Claire Danes
Claire Danes | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Claire Catherine Danes | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 12 april 1979 | |
berteplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
jierren aktyf | 1992 – no | |
prizen | 4x Golden Globe 3x Emmy Award 2x Young Artist Award | |
offisjele webside | ||
gjint |
Claire Danes (folút: Claire Catherine Danes; New York, 12 april 1979) is in Amerikaansk film-, toaniel- en tillefyzjeaktrise. Hja waard bekend mei har fertolking fan 'e rol fan Angela Chase yn 'e searje My So-Called Life, út 1994. Letter spile Danes yn filmproduksjes as Little Women, Romeo + Juliet, Les Misérables, Terminator 3: Rise of the Machines, Shopgirl en Stardust. Op it toaniel wie se û.m. te sjen yn The Vagina Monologues en Pygmalion, en op 'e tillefyzje fertolke se de bekroande rol fan Temple Grandin yn 'e biografyske tillefyzjefilm mei deselde namme en spile se yn 'e searje Homeland. Danes hat ûnderwilens fjouwer Golden Globes, 3 Emmy Awards, 2 Young Artist Awards en 2 Screen Actors Guild Awards wûn.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Danes waard yn 1979 berne yn 'e Newyorkske wyk Manhattan as de dochter fan fotograaf Christopher Danes en keunstneresse en pjutteboartersplakliedster Carla Hall. Hja hat in âldere broer, Asa, dy't abbekaat is. Fanôf har sechsde siet Danes op dûnsles en fanôf har tsiende folge se ek aktearlessen. Yn Danes har tinerjierren ferhuze it gesin yn 1994 nei Santa Monica, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, sadat Danes in rol yn 'e searje My So-Called Life krije koe. Hja folge de middelbere skoalle oan it Lycée Français de Los Angeles, wêrnei't se twa jier psychology studearre oan 'e ferneamde Universiteit fan Yale, yn New Haven. Se briek dy stúdzje lykwols ôf om har folslein talizze te kinnen op har aktearkarriêre.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1990, doe't Danes alve jier wie, die se audysje foar in rol yn in film fan 'e ferneamde regisseur Miloš Forman. Hoewol't se dy rol net krige, waard se neitiid wol frege foar ferskate filmprojekten fan studinten oan Amerikaanske filmopliedings. Yn 1992 hie se har earste grutte rol yn 'e tillefyzjefilm Dudley, de pilotôflevering foar in nea opnommen komeedzjesearje mei deselde namme, mei komyk Dudley Moore yn 'e haadrol. Datselde jiers hie se in gastrol as moardzjend tinerfamke yn in ôflevering fan 'e plysjesearje Law & Order. Yn 1993 spile se yn in ôflevering The Coming Out of Heidi Leiter fan 'e rige Lifestories: Families in Crisis, dy't pas yn 1994 útstjoerd waard.
Danes har trochbraak kaam mei har rol as de fyftjinjierrige Angela Chase yn 'e dramarige My So-Called Life, dy't rûn fan 1994 oant 1995. Foar dizze rol wûn se har earste Golden Globe en in Young Artist Award, en waard se nominearre foar in Emmy. Dêrtoch koe se letter yn 1994 de rol fan Beth March spylje yn 'e filmadaptaasje fan 'e bekende roman Little Women. Oare films dêr't Danes yn cast waard fanwegen har optreden yn My So-Called Life, wiene Home for the Holidays (1995), I Love You, I Love You Not (1996) en To Gillian on Her 37th Birthday (1996), wêrmei't se in twadde Young Artist Award binnenhelle. Ek yn 1996 krige Danes har earste haadrol yn in film, doe't se de rol Julia fertolke yn 'e ferfilming Romeo + Juliet fan Shakespeare syn stik Romeo en Julia. De aktearprestaasje dy't hja yn dy film levere, trune regisseur Baz Luhrmann oan om har op 'e âldens fan sechstjin jier te omskriuwen as "de Meryl Streep fan har generaasje".
