Springe nei ynhâld

Desius

Ut Wikipedy
Buste fan Desius, Musei Capitolini (Rome)

Desius, yn it Latyn folút Gaius Messius Quintus Traianus Decius (Pannoanje, sa. 201Dobroedsja, juny 251) wie Romeinsk keizer fan 249 oant syn dea. Hy is de skiednis yngongen as de earste Romeinske keizer dy't sneuvele yn in slach tsjin barbaren.

Desius wie earst gûverneur fan Moesja. Yn 249 waard hy troch de doetiidske keizer Filippus de Arabier beneamd ta praefectus urbi en belêst mei it oerbefel fan it Romeinske leger fan Moesja en Pannoanje. As oerbefelhawwer moast er striid fiere tsjin de Goaten. Troch syn soldaten waard er sawat fuortendaliks nei syn beneaming te Viminiacum ta keizer útroppen en sadanich ek algemien erkend. By Ferona yn Itaalje slagge hy der yn syn tsjinstander en foargonger Philippus te ferslaan, dy't sneuvele yn de striid.

De Goatyske ynvaazje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Desius krige tidens syn bewâld te krijen mei in grutte Goatyske ynfal op de Donau-provinsjes. By Berola hellen de Goaten in sege op de Romeinen en wienen by steat de stêd Philippopel (hjoed it Bulgaarske Plovdiv) te oermasterjen. De keizer luts sels mei in leger op tsjin de Goaten om harren te bestriden. Yn de slach by Abrittus (yn de Dobroedzja) sneuvele Desius, dy't yn 'e stiik litten wie troch syn fjildhear Gaius Vibius Trebonianus Gallus, tegearre mei syn soan en meikeizer Herennius Etruscus. Trebonianus Gallus, gûverneur fan Moesja, soe him opfolge. De twadde soan fan Desius, Hostilianus, waard troch dizze keizer adoptearre en ta meikeizer ferheven.

Keizer Desius waard nei syn dea troch de Romeinen fergoade.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]