fan 'e myn. Mavra kiest dat stuit út om in oanfal te dwaan op Harry, dy't de efterhoede bewekket. Mei't se earder sjoen hat hoe't Harry mei in skyld fan ferhurde luchtdieltsjes messen, klauwen, tosken en sels kûgels tsjinhold, hat se besletten wat nijs te prebearjen en stjoert se in pear trewanten mei flammewerpers op him ôf. Harry syn skyld hâld wol de flammen tsjin, mar net de hjittens, en syn lofterhân rekket slim ferbrând. As er de skyldbetsjoening net mear hâlde kin, ropt er in hurde wyn op, dy't it fjoer en de brânstof út 'e flammewerpers weromsmyt nei Mavra har trewanten. Tsjin dy tiid hawwe Murphy en Kincaid de myn ûntwapene. Wylst Murphy Harry de opslachromte binnen helpt, hâldt Kincaid Mavra har trewanten op in ôfstân. Hy wurdt lykwols al rillegau ûnder de foet rûn. Harry lit Murphy de myn wer op skerp sette en foarmet in nij skyld oer himsels, Murphy, de bern en Kincaid hinne, dy't op it lêste momint de keamer yndûkt. As de myn ôfgiet, blaast dy Mavra har trewanten alhiel oan gruzeleminten.
Neitiid ferbynt Kincaid provisoarysk syn eigen wûnen en set dan ôf om Mavra har ûnderhearrige fampieren yn harren deadskisten in staak troch it hert te huffen en de holle ôf te slaan. As er weromkomt, seit er dat der fan Mavra neat oer wie, mar krekt op dat stuit doemt hja efter him op, en Harry rêdt Kincaid syn libben troch de âlde fampier te besjitten mei in paintballgewear dat laden is mei wijwetter en knyflok. Der is dêrnei net folle fan Mavra oer, mar Kincaid nimt it wisse foar it ûnwisse en hout har likegoed de holle ôf. Tsjin dy tiid stiet it tehûs yn ljochte lôge. Murphy en Kincaid befrije de bern en bringe se mei Harry nei bûten ta, dêr't Kincaid him ôfjout mei it boadskip dat er op syn letst tiisdei (oer trije dagen) Harry syn betelling op syn bankrekken ferwachtet. Murphy en Ebenezar bringe de bern nei de Tsjerke fan 'e Hillige Marije fan 'e Ingels ta, dêr't pastoar Forthill him oer harren ûntfermet. Harry makket dat net mear bewust mei.
Hy wurdt in pear oeren letter thús, yn syn appartemint, wekker. Murphy fertelt him dat Ebenezar derop útgien is om foarrieden te heljen dêr't er wat mei dwaan kin foar Harry syn freeslik ferbrânde hân. Se fertelt ek dat er der foarearst net oer yn hoecht te sitten dat de plysje him oppakke sil foar de moard op Emma: de plysje siket nei ien dy't Barry of mooglik Larry hjit. Harry beseft dat Tricia sa dom en op harsels rjochte is dat se nea de muoite nommen hat om syn namme te learen. Hy beseft ek dat Genosa en de oare leden fan 'e cast en crew, dy't wol deeglik witte hoe't er hjit, dat stilholden hawwe moatte foar de plysje. Murphy as klankboerd brûkend, riddenearret Harry út dat de trije eksen fan Genosa ta de moarden manipulearre wurde, simpelwei om't se sels net yntelligint genôch binne of genôch kunde fan magy hawwe om 'e moarden te dwaan sa't se dien binne. Der komt him in útspraak fan Lara Raith tebinnen, dy't op in stuit sei dat Genosa in "ynterne kwestje fan it Wite Hôf" wie. Harry tinkt no dat it Wite Hôf in grut diel fan 'e Amerikaanske pornoyndustry yn 'e hannen hat en dat it ek de eigner is fan Silverlight Studios, de filmstudio dêr't Genosa by weigien is om foar himsels te begjinnen. Hy rekket derfan oertsjûge dat it de kening fan it Wite Hôf is dy't úteinlik efter alle moarden om Genosa hinne sit.
