East River
De East River ('Eastrivier') is tagelyk in seestrjitte en in trachterfoarmige mûning mei tij yn New York City; oan de súdkant leit it wetter oan de Upper New York Bay en oan de noardkant oan de Long Island Sound. De strjitte skiedet sawol Long Island as de stedswiken Queens en Brooklyn fan it eilân fan Manhattan en the Bronx.
Meidat de Eastrivier ferbining hat mei de Long Island Sound, wurdt er ek wol de Sound River neamd.
Brêgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der lizze acht brêgen oer de rivier, fan noard nei súd:
- Throgs Neck Bridge
- Bronx-Whitestone Bridge
- Hell Gate Bridge
- Triborough Bridge
- Roosevelt Island Bridge (allinne it east kanaal)
- Queensboro Bridge
- Williamsburg Bridge
- Manhattan Bridge
- Brooklyn Bridge
Tunnels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der binne 13 tunnels ûnder de East River troch, fan noard nei súd:
- 63rd Street Tunnel (metro)
- 60th Street Tunnel (metro)
- 53rd Street Tunnel (metro)
- Steinway Tunnel (metro)
- Queens-Midtown Tunnel (Interstate 495)
- East River Tunnels (Long Island Rail Road en Amtrak treinen fan Penn Station ôf nei it easten en noarden)
- 14th Street Tunnel (metro)
- Rutgers Street Tunnel (metro)
- Cranberry Street Tunnel (metro)
- Clark Street Tunnel (metro)
- Montague Street Tunnel (metro)
- Joralemon Street Tunnel (metro)
- Brooklyn-Battery Tunnel (Interstate 478)
De Bronx-Rivier komt gear mei de East River yn it noardlike diel.
Benoarden Ward's eilân, komt er gear mei de Bronx Kill. Oan de eastkant fan Ward's Eilân, faaks it middelpunt fan de rivier, foarmet er in smel kanaal mei de namme Hell Gate. Hell Gate lizze de Triborough Bridge en de Hell Gate Bridge oerhinne. Besuden fan Ward's Island, is de gearrin mei de Harlem Rivier.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Eastrivier rint Upper East Side by del
-
Eastrivier by it East River Park
-
Powell's Cove, Whitestone, Queens
-
Blackwells Island, East River, fan Eighty Sixth Street sjoen, Currier & Ives, 1862
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory East River fan Wikimedia Commons. |