Easterreide
Easterreide wie in midsiuwsk karspel dy't om 1509 hinne yn de Doalert ferdronken rekke. It plak wie it haadplak fan de Fryske goa Reiderlân en mooglik ek it sit fan in tsjerklike proasdij. It doarp lei eastlik fan de Punt fan Reide oan de mûning fan de Reider Ie, dy't om 1200 hinne ôfsletten waard troch in slûzekompleks (de Reidersilen). It twillingdoarp Westerreide lei neffens histoarikus Ubbo Emmius oan de westkant fan de rivier, dêr't hjoed-de-dei de Punt fan Reide leit. Easter- en Westerreide foarmje tagelyk ek de memmedorpen foar de delsettings fan de feanterijen fan Reiderwolde. Tichteby it doapr lei om 1300 hinne mooglik it feantersdoarp Westertili, mooglik in skriuwflater foar *Westercili ("Westersiel").[1]
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsprong fan de namme is net alhiel wis. It kin ôflaat wêze fan hriād ('reid'), rēde ('oanlisplak, terp') as fan *rīth ('rivierke, stream').[2] De plaknamme ferskynt yn ferskate skriuwwizen: Hriadi as Hriedi (ein 9e iuw), villa Hreidensi (1211), Reyde (1256), Asterreyde (1272), Astierheyde (1377), Oesterreide (om 1475 hinne), Oester Reide (om 1498 hinne), Ostereida (om 1500 hinne) en Oestereyndt (1506).[3]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Abdij fan Werden hie sûnt de njoggende iuw al grutte besittings yn Reide, Reiderwolde en de twa doarpen Uualda en Uppan uualda, dêr't men lykwols net wit hokker doarpen dy binne. It lânguod stamt mooglik út de tiid dat de Fryske sindeling Liudger sindelingswurk yn de omkriten die. De abdij hie ek it patronaatsrjocht fan de doarpstsjerke. Dy ecclesia in Hredi waard foar it earst oan de ein fan de tsiende iuw neamd. Mooglik waard de tsjerke wijd oan Liudger, want de legindaryske Doalertkaart fan 1574 lit tichteby Easterreide in tsjerkedoarp, "St. Ludgeri", sjen. It grûnwurk fan dy kaart bestiet it meast út fantasy. Yn 1256 besocht de biskop om 'e nocht it patronaatsrjocht oan it Kleaster Palmar oer te dragen, nei't in aadlike famylje it rjocht dêrfan opeaske hie. Wol mocht de biskop it tsjerkelân oan de tsjerke weromjaan. De tsjerkehear, ûnderwilens al de fjirde generaasje fan syn famylje, wie boaske en hie nei alle gedachten as plakferfanger fan de offisjaal it amt fan aartsdiaken yn Lier.[4] Dat allegear late ta in folksopstân yn 1271, dêr't de proasdijhûzen yn Farmsum en mooglik ek Easterreide by ferwoastge waarden. Nei alle gedachten nei oanlieding fan de opstân naam de biskop de proasdijrjochten yn it Reiderlân ta himsels en droech er se oer oan de pastoars fan Nesse (letter Hatzum) en Weener. Yn 1283 krige er alle Fryske rjochten fan de Abdij fan Werden, dy't er wer trochferkocht oan de Johanniter ridderoarder. Dêrtroch kaam ek de tsjerke fan Easterreide yn hannen fan de kommanderije Easterwierrum by Heveskes.[5] Neffens lettere oerleverings wie yn de dochterdelsetting Reiderwolde in kapittel fan kanunniken. Mooglik hearden de geastliken fan Easterreide dêr ek ta.
Easterreide wie in wichtich merkeplak. De haven by de slûzen wie gaadlik foar hannelsferkear. It ôfdamjen fan de Westerwâldske Aa moat in grutte ûndernimming west hawwe. Neffens de oerlevering leine dêr, lykas yn Delfsyl, meardere silen njonken inoar. Jacob van der Mersch tekene op syn Doalertkaart út 1574 fiif silen, wylst kronykskriuwer Johan Rengers fan Ten Post, dy't him berôp op de Doalertkaart fan it Grinzer stedhûs, miende dat der op syn minst sân silen wiene. Willem de Volder hat it yn in lofdicht oer Emden út 1553 oer sân silen by Fletum, dy't er lykstelt mei de Romeinske haven Flevum.