As Ebenezar weromkomt, ûnderstiet Harry syn âlde learmaster oer dy syn kunde oan Kincaid. Ebenezar fertelt dat er yn it ferline ferskate kearen gedoente hân hat mei Kincaid, dy't noch âlder is as hysels, en de soan is fan in demoanyske heit en in minsklike mem. Neffens him hie Kincaid yn it ferline de bynamme de 'Hellehûn', en wurke er foar Vlad II Dracul, de heit fan Vlad de Speetser, op wa't Bram Stoker it personaazje fan greve Dracula basearre. "Swartstêf", sa't Kincaid Ebenezar neamde, blykt gjin bynamme te wêzen, sa't Harry earst tocht, mar in titel: de swartstêf is in lid fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, dy't oansteld is troch de Hege Ried fan dy organisaasje. It is syn taak om yn te gripen as de wetten op it mêd fan 'e tsjoenderij, dy't de Wite Ried ynsteld hat, tsjin 'e Wite Ried brûkt wurde. De swartstêf hoecht him yn sokke gefallen as iennichste tsjoender net oan dy wetten te hâlden. Foar Harry, dy't Ebenezar altyd as syn grutte foarbyld en as in rjochtskepen man beskôge hat, komt dy ûntboezeming as in grutte desyllúzje. As er trochfreget, jout Ebenezar ta dat Harry as opslûpen jonge troch de Wite Ried by him pleatst is, nei't er syn eardere learmaster, de warlock Justin DuMorne, fermoarde hie, om't Ebenezar as iennichste it rjocht hie om Harry te deadzjen. Hy hie fan 'e merlyn en de oare leden fan 'e Hege Ried de opdracht krigen om dat te dwaan sadree't Harry ek mar de minste opstannigens blike liet. Mar as de swartstêf hoegde Ebenezar him neat fan 'e Hege Ried oan te lûken, en dat died er dan ek net.
Ebenezar fertelt Harry ek dat syn mem, Margaret LeFay, by syn berte stoarn is troch in flok dy't Thomas Raith syn heit, de kening fan it Wite Hôf, har oplein hie. Harry rekket breinroer fan lulkens en wol daliks de âlde Raith te liif, mar Ebenezar warskôget him dat Raith ymmún is foar tsjoenderij. Dat wit er út eigen ûnderfining, mei't er sels trije kear besocht hat om him te fermoardzjen. As Harry him nei de reden freget dat er Raith ombringe woe, komt Ebenezar mei syn grutste geheim op 'e lapen: hy wie net inkeld Harry syn learmaster, mar ek de learmaster fan Harry syn mem. Harry fielt him ferret trochdat Ebenezar sa'n wichtich ding al dy jierren foar him geheim holden hat. Wylst er bekomt fan 'e skok, fersoarget Ebenezar Harry syn ferbrânde hân, wêrby't er mei magyske middels de bloedsomrin wer op gong wit te bringen en tydlik de pine ferdôvet. Neitiid wiist in opsternate Harry syn âlde learmaster lykwols it gat fan 'e doar.
Harry besiket dêrnei Thomas op te skiljen, mar Inari nimt op, dy't him fertelt dat Thomas ûnder bedriging mei in pistoal meinommen is troch ien fan 'e liifwachten fan harren heit. Harry kriget dan Lara Raith oan 'e tillefoan, mei wa't er it op in akkoartsje goaid. Hy ûnthjit har dat er har de macht yn it Hûs Raith en oer it hiele Wite Hôf jaan sil, en yn ruil dêrfoar wol er trije dingen. Yn it foarste plak wol er Thomas sûn en wol werom. Oard wol er dat it Wite Hôf ophâldt mei syn bemuoienissen mei Arturo Genosa. En trêd wol er dat Lara har suske Inari útleit hokfoar famylje se út komt en har de frije kar jout om in wite fampier te wurden of net. Lara wol witte wêrom't Harry sa yn noed sit oer Thomas, en as se trochfreget, is Harry twongen om har te fertellen dat se healbruorren binne. As Lara ienris Harry syn motiven begrypt (en ûnderwilens ek noch in stikje ynformaasje krigen hat dat se mooglik letter foar sjantaazjedoelen brûke kin), stimt se yn mei Harry syn foarstel.
