Springe nei ynhâld

De Kat op Learzens

Ut Wikipedy
De Kat op Learzens
algemiene gegevens
oarspr. titel Le Chat Botté
auteur Charles Perrault
taal Frânsk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke, fabel
1e publikaasje 1697, Parys
bondel Contes de Ma Mère l'Oye
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Kat mei de Learzens
publikaasje 1985, Ljouwert
útjouwer Afûk
oersetter Jant Visser-Bakker
ISBN oers. 9 06 27 32 763

De Kat op Learzens of De Kat mei de Learzens, yn it oarspronklike Frânsk: Le Chat Botté en Dútsk: Der Gestiefelte Kater (Nederlânsk: De Gelaarsde Kat; Ingelsk: Puss in Boots), is in iuwenâld literêr mearke dat û.m. optekene is troch de bruorren Grimm yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes"), mar dat nei alle gedachten optocht en skreaun is troch Charles Perrault, dy't it publisearre yn syn Contes de Ma Mère l'Oye ("Ferhalen fan Us Mem de Goes"), mank mearkes op basis fan âlde folksferhalen. De Kat op Learzens is altyd in populêr ferhaal bleaun, en it haadpersonaazje, de Kat op Learzens nei wa't it mearke neamd is, is koartby nochris ekstra popularisearre troch syn rol yn 'e Amerikaanske animaasjefilm Shrek 2 (mei de stim fan akteur Antonio Banderas). Yn 1985 is dit mearke troch Jant Visser-Bakker oerset yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e samling De Moaiste Mearkes 2, neffens de útjefte Die Schönsten Märchen der Brüder Grimm (dat in oanpassing fan 'e oarspronklike tekst nei modern Dútsk ta is troch Margrit Weber).

Ynhâld (ferzje fan de bruorren Grimm)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is in moolner dy't in mole hat om te meallen, in ezel om as lêstdier te tsjinjen en in kat om te mûzjen. Dêropta hat er trije soannen. As er komt te ferstjerren, erft de âldste soan de mole, de middelste de ezel en de jongste de kat. De jongste soan is dêr net botte bliid mei, mar de kat ûnthjit him grutte rykdom as er mar learzens kriget, dat de moolnerssoan keapet mei syn lêste jild in pear learzens foar syn kat. Dêrop set de kat nei de bosk ta, dêr't er in stikmannich fette patrizen (by Perrault: kninen) fangt. Dy bringt er nei de kening ta, fan wa't bekend is dat er sljocht nei patrizen is. Hy biedt se de kening oan en seit dat se in geskink binne fan syn master, de greve (by Perrault: markys) fan Carrabas. De kening is sa bliid mei it fûgelt dat er de kat in sekfol jild jout. Dat jild bringt de kat werom nei syn baas. Alle dagen dêrnei set de kat mei in sekfol patrizen nei de kening syn kastiel ta en komt er mei in sekfol jild wer thús. Hy rekket sa eigen op it kastiel, dat er dêr oeral komt.

Op in kear, as er yn 'e koken is, heart er de koetsier fan 'e kening fûterjen dat er de kening en dy syn dochter, de prinsesse, nei de mar ta ride moat, wylst er folle leaver nei de herberge wol om in slokje. De kat betinkt him gjin momint, mar kûgelet nei hûs ta en bepraat syn baas om yn 'e mar te swimmen te gean. Hy smyt de klean fan syn baas fuort, en krekt dan riidt de koets fan 'e kening dêrlâns. De kat hâldt de koets oan en seit tsjin 'e kening dat syn master, de greve fan Carrabas, krekt eefkes yn 'e mar te swimmen wie en dat rôvers útnaaid binne mei syn klean. Dêrop lit de kening daliks in pak fan syn eigen klean ophelje, dy't de "greve" oandocht.

