Springe nei ynhâld

Dûkelmantsje

Ut Wikipedy
dûkelmantsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje wilsterfûgels (Charadriidae)
skaai bûnte wilsters (Charadrius)
soarte
Charadrius alexandrinus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     dwaalgast


It dûkelmantsje (Charadrius alexandrinus) is in wilster út it skaai fan de bûnte wilsters.

De boppekant fan in dûkelmantsje is brúngriis, en de ûnderkant is wyt. By de hals hat de fûgel donkere streken, en ek in swarte eachstreek. De fûgel hat swarte skonken en ek in koarte swarte snaffel. In folwoeksen dûkelmantsje is tusken de 15 en 20 sm grut, en hat in wjukspanwiidte fan 35 oant 45 sm. De fûgel waacht tusken de 30 en 55 gram.
Yn de simmer hat it mantsje in ljochtbrune krún.

It dûkelmantsje is echt in kustfûgel, hy is net yn it binnenlân te finen. Hy briedet meast op sân- of kiezelstrannen oan de Noardsee, Atlantyske Oseaan, de Middellânske See, Swarte See en Kaspyske See. It is in trekfûgel dy't oan súdliker kusten oerwinteret.

It dûkelmantsje komt yn april yn syn briedgebiet. It nêst is in kûltsje yn de grûn, wêryn't it wyfke trije aaiten leit. Nei fjouwer wiken brieden komme de jonge fûgels út it aai en ferlitte fuort it nêst. Ein augustus, begjin septimber geane de fûgels wer op reis nei harren oerwinteringsgebiet.

Aai fan it dûkelmantsje.