Murphy pikt Harry by syn appartemint op 'e motor op en tegearre bejouwe se har nei it lânhûs fan 'e Raiths. Dêr moetsje se net inkeld Lara, mar ek Inari en har freon Bobby. Dyselden helpe immen nei bûten ta dy't Harry earst oansjocht foar in krebintich âldwyfke, mar by neier ynsjen blykt it Justine te wêzen, dy't noch libbet om't Thomas sa fan har hâldt dat er him, doe't er himsels mei har libbenskrêft fuorre, op it alderlêste stuit foar har dea fan har losskuord hat. Lara leit út dat dat eins ûnmooglik wêze moatte soe. It is dúdlik dat Thomas der sels gjin weet mear fan hat en mient dat er Justine deade hat. Likegoed is Justine tige by tige ferswakke, en har hier is alhiel griis wurden. Troch har mystike bân mei Thomas kin se lykwols oanjaan dat er deunby is en yn hokker rjochting. It docht bliken dat Thomas him yn in grot op it lângoed fan 'e Raiths befynt dy't de Djipten hjit. Dêr is in ûnmjitlik djippe kleau dy't de Raiths brûke om 'e stoflike omskotten fan harren slachtoffers yn te smiten.
Foar't se dêrhinne kinne, kriget ien fan 'e manlike liifwachten fan 'e kening fan it Wite Hôf harren yn it each en nimt it selskip ûnder fjoer. Harry wurdt yn 'e rêch rekke, mar syn mei betsjoenings beklaaide lange learene jas hâldt de kûgel tsjin. Bobby rint in skotwûne yn it skouder op as er Inari út 'e wei fan in skot skuort, en Inari sels brekt by de fal in kaaibonke. Ear't de liifwacht nochris fjurje kin, sjit Murphy him dea. Lara bliuwt efter om in ambulânse te skiljen foar Bobby en Inari, en om it lyk fan 'e liifwacht fan har heit te fertsjustermoanjen. Underwilens sette Harry en Murphy ôf nei de Djipten, wêrby't Harry ûnderweis mei tsjoenderij ôfweeft mei de oare manlike liifwacht en ien fan 'e froulike liifwachten fan 'e kening fan it Wite Hôf, dy't har de wei tichtsette wolle. As se by de grot arrivearje, wurde se lykwols opwachte troch kening Raith sels en de twadde froulike liifwacht, dy't harren finzen nimme. Harry ferget Raith mei wurden troch te sizzen er net hielendal ymmún is foar magy: de deadsflok fan Harry syn mem Margaret hat der nammentlik foar soarge dat Raith sûnt har dea gjin libbensenerzjy fan oaren mear ta him nimme kinnen hat, en dat dêrom syn reservoir fan magy sa stadichoan frijwol leech is. It is mar in teory dy't by Harry opkommen is, mar oan 'e reäksje fan Raith merkt Harry dat er it by it rjochte ein hat. Raith jout him lykwols te kennen dat er troch Margaret har beide soannen te fermoardzjen frij wêze sil fan har deadsflok, en dat er fan doel is om him neitiid te bûten te gean oan 'e libbensenerzjy fan Murphy.
Yn 'e mei elektrisiteit ferljochte grot wurde se opwachte troch in fêstbûne en tramtearre Thomas en Genosa syn eksen Madge en Tricia. Nûmer trije, Lucille, sa leit Raith út, wie ferantwurdlik foar de ûnnoazele oanfal mei de blaaspiip op Harry, en doe't se de jûns tefoaren Raith syn dochter Inari as doelwyt útsocht, hied er syn nocht fan har. Sadwaande hat er har as minske-offer brûkt foar it ritueel fan dy moarn, dat ta de dea fan Emma late. Harry syn útlokjende fragen en opmerkings soargje derfoar dat Madge en Tricia rûzje krije, wêrby't Madge, dy't blykber wol deeglik in beskaat talint foar tsjoenderij hat, in klibjende substânsje opropt en dy yn Tricia har gesicht slacht. Tricia kin dêrtroch net mear sykhelje, mar noch ear't se alhiel stikt is, smyt Raith har oer de râne fan 'e kleau, de tsjustere djipte yn, dêr't se úteinlik tepletter falt. Madge begjint dêrnei it ritueel dat einigje moat mei de dea fan sawol Thomas as Harry.
