Springe nei ynhâld

Brânmûs

Ut Wikipedy
brânmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai boskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus agrarius
Pallas, 1771
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De brânmûs (wittenskiplike namme: Apodemus agrarius) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat yn hast hiel East-Jeropa libbet en fierders yn dielen fan Midden-Jeropa, westlik Aazje en East-Aazje. Yn Nederlân komt er net foar. Hy liket sterk op oare soarten boskmûzen, mar ûnderskiedt him dêrfan troch in swarte streek oer de rêch. De brânmûs is it naust besibbe oan 'e chevrierboskmûs.

De brânmûs is lânseigen yn it grutste part fan East-Jeropa, ynklusyf Poalen, de Baltyske steaten, súdlik Finlân, it grutste part fan Slowakije, hast hiel Hongarije, eastlik Sloveenje, noardlik en eastlik Kroaasje, noardeastlik Bosnje, hiel Servje, Kosovo en Bulgarije, it uterste noardeasten fan Montenegro, it grutste part fan Masedoanje en noardeastlik Grikelân. Yn Midden-Jeropa libbet er yn 'e noardlike grinsstripe fan 'e Tsjechyske Republyk en fierders yn grutte dielen fan Dútslân, hast de hiele eardere DDR ynbegrepen. Yn Denemark komt er foar yn it uterste súdeasten fan Jutlân. Isolearre populaasjes besteane by de Noardseekust fan Sleeswyk-Holstein lâns (Noard-Fryslân ynbegrepen), en fierders op 'e Po-Flakte fan noardlik Itaalje mei útrinners nei Istrje en súdeastlik Switserlân.

In brânmûs.

Yn 'e rest fan West- en Súd-Jeropa ûntbrekt de brânmûs, krekt as yn Skandinaavje en noardlik Ruslân. Yn súdlik Ruslân komt er oant yn 'e Kaukasus foar, en yn Abgaazje. Bûten Jeropa libbet de brânmûs op 'e steppen fan súdwestlik Sibearje en noardlik en eastlik Kazachstan oant yn Kirgyzje en Sina ta. Der bestiet in twadde grut ferspriedingsgebiet yn East-Aazje, dat net yn ferbining stiet mei it ferspriedingsgebiet yn westlik Aazje en Jeropa. Dat beslacht de Russyske Kustterritoarium en oangrinzgjende gebietsdielen yn it Fiere Easten, Mantsjoerije, Koreä, eastlik en sintraal Sina, Taiwan en in lyts hoekje fan noardlik Birma.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De brânmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 8-12½ sm, mei in sturtlingte fan 6½-9½ sm en in gewicht fan trochinoar 15-30 g mei útsjitters nei 50 g. Hy liket sterk op 'e boskmûs (Apodemus sylvaticus), mar ûnderskiedt him dêrfan troch in 2-3 mm brede, skerpbegrinzge swarte streek dy't yn 'e lingterjochting oer de midden fan 'e kop, nekke en rêch rint, begjinnend tusken de eagen en einigjend by de sturt. It hier op 'e rêch is gielbrunich oant dûnkerreadbrún en sjocht der minder glêd út as by de boskmûs. Op 'e bealch is it hier witich of griiswyt. De earen binne koarter en de eagen lytser as by de boskmûs, en de sturt hat in dúdlik ribbelich foarkommen, mei 120-140 ringen. Jonge eksimplaren en hiel âlde brânmûzen hawwe in folle grizere pels. Jongere bisten hawwe ek in bredere rêchstreek.

In brânmûs yn syn natuerlike habitat.

