Springe nei ynhâld

Eldorado (gedicht)

Ut Wikipedy
Eldorado
algemiene gegevens
oarspr. titel Eldorado
auteur Edgar Allan Poe
taal Ingelsk
foarm poëzij
sjenre lyrysk gedicht
1e publikaasje 1849
bondel The Works of the Late
   Edgar Allan Poe
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Eldorado
publikaasje 2008, yn HJIR
oersetter Herman Peenstra

Eldorado, mei deselde titel yn it oarspronklike Ingelsk, is in gedicht fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849). It bestiet út fjouwer kûpletten fan elts seis fersregels (saneamde sekstetten). Eldorado wie ien fan Poe syn lêste gedichten, en waard ynspirearre troch de Kalifornyske Goudkoarts fan 1849. It waard foar it earst publisearre yn april fan datselde jier, yn it Bostonske tydskrift Flag of Our Union. De Fryske oersetting, fan Herman Peenstra, datearret út 2008.

Eldorado beskriuwt de reis fan in "galante ridder" dy't op 'e siik is nei de legindaryske stêd fan goud, El Dorado. Hy spandearret it meastepart fan syn libben oan dy syktocht, mar berikt syn doel net. Pas op hege jierren moetet er einlings in "pylgerskaad" dat him de wei wiist troch de "Skadedelling".

Poe brûkt de term "skaad" yn 'e midden fan elts fan 'e kûpletten, mar de betsjutting fan dat wurd feroaret hieltyd. Yn it earste kûplet is it in letterlik skaad, dêr't it sinneljocht tsjinkeard wurdt. Yn it twadde kûplet wurdt der somberheid of wanhope mei bedoeld. Yn it trêde kûplet tsjut it in geast of skym oan. En yn it lêste kûplet, dêr't it brûkt wurdt yn 'e bibelske oantsjutting the Valley of Shadow ("de Skadedelling"), bedoeld Poe mooglik te sizzen dat Eldorado (of rykdom yn it algemien) net yn it libben fûn wurde kin, mar inkeld yn it hjirneimels.

Edgar Allan Poe.

Gaily bedight,
A gallant knight,
In sunshine and in shadow,
Had journeyed long,
Singing a song,
In search of Eldorado.

But he grew old—
This knight so bold—
And o'er his heart a shadow
Fell as he found
No spot of ground
That looked like Eldorado.

And, as his strength
Failed him at length,
He met a pilgrim shadow—
"Shadow," said he,
"Where can it be—
This land of Eldorado?"

"Over the Mountains
Of the Moon,
Down the Valley of the Shadow,
Ride, boldly ride,"
The shade replied—
"If you seek for Eldorado!"

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Eldorado ferskynde yn 2008 ûnder deselde titel yn it tydskrift HJIR. De fertaling wie fan 'e hân fan Herman Peenstra.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Poe, Edgar Allan, Eldorado (oers. Herman Peenstra), yn: HJIR, ISSN 1384-0614, jiergong 37 (2008), ôfl. 6 (nov.), s. 50-51.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.