Springe nei ynhâld

Ein fan 'e Mars

Ut Wikipedy
Ein fan 'e Mars
algemiene gegevens
auteur Ulbe van Houten
taal Frysk
foarm novelle
sjenre autobiografyske literatuer
1e publikaasje 1945, Ljouwert
bondel De Rook fan it Lân

Ein fan 'e Mars is in novelle (men soe it ek betitelje kinne as in langeftich koart ferhaal) fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en skoalmaster Ulbe van Houten (1904-1974). It is in autobiografysk wurk dêr't Van Houten syn eigen ûnderfinings as militêr yn 'e maaiedagen fan 1940 yn beskriuwt, ûnder de Dútske ynvaazje fan Nederlân. Ein fan 'e Mars is skreaun yn it personele perspektyf, mei as haadpersoan in sersjant Wytse Wouda, dat in alter ego fan 'e skriuwer is. De novelle waard yn 1945 publisearre en letter opnommen yn Van Houten syn ferhalebondel De Rook fan it Lân.

Van Houten, dy't yn 1904 berne wie, waard yn septimber 1939, doe't Nederlân de mobilisaasje ôfkundige yn reäksje op it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch, mei 35 jier wer ûnder de wapens roppen. Hy waard yndield by in Frysk rezjimint dat yn Haarlim lei. Under de Dútske ynvaazje fan Nederlân, fan 10 oant 15 maaie 1940, waard Van Houten yn Delft legere, mar de kapitulaasje kaam ear't er ea in skot hoegd hie ôf te fjurjen.[1] Yn 1941 sette Van Houten in ferslach fan syn ûnderfinings út dy maaiedagen op papier, yn 'e foarm fan in novelle dy't skreaun is yn it personele perspektyf. Dêrby naam er as haadpersoan in sersjant Wytse Wouda, yn it boargerlibben skoalmaster yn in doarp yn Fryslân, dat dúdlik in alter ego fan himsels is.[2]

It doel hie west om 'e novelle, dy't Van Houten de titel Ein fan 'e Mars meijoech, datselde jiers noch te publisearjen. Mar dêrfoar moast der tastimming komme fan 'e Dútske besetter, en dy liet op him wachtsje. Earst waard der likernôch in jier ferskiten, en doe kaam út De Haach it berjocht dat der in oersetting nei it Dútsk komme moast ear't men beoardielje koe oft de publikaasje trochgong fine koe. Yn oerlis mei de útjouwer besleat Van Houten doe om mar op 'e befrijing te wachtsjen. Mei't de útjouwer de tekst ûnderwilens al set hie, koe Ein fan 'e Mars nei de Dútske oerjefte yn maaie 1945 gaueftich ferskine.[3] Yn 1965 foege Van Houten de novelle ta oan 'e twadde printinge fan syn ferhalebondel De Rook fan it Lân. Dêrfan ferskynde yn 1994 de trêde printinge, yn it ramt fan 'e rige Fryske Klassiken, dy't besoarge waard troch Trinus Riemersma en útjûn waard troch Utjouwerij Fryslân yn gearwurking mei de Afûk.[4]

Yn 1945 en 1946 publisearre Van Houten yn it tydskrift De Stim fan Fryslân yn 'e foarm fan fúljetons twa ferfolchferhalen op Ein fan 'e Mars. It earste dêrfan bestie út twa ôfleverings en it twadde út sân. Van Houten naam dy beide ferhalen lykwols yn 1965 net op yn 'e twadde printinge fan De Rook fan it Lân, neffens resinsint Trinus Riemersma om't se "te kronykeftich" wiene. Sadwaande ûntbrekke dy ferhalen ek yn 'e trêde printinge fan 'e bondel.[5]

Yn Ein fan 'e Mars beskriuwt Van Houten op yngeande wize de betizing fan 'e maaiedagen fan 1940, doe't Nederlân alhiel ûnferwachts ynfallen waard troch nazy-Dútslân. Haadpersoan Wytse Wouda is in skoalmaster út in doarp yn Fryslân, dy't yn septimber 1939, nei de ôfkundiging fan 'e mobilisaasje, wer ûnder de wapens roppen is. Hy leit te Haarlim, dêr't er sersjant is by in rezjimint dat frijwol folslein út Friezen bestiet, en dêr't de fiertaal sadwaand it Frysk is. As yn 'e nacht fan 10 maaie de Dútske ynvaazje fan Nederlân begjint, is der by Wouda en de oare ûnderofsieren earst benammen ûnleauwe. Letter folget in gefoel fan ûnwurklikheid.