De sirene fan in ambulânse fersteurt Raith syn plannen, en as er op ûndersyk útgiet, deadet Murphy de lêste froulike liifwacht en befrijt Harry. Madge kin dêr neat tsjin dwaan, want as se it ritueel ûnderbrekt, sil it weromslaan op harsels. Oan 'e oare kant kinne Harry en Murphy Thomas net rêde, om't dy him by Madge yn har magyske sirkel befynt, en om't it ferbrekken fan dy sirkel net inkeld Madge har dea, mar ek Thomas sines wurde soe. As Raith weromkomt, springe Harry en Murphy him op 'e hûd, mar hy wit harren ôf te skodzjen en docht it ljocht út. Mei't hy yn it tsjuster sjen kin en sy net, jout dat him in grut foardiel. Tsjin dy tiid neamt Madge yn 'e opsizzing fan 'e rituële formule einlings de namme fan 'e demon dy't se opropt, en dat is, ta Harry syn grutte skrik, gjin wiere demon, mar Hy Dy't Efternei Rint, in bûtensteander, in wêzen fan oarekant de Bûtenste Poarten, mei wa't Harry yn syn jonkheid alris earder nauwerneed in konfrontaasje oerlibbe hat.
Underwilens slûpt Murphy de magyske sirkel yn en begjint Thomas los te meitsjen. Trochdat se de sirkel ferbrutsen hat, is Hy Dy't Efternei Rint lykwols frij om te gean en stean dêr't er wol as Madge ienris dien is mei it oproppen fan him. Ear't Murphy Thomas hielendal befrije kin, wurdt se bewusteleas slein troch Raith. Harry besiket syn tsjoenderij tsjin Raith yn te setten, mar ûntdekt dat dy dêr yndie ymmún foar is. Madge is dat lykwols net, en as se risselwearret om Thomas oan Hy Dy't Efternei Rint te offerjen, skuort Harry mei syn magy har it mês út 'e hannen en smyt it oer de râne fan 'e ôfgrûn. Dêrop besiket Raith it mei syn eigen mês, mar Harry drukt dat mei syn tsjoenderij fansiden, sadat it stikkenbrekt op 'e rots dêr't Thomas op fêstset is. Om't der gjin offer is, grypt Hy Dy't Efternei Rint dejinge dy't him oproppen hat, Madge, en nimt ynstee har libben. Ear't it wêzen weiwurdt yn 'e wrâld, warskôget er Harry dat dy noch wat fan him tegoede hat. Raith brekt Thomas de nekke, en Harry sjit Raith del mei it pistoal fan dy syn eigen liifwacht, sadat Raith de lêste magyske enerzjy út syn reservoir brûke moat om himsels te genêzen. Dêrop ferskynt Lara, dy't alles fan in sideplak folge hat, en jout har heit in koekje fan eigen daai troch him te betsjoenen, dêr't er no gjin ferwar mear tsjin hat. Harry makket him ûnderwilens mei in heal fersufte Murphy en in bewusteleaze Thomas út 'e fuotten. As Thomas letter wer bykomt, wol er inkeld noch dea, oant Harry him fertelt dat Justine noch libbet; dan hat it libben foar him noch doel en genêst er syn brutsen nekke mei syn magyske enerzjy.
In pear dagen letter fertelt Murphy Harry dat it ûndersyk nei de moard op Emma útwiisd hat dat it in needlottich ûngemak wie. Se soarget ek dat Harry mei syn ferbrânde hân nei in medysk spesjalist kin, dy't him deroer besaud dat de hân noch net ôfstoarn is. Likegoed riedt er Harry oan om 'e hân ôfsette te litten, mei't er nei alle gedachten tenei folle mear oan in proteze hawwe sil as oan syn eigen hân. Harry wol dêr lykwols neat fan witte. Hy giet ek op besite by Genosa en dy syn nije frou, dy't nimmen oars as de produsinte Joan blykt te wêzen, dy't, om't se net botte oantreklik is en Genosa earder altyd mei de tsjepste froulju omsloech, troch Genosa syn eksen nea as kandidate foar nije frou yn omtinken nommen wie. Jake Guffy blykt de heit fan 'e beide jonge bern fan Emma te wêzen; hy fertelt Harry dat er him út 'e pornoyndustry weromlûkt en in eigen bedriuw begjint om foar de bern te soargjen.
