Springe nei ynhâld

Húsdier

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Domestisearre)
In kat en in hûn.

In húsdier (of hûsdier) is in bist dat domestisearre is en dat troch de minske ûnderholden en fersoarge wurdt. Der binne ferskate soarten húsdieren:

De húsdieren dy't it meast foarkomme, hearre noch altyd ta de kategory fee. Sokke bisten wurde yn 'e Westerske wrâld tsjintwurdich lykwols allinne mar yn grutte kloften holden troch in lyts persintaazje fan 'e minsklike befolking. De húsdieren mei de grutste geografyske fersprieding binne sûnder mis de hûn en de kat. Yn Nederlân waarden yn 2009 2,1 miljoen hûnen en 3,6 miljoen katten holden. Wittenskiplik ûndersyk hat oantoand dat it hâlden fan in húsdier befoarderlik is foar minsklike geastlike sûnens; gefoelens fan eangstme, iensumens en depresje nimme yn 'e regel ôf as immen in húsdier hat of nimt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Referenties en Bronnen, op dizze side.