Douglas TBD Devastator
Douglas TBD Devastator | ||
algemiene ynformaasje | ||
rol | Torpedobommesmiter | |
lân f. oarspr. | Feriene Steaten fan Amearika | |
makker | Douglas Aircraft Company | |
gebrûk | ||
earste flecht | 15 april 1935 | |
yn tsjinst | 3 augustus 1937 | |
út tsjinst | 1942 (aktive tsjinst) 1944 (folslein) | |
tal makke | 130 (1937–1939) | |
grutste brûker | United States Navy |
De Douglas TBD-1 Devastator wie in Amerikaanske torpedobommesmiter. It tastel waard yn 1934 besteld, fleach foar it earst yn 1935 en kaam yn 1937 yn tsjinst. Op dat stuit wie it it meast avansearre fleantúch dat fleach foar de Amerikaanske marine en mooglik foar eltse marine yn de wrâld. Troch de flugge evolúsje fan fleantugen rekke de Devastator lykwols rillegau ferâldere. Se wiene faak stasjonearre op Amerikaanske fleandekskippen en spilen in wichtige rol yn de iere Twadde Wrâldoarloch. It wie it earste folslein metalen fleantúch mei hydraulysk ynklapbere fleugels.
De Devastator prestearre goed yn iere gefjochten, benammen yn de Slach yn de Koraalsee, mar krige bekendheid troch it katastrofale optreden by de Slach om Midway wêrby 't 41 Devastators nul torpedotreffers makken en mar seis tastellen oerlibben om werom te kearen nei harren fleandekskippen. De Mitsubishi Zero-jagers dêr 't se mei te krijen krigen, wiene folle flugger en manûvrearberder [1] en it grutste part fan de striidkrêft waard fuortfage mei net folle gefolgen foar it ferrin fan de slach útsein it ôflieden fan de Zero's fan de SBD Dauntless dûkbommewerpers dy 't fjouwer fleandekskippen en in swiere kruser te sink brochten. Hoewol 't in soad fan de minne prestaasjes fan de Devastator letter taskreaun waarden oan alle, goed dokumintearre defekten, yn de Amerikaanske Mark 13 torpedo, waard it tastel nei Midway weromlutsen út de frontliny en ferfongen troch de Grumman TBF Avenger.
Farianten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- XTBD-1
- Prototype oandreaun mei in 800 hk XR-1830-60, ien fan makke.
- TBD-1
- Produksjefariant mei in 850 hp R-1830-64-motor, 129 fan makke.
- TBD-1A
- Ien TBD-1 mei twa driuwers.[2]
Technyske gegevens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Parameters | TBD-1 Devastator |
---|---|
Bemanning | 3 |
Lingte | 10,69 m |
Spanwiidte | 15,24 m |
Hichte | 4,59 m |
Gewicht leech | 2804 kg |
Startgewicht | 4623 kg |
Oandriuwing | 1 × 14-silinder-Dûbelstjermotor Pratt & Whitney R-1830-64 Double Wasp fan 900 hk (671 kW) |
Krúsfaasje | 206 km/o |
Heechste faasje | 331 km/o op 2438 m hichte |
Tsjinstplafond | 5945 m |
Grutste fleanberik | 700 km (mei torpedo), 1152 km (mei 454 kg bommen) |
Bewapening | 1 × Mk-13-Torpedo (trochsneed 533 mm, lingte 4,57 m, gewicht 544 kg) of 454 kg bommen (ferskate formaten) 1 × fêst masinegewear kaliber 12,7 mm nei foaren rjochte en 1 × beweechbere MG Kaliber 7,62 mm efteryn de cockpit |
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Adcock, Al. TBD Devastator in Action, Aircraft Number 97. Carrollton, TX, Squadron/Signal Publications Inc., 1989. ISBN 0-89747-231-4.
- Doll, Thomas E. The Douglas TBD Devastator, Aircraft in Profile Number 171. Leatherhead, Surrey, Profile Publications Ltd., 1967. No ISBN.
- Drendel, Lou. U.S. Navy Carrier Bombers of World War II. Carrollton, TX, Squadron/Signal Publications Inc., 1987. ISBN 0-89747-195-4.
- Ginter, Steve. Douglas TBD-1 Devastator, Naval Fighters Number Seventy-one. Simi Valley, California, Ginter Publishing Company, 2006. ISBN 0-942612-71-X.
- Jackson, B.R. and Doll, Thomas E. Douglas TBD-1 "Devastator", Aero Series 23. Fallbrook, CA, Aero Publishers, 1973. ISBN 0-8168-0586-5.
- Lawson, Robert and Tillman, Barrett. U.S. Navy Dive and Torpedo Bombers of WWII. St. Paul, MN, MBI Publishing Company, 2001. ISBN 0-7603-0959-0.
- Tillman, Barrett. TBD Devastator Units of the U.S. Navy, Combat Aircraft Vol. 20. Oxford, Osprey Publishing, 2000. ISBN 1-84176-025-0.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Douglas TBD Devastator fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|