De brânmûs kin him oan in protte biotopen oanpasse, en komt sadwaande foar yn wâlden, oan wâldsiggen, yn strewelleguod en hagen, op ikkers en steppen en yn parken, grutte tunen en op tsjerkhôven. Yn noardlik Ruslân en Sibearje jout er de foarkar oan drûge biotopen, mar yn it súdlike part fan East-Jeropa just oan fochtige. Yn berchtmen komt er oant op 1.750 m hichte foar. Winterdeis weaget er him soms yn skuorren, hokken, pakhuzen, stâlen en inkeld sels wol yn wenten.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brânmûzen binne sawol deis as nachts warber, mar nachts mear as deis. Se binne minder beweeglik as de boskmûs (Apodemus sylvaticus) en libje mear op 'e grûn, mei't se net sa goed klimme kinne. As er moat, graaft de brânmûs sels gongen mei nêst- en foarrieromten, mar hy bewennet faker en leaver de ferlitten hoalen fan oare lytse sûchdieren. Yn ferhâlding ta de boskmûs bringt er folle mear tiid ûnder de grûn troch. De mantsjes hawwe in folle grutter territoarium as de wyfkes, mar fierder is oer de grutte fan it wengebiet fan yndividuële eksimplaren net folle bekend.

In brânmûs.

De brânmûs hat in relatyf koarte peartiid, dy't fan april oant septimber rint. In wyfke kin jiers 3-5 smeten mei trochinoar 6 jongen te wrâld bringe, dy't frij flot geslachtsryp wurde, sadat de populaasje ûnder geunstige omstannichheden fluch oanwinne kin. De poplaasjetichtheid lit noch frijwat ferskil sjen, mar it abslute maksimum dat fêststeld is, wie 97 eksimplaren op in gebiet mei strewelleguod fan 0,15 ha (wat delkomme soe op 650 bisten de ha). Rôfdieren dêr't brânmûzen foar oppasse moatte, binne benammentlik rôffûgels, lykas ferskate soarten ûlen. Fierders wurdt de grutte fan 'e populaasjes ek beheind troch brekme oan fretten, stjalpreinbuien dy't hoalen folrinne litte sadat de bisten fersûpe en (te) ier ynfallende froast.

As fretten hawwe brânmûzen fral plantaardich materiaal, lykas knoppen, fruchten, nuten en sied, mar dêrnjonken ek in protte ynsekten en ynsektelarven, spinnen, wjirms en slakken. Dierlik fretten makket by de brânmûs in grutter part fan it menu út as by de boskmûs. Hjerstmis lizze brânmûzen winterfoarrieden oan.

In brânmûs.

De brânmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Feitliks is er it meast algemien foarkommende pleachdier op it mêd fan 'e lânbou fan hiel East-Jeropa. En ek wurdt er faak beskôge as in drager fan sykten dy't assosjearre wurde mei mûseftigen.

Wittenskiplike nammen dy't algemien akseptearre wurde as synonimen fan 'e brânmûs (Apodemus agrarius Pallas, 1771) binne: Apodemus albostriatus Bechstein, 1801; Apodemus caucasicus Kuznetzov, 1944; Apodemus chejuensis Johnson and Jones, 1955; Apodemus coreae Thomas, 1908; Apodemus gloveri Kuroda, 1939; Apodemus harti Thomas, 1898; Apodemus henrici Lehmann, 1970; Apodemus insulaemus Tokuda, 1939 en 1941; Apodemus istrianus Kryštufek, 1985; Apodemus kahmanni Malec and Storch, 1963; Apodemus karelicus Ehrström, 1914; Apodemus maculatus Bechstein, 1801; Apodemus mantchuricus Thomas, 1898; Apodemus nicolskii Charlemagne, 1933; Apodemus nikolskii Migouline, 1927; Apodemus ningpoensis Swinhoe, 1870; Apodemus ognevi Johansen, 1923; Apodemus pallescens Johnson and Jones, 1955; Apodemus pallidior Thomas, 1908, Apodemus pratensis Ockskay, 1831; Apodemus rubens Oken, 1816; Apodemus septentrionalis Ognev, 1924; Apodemus tianschanicus Ognev, 1940; en Apodemus volgensis Kuznetzov, 1944.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boersma, Johannes, It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.