Der komt fan hegerhân befel dat it trêde bataljon op mars moat. Wouda en de wachtmaster, in Sakser út eastlik Grinslân wei (ien fan mar in pear net-Friezen yn it rezjimint) krije de lieding. De tocht giet by de Hollânske dunen lâns nei Leidsendam en dan troch nei Ryswyk, dêr't de nacht trochbrocht wurdt yn in fillawyk dêr't de soldaten ynkertiere wurde. Underweis hawwe se bytiden yn 'e fierte mitrailleurfjoer heard en sjoen hoe't Dútske bommesmiters oerkomme, mar fierder net in protte fan 'e oarloch murken. De oare deis giet de tocht fierder nei Leien en dan nei Delft, dêr't de Friezen wer ynkertiere wurde, diskear yn in folkswyk. Hoewol't nimmen it harren ferteld, liket it doel te wêzen dat se de Dútsers tsjinkeare moatte as dy trochbrekke by Rotterdam en optsjogge nei De Haach.

De Friezen lizze ferskate dagen yn Delft, dêr't oarders en tsjinoarders de betizing by de legerlieding dúdlik meitsje. De soldaten sels hawwe benammen te kampen mei ferfeling en mei ûngerêstens oer famylje en freonen yn Fryslân, yn it gefal fan Wouda syn frou Syts en harren trije bern. Op 'e middei fan 15 maaie sjogge se yn it suden de iene nei de oare weach Dútske bommesmiters oerkommen (by wat it bombardemint fan Rotterdam is), en as de nacht falt is oan 'e súdlike kym de reade lôge fan 'e baarnende stêd te sjen. Let dy jûns komt it berjocht fan 'e Nederlânske kapitulaasje, dy't by de Fryske soldaten, dy't it front net sjoen en noch gjin skot lost hawwe, benammen lulkens en frustraasje opropt. De novelle einiget as Wouda dy nachts nei in dwaaltocht by de troepen lâns in sliepplak fynt en nei lang omwuolle te hawwen einlings yn 'e sliep falt.

Ype Poortinga skreau yn 1945 oer Ein fan 'e Mars: "Dochs hat de novelle wol tige syn spanning, mar dan net dy fan it oan-en-oanjaan fan in slach, mar dy yn 'e siel fan Wytse Wouda en syn maten, mei oan 'e ein de frjemde reaksjes op 'e kapitulaasje, dy't wer sa wûndere krekt registrearre binne."[6] Neffens in oare resinsint, "F" (Riemersma freget him ôf oft dêr Eeltsje Boates Folkertsma efter skûlgiet) is Ein fan 'e Mars "in earlik, in beskieden en in ynbannich boek."[7] Sels fûn Trinus Riemersma de beskriuwing fan Van Houten "te kronykeftich"[8] en "machteleas."[9] Fierders skreau er: "Wat my bybliuwt út Ein fan 'e Mars is, dat ha 'k al neamd, de sersjant dy't mei it pantsje op 'e knibbels tsjin in beam oan sittend mei lange tosken syn andyvjerats opkôget. Mar der hie my wat òars bybliuwe moatten, de eangst fan dy soldaten foar de dea, it desoriïntearre wêzen fan 'e ûnderofsieren dy't lieding jaan moatte. It wurdt wol skreaun, mar it sprekt net út it ferhaal."[10]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Van Houten, Ein fan 'e Mars.
  2. Riemersma, s. 190.
  3. Riemersma, s. 190.
  4. Riemersma, s. 190.
  5. Riemersma, s. 190-191.
  6. Riemersma, s. 195.
  7. Ut it Frysk Deiblêd, 31 oktober 1945, oanhelle troch Riemersma, s. 195.
  8. Riemersma, s. 191.
  9. Riemersma, s. 194.
  10. Riemersma, s. 193.

  • Houten, Ulbe van, Ein fan 'e Mars, yn: Houten, Ulbe van, De Rook fan it Lân, Ljouwert, 1994 (Utjouwerij Fryslân/Afûk), ISBN 9 07 00 98 44X, s. 138-188.
  • Riemersma, Trinus, Oer Skriuwer, Boek en Utjeften, yn: Houten, Ulbe van, De Rook fan it Lân, Ljouwert, 1994 (Utjouwerij Fryslân/Afûk), ISBN 9 07 00 98 44X, s. 189-201.