Wylst de "greve" yn 'e kunde komt mei de kening en de tsjeppe prinsesse, dy't daliks fereale op him wurdt, draaft de kat gau foarút. Efterinoar komt er in greide, in stik boulân en in bosk bylâns, dêr't men yn 'e ûngetiid, oan it rispjen en oan it beamkapjen is. Eltse kear freget er fan wa't it lân hjirsanne is, en eltse kear antwurdet it folk dat it fan 'e grutte tsjoender (by Perrault: in meunsterlike reus) is. Eltse kear bepraat de kat de lju om, as de koets fan 'e kening foarbykomt, te sizzen dat it it lân fan 'e greve fan Carrabas is. Uteinlik komt de kat oan by it kastiel fan 'e grutte tsjoender. Hy giet deryn en komt by de tsjoender, fan wa't de rop giet dat er him yn elts libben wêzen feroarje kin. De kat beart dat er dêr neat fan leaut en kriget de tsjoender dêrmei safier dat er him efterinoar yn in oaljefant, in liuw en in mûs feroaret. Mar sadree't er him yn in mûs feroare hat, grypt de kat him en fret him mei hûd en hier op.

De Kat op Learzens (in yllústraasje troch Carl Offterdinger, fan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw).

Krekt op dat stuit komt de koets fan 'e kening oan by it kastiel, en de kat hjit it heechberne selskip wolkom op it kastiel fan 'e greve fan Carrabas. De kening en de prinsesse binne djip ûnder de yndruk fan 'e rykdom fan 'e greve, en al gau trout de greeflike moolnerssoan mei de prinsesse. Nei't de kening stoarn is, wurdt hy foar him kening yn 't plak, wylst de Kat op Learzens syn earste minister wurdt en inkeld noch út aardichheid hoecht te mûzjen.

Der besteane wol eardere, soartgelikense mearkes oer slûchslimme katten. Sa tekene de Fenesiaanske skriuwer Giovanni Francesco Straparola yn 1553 it folksferhaal Costantino Fortunato op, oer in kat dy't syn earme en leechberne master ta kening fan Bohemen wit te meitsjen. Ek de Napolitaanske ofsier en oerheidsfunksjonaris Giambattista Basile lei yn syn Lo Cunto de li Cunti ("It Ferhaal der Ferhalen"), better bekend as de Pentamerone, dy't postúm publisearre waard yn 1634, sa'n soarte ferhaal fêst. Dêryn wurdt in jonge bidler, Gagliuso, troch syn kat op in selde manear holpen sa't de Kat op Learzens dat mei de moolnerssoan docht. Dit ferhaal hat lykwols in hiel oare ôfrin: Gagliuso ûnthjit syn kat om it bist nei syn dea yn in goudene deakiste te begraven, en de kat beslút om datoangeande de proef op 'e som te nimmen troch trije dagen letter sabeare dea te gean. As er dan Gagliuso tsjin syn frou sizzen heart dat se de kat by de poaten pakke moat en op 'e rúchskerne smite, spat de kat oerein, seit Gagliuso it mannewaar op en rint lulk fuort, dêrby Gagliuso oan syn lot oerlittend.

It is lykwols frijwol wis dat De Kat op Learzens skreaun is troch de Frânske skriuwer Charles Perrault (1628-1703) sûnder dat dy weet hie fan dizze eardere ferhalen. De Kat op Learzens, wêrfan't de oarpspronklike titel folút is: Le Maître Chat, ou Le Chat Botté ("Myn Hear de Kat, of De Kat op Learzens"), ferskynde foar it earst yn 1695, yn 'e mande mei sân oare mearkes, yn 'e samling Histoires ou Contes du Temps Passé ("Stoarjes of Ferhalen út Ferfleine Tiden"), in mei de hân skreaune útjefte. It makke yn 1697 diel út fan Perrault syn masterwurk Histoires et Contes du Temps Passé, avec des Moralités: Contes de Ma Mère l'Oye ("Stoarjes en Ferhalen út Ferfleine Tiden, mei Moralen: Ferhalen fan Us Mem de Goes"). Yn 1812 namen de bruorren Jacob en Wilhelm Grimm it ûnder de titel Der Gestiefelte Kater op yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes").

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Grimm, Jacob en Wilhelm, De Moaiste Mearkes 2 (oers. J. Visser-Bakker), Ljouwert, 1985 (Afûk), ISBN 9 06 27 32 763.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.