Yn 1997 spile Danes in mishannele troude frou yn 'e film The Rainmaker, ûnder rezjy fan Francis Ford Coppola. Teffens hie se dat jiers in rol yn U Turn, fan regisseur Oliver Stone. Yn 1998 fertolke se de rol fan Cosette yn in ferfilming fan Les Misérables en in swiere tinerdochter út in Poalsk ymmigrantegesin yn Polish Wedding. Yn 1999 liende se har stim oan it haadpersonaazje yn 'e animaasjefilm Princess Mononoke, en hie se rollen yn 'e films The Mod Squad en Brokedown Palace. Nei't se yn fiif jier tiid yn trettjin films spile hie, loek Danes har yn 2000 tydlik út 'e filmyndustry werom om har ta te lizzen op har stúdzje oan 'e Universiteit fan Yale.
Yn 2002 kearde Danes werom mei rollen yn 'e films Igby Goes Down en as de dochter fan it personaazje spile troch Meryl Streep yn it foar ferskate Oscars nominearre The Hours. Neitiid wie se op it wite doek û.m te sjen yn Terminator 3: Rise of the Machines (2003), Stage Beauty (2004), Shop Girl (2005), Evening (2007), Stardust (2007), Me and Orson Welles (2008) en As Cool As I Am (2013). Underwilens wie Danes ek úteinset mei in karriêre as toanielaktrise. Sa hie se yn 2000 in grutte rol yn 'e off-Broadwayproduksje fan The Vagina Monologues, fan Eve Ensler. En yn 2007 makke se har Broadway-debút as Eliza Doolittle yn 'e revival fan it stik Pygmalion, fan George Bernard Shaw.
Op 'e tillefyzje spile Danes yn 2010 de titelrol yn 'e biografyske tillefyzjefilm Temple Grandin, oer in autistyske frou dy't har krupsje oerwûn en har ûntjoech ta in liedende herfoarmer fan 'e Amerikaanske slachthûsyndustry. Mei dy rol wûn Danes in Golden Globe, in Screen Actors Guild Award en in Emmy Award, alletrije yn 'e kategory bêste aktrise yn in tillefyzjefilm of -searje. Sûnt 2011 fertolket Danes fierders de rol fan 'e manysk-depressive CIA-aginte Carrie Mathison yn 'e (anno 2016) noch altyd rinnende tillefyzjesearje Homeland. Foar dy rol wûn Danes de Golden Globes en de Emmy Awards foar bêste aktrise yn in tillefyzjesearje fan 2012 en 2013, mei dêropta de Screen Actors Guild Award yn dyselde kategory fan 2013. Yn 2015 waard Danes foar dizze rol nochris nominearre foar in Golden Globe en yn 2014 en 2015 foar in Emmy. Op 24 septimber 2015 krige Danes har eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Danes hat sein dat se foar it earst troch in jonge tute waard yn in ôflevering fan My So-Called Life. Se kriget al psychoterapy sûnt se seis jier is, en beskôget dat as "... in handich helpmiddel [...] foar selsrefleksje en om wat ynsjoch te krijen." Yn 1997 kaam se op har eigen jierdeisfeest yn 'e kunde mei de Australyske sjonger Ben Lee, mei wa't se seis jier in relaasje hie oant it yn 2003 útrekke. Fan 2004 oant 2006 hie Danes in relaasje mei akteur Billy Crudup, har tsjinspiler út 'e film Stage Beauty. Dêrmei makke Danes harsels net populêr yn 'e media en by de fans, mei't Crudup foar har syn doetiidske freondinne Mary-Louise Parker, dy't swier fan him wie, yn 'e steek liet.
Yn 2006 kaam Danes op de set fan 'e film Evening yn 'e kunde mei akteur Hugh Dancy. Hja ferloofden harren yn febrewaris 2009, en trouden ein augustus of begjin septimber fan dat jier by in geheime seremoanje yn Frankryk mei-inoar. Hja hawwe ien bern, in jonge dy't fan Cyrus hjit, en yn 2012 te wrâld kaam. Danes en har gesin wenje yn 'e West Village-buert fan Manhattan. Tegearre mei har mem stipet Danes de goeddiedichheidsorganisaasje Afghan Hands, dy't froulju yn Afganistan helpt by it winnen fan harren selsstannigens, ûnderwiis en genôch lean om fan libje te kinnen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|