De Koerier
De Koerier wie in wykliks hûs-oan-hûsblêd yn Fryslân fan 1977 oant 1 jannewaris 2013; it blêd waard útjûn troch de NDC Mediagroep.
De krante hie in oplage fan 50.000 eksimplaren en waard sûnt 1977 ferspraat. De redaksje siet oan de Hearrewâl op It Hearrenfean yn in regiokantoar fan de Ljouwerter Krante.
De Koerier wie ien fan de twa fergese kranten dy't alle wiken op woansdei op It Hearrenfean en omkriten rûnbrocht waarden. De oare krante is de Heerenveense Courant.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Akkrum - Aldeberkeap- Aldeboarn - Aldehaske - Aldeouwer - Aldemerk - Aldetrine – Aldhoarne - Aldeholtpea – Aldskoat - Bantegea - Basse - Blesdike - Boyl - Bontebok - Dolsterhuzen - De Hoeve - De Jouwer - De Knipe - De Langelille - De Tynje - Eagmaryp - Follegea - Finkegea - Gersleat - Goaiïngaryp – Haskerdiken – Haskerhoarne - It Hearrenfean - Hoarnstersweach – Jiskenhuzen- - Jistergea Jobbegea - Jobbegea Skuorregea – Jonkerslân - Ketlik – Langsweagen - Langwar - Legemar - Lúnbert – Lúkswâld - Mildaam – Munnikebuorren - Nes - Nijbrêge - Nijhoarne – Nijeberkeap - Nijehaske - Nijeholtpea - Nijetrine - Noardwâlde - Easterstreek - Eastersee - It Oranjewâld - Ossenzijl - Ousterhaule – Ousternijegea - Paasloo - Pepergea - Reahel – Rotstergaast - Rotsterhaule - Rottum - Skarsterbrêge - Skerpenseel - Sint Jansgea – Sint Nyk - Slikenboarch - Sonnegea - Spangea -Ter Idzard - Terbant - Terkaple - Teroele - Tsjalbert –Tsjerkgaast – Vegelinsoard - Fjouwerhûs - Willemsoard - Witte Paarden - Wolvegea - Ychten - Ychtenbrêge -Iselham - Sânhuzen.