Mei Thomas besiket Harry de filla fan 'e Raiths, dêr't Lara it no foar it sizzen hat en har heit folslein ûnder de tomme hâldt. Foar de bûtenwrâld wurdt lykwols de skyn opholden dat Raith sels noch altyd kening fan it Wite Hôf is. Dêrom ferbrekt Lara ek alle bannen mei Thomas, om't de haat tusken him en har heit algemien bekend is en it dus nuver lykje soe as Thomas ynienen in wurdearre lid fan it Hûs Raith waard. Thomas hat in moeting mei Justine, dy't neffens Lara stadichoan opbetteret. Se ûnthjit dat Justine ûnder har beskerming bliuwe kin en dat it har oan neat ûntbrekke sil. Justine is tige bliid om Thomas te sjen en oarsom allyksa, mar as Thomas har ta ôfskie in tút op it wang jout, ferbrânt er him de lippen, wat oanjout dat se de lêste kear dat se seks hie, mei ien wie fan wa't se wier hold en dy't ek wier fan har hold: iroanysk genôch hawwe Thomas syn eigen gefoelens foar har dus makke dat er har net mear oanreitsje kin. Fierders fertelt Lara dat Bobby en Inari wier fereale opinoar lykje te wêzen, en dat Inari dus nei alle gedachten gjin wite fampier wurde sil. It pear hat plannen om nei Kalifornje te ferhúzjen en dêr in eigen bedriuw te begjinnen. Lara wit no dat Harry en Thomas bruorren binne, mar Harry wit hoe't it sit mei Lara en har heit. Se slute dêrom in duorjend bestân.
As it tiisdei wurdt, skillet Harry Kincaid op om 'e hierling om mear tiid te freegjen om it jild byinoar te skraabjen. Kincaid freget wêr't er it oer hat, want hy hat de betelling al binnen. Hy warskôget Harry ek dat it wol hiel maklik gie om mei Mavra ôf te weven, yn acht nommen dat hja in iuwenâlde (en navenant fernimstige) fampier is. Mei't it iene animearre lyk gâns op it oare liket, is hy fan miening dat de fampier dy't se op 'e ein fan harren ynfal yn it tehûs foar dakleazen deade hawwe, wierskynlik net Mavra wie. Harry kin dus mar better op syn tellen passe. Neitiid docht bliken dat Thomas, dy't tydlik by Harry útfanhûzet, Kincaid betelle hat. Dat hat him lykwols sawat alles koste dat er as appeltsje yn 't strie efterút lein hie, dat no is er like earm as Harry. Dy leit him der ek einlings by del dat er it jonghûntsje hâlde moat. Hy jout it de namme Mouse ("mûs"), om't it lyts en griis en sa stil as in mûs is. Harry hat mar krap romte yn syn lytse appartemintsje, mar hoefolle romte kin sa'n hûntsje ynnimme? En wêrom hat Thomas, dy't de boadskippen dien hat, hûnefoer foar grutte rassen kocht?
Blood Rites einiget as Harry yn it laboratoarium yn syn kelder syn ferbrânde hân oan Bob sjen lit. Yn 'e hânpalm is in lyts stikje hûd dat op mirakuleuze wize net ferbaarnd is, yn 'e foarm fan it symboal fan 'e fallen ingel Lasciël. Harry hat de denaarje (ien fan 'e tritich sulverstikken fan Judas Iskariot) dêr't Lasciël oan ferbûn is, yn in magyske ring fan stiel yn 'e flier fan 'e kelder bedobbe ûnder in heale meter beton (sjoch: Death Masks). Dat hoe't Lasciël noch ynfloed op him útoefenje kin, is Harry en Bob allebeide in riedsel. Mar Harry hat murken dat syn toverstêf de lêste tiid nuver docht: as er tsjoenderij brûkt, begjinne de runen dy't yn 'e stêf fike binne, te gloedzjen as gleone sintels, wylst de reek derôf slacht. En de betsjoenings dy't er dermei docht, falle in stik grutter út as earder. It klinkt Bob yn 'e earen as hellefjoer, in enerzjyboarne foar magy dêr't fallen ingels en demoanen gebrûk fan meitsje. Hoe is it mooglik dat Harry dêr (ûnfrijwillich) tagong ta krigen hat?
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
The Dresden Files | |
---|---|
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things | |
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases |