Nuete rôt
nuete rôt | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Rattus norvegicus | ||||||||||||
Berkenhout, 1769 | ||||||||||||
IUCN-status: n.f.t. (hûsdier) | ||||||||||||
De nuete rôt of domestisearre rôt is in ta hûsdier makke foarm fan 'e brune rôt (of, yn seldsume gefallen, fan 'e swarte rôt). Nuete rotten wurde beskôge as oanhinklik en leargjirrich, en teffens binne se relatyf skjin, mar se fergje wol tawijing en in protte ûnderhâld. Troch selektyf fokken hawwe se har ûntjûn ta in wiid ferskaat oan kleuren en foarmen. Brune rotten wurde sels yn finzenskip mar twa oant trije jier âld, mar swarte rotten kinne wol acht jier wurde.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsprong fan 'e nuete rôt giet werom op 'e rottefangers dy't yn 'e achtjjinde en njoggentjinde iuw yn hiel Jeropa tsjin betelling rotten fongen. De bisten dy't hja fongen hiene, ferkochten hja dan yn in protte gefallen wer foar saneamde bloedsport. Yn 'e regel kamen de rotten dan oan har ein yn in rottebyt, oant yn 'e tweintichste iuw in populêre "sport" wêrby't ferskate rotten yn in djip gat yn 'e grûn pleatst waarden, en in terriër derby yn smiten waard. It omsteand laach koe dan weddenskippen ôfslute oer de fraach hoelang't de hûn wurk hawwe soe om 'e rotten ôf te meitsjen. Sawol de rottefangers as de "sportleafhawwers" begûnen beskate nuverkleurige rotten te hâlden om dermei te fokken en de jongen as hûsdieren te ferkeapjen. Twa manlju dy't oan 'e widze fan it hâlden fan 'e rôt as hûsdier stiene, wiene Jack Black, de offisjele rottefanger fan 'e Britske keninginne Fiktoaria, en Jimmy Shaw, de eigner fan in Londenske kroech dêr't de in protte "sport"-eveneminten organisearre waarden.
Yn 1901 naam in dame út 'e Britske hegerein, in Mary Douglas, har rôt mei nei de tentoanstelling fan 'e Nasjonale Mûzeklub op 'e Aylesbury Town Show. Har swart-wytbûnte rôt wûn dêr de haadpriis, wat ûnder de Ingelske elite late ta algemiene belangstelling foar de rôt as hûsdier. Healwei de 1920-er jierren begûn de raazje lykwols efter de moade te reitsjen, en yn 1931 feroare de National Mouse and Rat Club (sa't de organisaasje yn 1912 kommen wie te hjitten), syn namme werom ta National Mouse Club. Pas fanôf de 1960-er jierren ûntstie der op 'e nij belangstelling foar it hâlden fan rotten as hûsdier, en yn 1976 waard mei de Ingelske National Fancy Rat Society (NFRS) de earste nasjonale organisaasje op dat mêd stifte. Tsjintwurdich is it hâlden fan nuete rotten yn in protte lannen ridlik ynboargere rekke, al beskôgje in soad minsken it noch wol as in eksintrike hobby.
Ferskillen tusken nuete en wylde rotten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oars as dat by hûnen of fretten it gefal is, wike nuete rotten net genôch fan harren wylde wjergaders ôf om in eigen ûndersoarte te foarmjen. Lykwols binne der ferskate dúdlike ferskillen tusken nuete en wylde rotten. It dúdlikst komt dat nei foarren yn 'e hierkleur: wylde rotten hawwe yn 'e regel in brunige kleur, mar nuete rotten kinne alderhanne kleuren hawwe, fan wyt oant gielich oant blauwich oant bûnt. Der binne sels hierleaze rotten.
Teffens kinne nuete rotten in ôfwikende lichemsfoarm hawwe; wat dat oanbelanget binne de wichtichtste farianten de dumbo en de Manks. By de saneamde dumbo (neamd nei it grutearige sirkusoaljefantsje Dombo út 'e Disney-tekenfilm mei deselde namme) sitte de earen net boppe-op 'e kop, mar oan wjerskanten fan 'e kop. De Manks is neamd nei de Mankske kat, in sturtleas hûskatteras, en mist krekt as dy kat de sturt.
Op it mêd fan hâlden en dragen binne nuete rotten echte domestisearre bisten, dy't (as se goed behannele wurde, fansels) út eigen wil harren baaske opsykje sille as se bûtendoar frij omspringe. Fierders binne se minder skrikfallich as har wylde soartgenoaten, akseptearje se williger nije soarten fretten, en kinne se better oer libjen mei in protte soartgenoaten yn in relatyf lytse romte.
Sykten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De nuete rôt hat in gruttere kâns om oanhelle te reitsjen mei sykten as syn wylde wjergader, mar paradoksalernôch binne dat net deselde sykten dêr't wylde rotten oan bleatsteane. Wylde rotten rinne de measte sykten op troch it drinken fan mei baktearjes besmet wetter en troch kontakt mei kakkerlakken, flieën en oar soksoarte wrimelt. Nuete rotten krije skjin wetter foarset en wurde yn 'e regel tsjin parasiten behannele en by oar "ûngedierte" weiholden. Hàrren sûnensswierrichheden komme oer it algemien fuort út it libjen mei tefolle soartgenoaten yn in te lytse romte, it opfuorre krijen fan fretten dat net goed foar har is, en gewoan âlderdomssykten (mei't se folle langer libje as wylde rotten).
It hâlden fan rotten as hûsdieren draacht noch altiten it stigma mei dat men dan it risiko rint om 'e pest en oare slimme sykten te krijen, "want dy wurde ommers troch rotten ferspraat." Yn wurklikheid binne nuete rotten krekt frij fan slimme sykten, wylst de brune rôt (dêr't de measte nuete rotten ta hearre) nea wat mei de pest te krijen hân hat – dat wie de swarte rôt (dy't mar selden as hûsdier holden wurdt). Yn 2004 fûn der yn 'e Feriene Steaten wol in útbraak fan salmonella plak ûnder rottehâlders, mar ûndersyk hat útwiisd dat soks it resultaat wie fan kontakt tusken nuete rotten en wylde rotten, itsij troch in rottepopulaasje yn it hûs fan ien fan 'e eigners, itsij troch it brûken fan besmet fretten, wetter of struiguod.
Regeljouwing oangeande it hâlden fan rotten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei't de brune rôt en oanbesibbe soarten gauris as skealik ûngedierte beskôge wurdt, binne der yn guon lannen en regio's wetten dy't it hâlden fan nuete rotten oan bannen lizze of hielendal ferbiede. Sa is de ymport fan bûtenlânske kjifdieren yn Austraalje ferbean, wylst it yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta, dat as in rottefrij gebiet beskôge wurdt, yllegaal is om rotten te hâlden bûten dieretunen en laboratoaria.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|