Springe nei ynhâld

Erasmuspriis

Ut Wikipedy
Erasmuspriis
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
útrikt foar kultureel, sosjaal of sosjaal-wittenskiplik mêd
útrikt troch Stifting Praemium Erasmianum
frekwinsje alle jierren
plak De Haach (Nederlân)
ynsteld 1958
1e útrikking 1958
offisjele webside
http://www.erasmusprijs.org

De Erasmuspriis is in priis dy't yn 1958 ynsteld is troch Prins Bernhard foar bysûnder wichtige bydragen op kultureel, sosjaal of sosjaal-wittenskiplike mêd, yn Jeropa en dêrbûten. Klam leit op humanistyske wearden: tolerânsje, kulturele mearfoarmigens en ûndogmatysk, kritysk tinken.

De priis is yn 1958 ynsteld troch Prins Bernhard, en wurdt alle jierren takend troch it bestjoer fan de Stifting Praemium Erasmianum. De priis wurdt benammen útrikt as in bekroaning foar eardere prestaasjes. De útrikking is yn it Paleis op 'e Daam yn Amsterdam. De stifting kin in publikaasje oer it wurk fan de priiswinner útbringe, en it mêd krijt oandacht yn it jierferslach fan de stifting. Ferbûn oan de priis is ek in jildbedrach fan, sûnt 2012 € 150.000.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]