Bouveteilân
Bouvet (Noarsk: Bouvetøya) is in eilân op 54°26'ZB, 3°24'EL yn de súdlike Atlantyske Oseaan. It lytse eilân (58,5 km²) heart by Noarwegen en falt ûnder it Antarktysk Ferdrach. It is feitlik in fulkaantop bedutsen mei in permaninte iislaach. It is ûnbewenne en tsjinnet offisjeel as waarstasjon.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân is yn 1739 ûntdekt troch de Frânske marine-offisier Jean-Baptiste Bouvet de Lozier. Yn 1772 koe kaptein James Cook it eilân net fine en konkludearre dat Bouvet de Lozier fermoedlik in iisberch sjoen hie. It eilân waard earst yn 1808 wer sjoen troch James Lindsay, kaptein fan in walfiskfarder. Hy bepaalde de posysje fan Bouvet foar it earst sekuer. Earst yn desimber 1825 waard der oanspraak makke op it eilân troch de Britten. Kaptein Norris fan de Samuel Enderby & Sons's walfiskfarder Sprightly and Lively, lâne op it eilân en neamde it Liverpool Island. Op 1 desimber 1927 namen de Noaren (yn de persoan fan ekspedysjelieder Lars Christensen) it yn en it jier dêrnei hawwe de Britten it fierders mar gewurde litten. Yn 1971 waarden Bouvet en de wetters rûnom ta natoerreservaat ferklearre.
Yn 1994 stiften de Noaren in fjildstasjon op Bouvet. Op 19 oktober 2007 fernijde it Noarsk Poal Ynstitút dat it stasjon net mear te sjen wie op satellytfoto's. It wie fermoedlik fernield troch in iislawine. Der binne plannen om it stasjon te ferfangen yn 2009. It ûnbemanne waarstasjon stiet noch wol yn it wurk.
Bouvet hat in eigen top level domein, hoewol't net bewenne is. Dat is .bv en wurdt troch Noarwegen beheard, mar der kin net op registrearre wurde. In protte ynternetapplikaasjes biede lykwols dochs by de kar út lannen de mooglikheid om Bouvet te kiezen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bouvet Island fan Wikimedia Commons. |