Ut Easterreide soe neffens de Prophecye fan Jarfke út 1597 ek it misboek weikomme, dêr't it ûntstean fan de Doalert yn beskreaun waard. Neffens Jarfke "wennen der in soad fan syn freonen". It dokumint dêr't nei ferwiisd wurdt blykt om in ferfalsing te gean dy't om 1550 hinne yn Grins útjoen waard.
Kleaster en boarch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1376 moast der al in nonnekleaster fan de dominikanessen west hawwe. Dat we in biddeloarder dy't him benammen yn heal-stêdlike delsettings fêstige. Wichtige gearkomsten waarden by de silen holden, allyk yn it tichteby lizzende kleaster Palmar of yn it Dominikanessekleaster. Yn Palmar waard yn 1427 ek in fernijd lânrjocht foar it Reiderlân en it Aldamt op skrift steld. Dêrnjonken stie der yn Easterreide noch in wichtige boarch, dy't yn de fyftjinde iuw eigendom wie fan de haadlingefamylje Addinga fan Westerwâlde. Mooglik stammen hja ôf fan de earder neamde doarpshearen. De ikkers en it healân om de boarch hinne wurde alteast noch neamd yn 1470. Harren lânguod rûn alhiel út ta it lettere eilân Garmede, yn it midden fan de Doalert.
Delgong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de snuorje fan de Grutte Fryske Kriich liet de Eastfryske haadling Keno tom Brok op twa plakken yn it Reiderlân de slûsdoarren yn 'e brân stekke. Wat de krekte datum dêrfan is, is net bekend, mar it moat foar maaie 1413 west hawwe, doe't de stêd Grins in militêre besetting yn Westerreide oanleine.[6]. De iennige boarne út dy tiid, de kronyk fan Johan fan Lemego, stelt dat gâns de streek inriedich wurden wie, itjinge sizze wol dat it wetter mei de tijen yn- en útstreamde.[7] Yn 1427 makken de Aldamsters plannen foar in needdyk fan Westerreijde up in der Wolden, en twa jier seine se help ta by it meitsjen fan de Reyder dijcke. Mar it wie om 'e nocht, want ek in nije dyk fan Reide nei Finsterwolde út 1454 hold it mar tolve jier fol.
Yn 1475 wie Easterreide noch in bloeiend doarp. De Doalertkaart jout ek noch in nôtmûne oan. In fearns iuw letter wie de tastân gâns oars. Yn 1500 wie der op syn minst ien geastlike, yn 1506 betelle it doarp noch belesting, mar nei de Kosmas- en Damianusfloed (1509) gie it fluch minder. It kleaster soe yn 1528 nei Lucaswolde oerbrocht wurde, dêr't in foarwurk of uythoff stie. Yn 1530 waarden de kleastergebouwen ôfbrutsen, dêr't it bouguod letter fan brûkt waard om de fêsting fan Delfsyl te fersterkjen. De lêste susters giene nei Grins. Om 1535 hinne weiden der noch grutte kudden skiep en jongfee op kwelders fan de Jansumer blincke justjes noardlik fan it doarp. Justjes letter ferdonk dat eilân ek en doe moast de tsjerke ek ferdwûn wêze. De boarch fan de Addinga's, in hoech heem, Addenheem neamd, tsjinne om 1580 hinne as stiengat, dêr't in grutte hoemannichte (groote mennichte) stien fan weibrutsen waard en nei alle gedachten mei skip ôffierd waard. Súdwestlik fan de Punt fan Reide lei om 1820 hinne noch de sânige Reiderplaat, hjoed-de-dei de Heringsplaat, hinne in oerbliuwsel fan ien fan dy eilannen. Folksferhalen sprutsen oer de oerbliuwsels fan in tsjerke yn in slinke fan it Kerkeriet.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|