Bocht fan Molkwar
Bocht fan Molkwar | ||
Heech wetter yn de Bocht fan Molkwar | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Hylpen | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 300 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
De Bocht fan Molkwar is in natoergebiet fan skrale greiden, reidfjilden en sânplaten tusken Molkwar en Skûlenboarch by Hylpen.
Eigentlik jildt de namme Bocht fan Molkwar foar de hiele baai fan de Iselmar tusken Molkwar en Hylpen, mar de namme wurdt spesjaal jûn oan de begroeide plaat, dy't ûnderdiel is fan de waarden oan de Iselmarkust. It gebiet is nei de oanlis fan de Ofslútdyk ûntsâlte en de sânplaat rekke begroeid.
De trije eilantsjes yn de Bocht fan Molkwar binne yn 1994 en 1995 oanlein troch Rykswettersteat en LNV. Sa moasten briedplakken ûntstean foar fûgels dy't op de keale grûn briede as seefûgels, stirns en wilsters. Doe't de eilantsjes te bot begroeiden trochdat se net faak genôch ûnder wetter rûnen is de boppeste laach grûn weihelle troch It Fryske Gea en kamen de fûgels werom.
It reid yn de Bocht fan Molkwar wurdt snien, op in strook oan de Iselmar nei. It gerslân wurdt meand of beweide sadat der gjin strewellen groeien kinne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |