Springe nei ynhâld

Dumbo (film út 1941)

Ut Wikipedy
Filmlogo

Dumbo (Nederlânske titel: Dombo) is in Amerikaanske tekenfilm fan Walt Disney. De film waard útbrocht op 23 oktober 1941 en is de fjirde fan Disney syn klassike animaasjefilms. De film is basearre op it berneboek mei deselde namme fan Helen Aberson en Harold Pearl. De film duorret ûngefear 64 minuten.

De film waard benammen makke om te besykjen de teloarstellende opbringst fan de eardere film, Fantasia, goed te meitsjen. De film waard makke mei in lyts budzjet, en is relatyf koart foar in Disneyfilm. De film waard likegoed sjoen as ien fan Disney syn hichtepunten.

  • "Look Out for Mr. Stork"
  • "Casey, Jr."
  • "Song of the Roustabouts"
  • "Baby Mine"
  • "The Clown Song"
  • "Pink Elephants on Parade"
  • "When I See An Elephant Fly"

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1942 wûn Dumbo de Academy Award foar bêste muzyk, en waard nominearre foar in Academy Award yn de kategory bêste orizjinele liet.

Yn 1947 wûn de film op it filmfestival fan Cannes in priis foar bêste animaasjefilm.