Springe nei ynhâld

Ezinge

Ut Wikipedy
Ezinge
De tsjerke en tsjerketoer fan Ezinge yn 2009. It hûs rjochts is letter by de toer oanboud.
De tsjerke en tsjerketoer fan Ezinge yn 2009. It hûs rjochts is letter by de toer oanboud.
Emblemen
                 
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerkertier
Sifers
Ynwennertal 685 (2023) [1]
Oerflak 0,59 km²
wêrfan lân: 0,58 km²
wêrfan wetter: 0,01 km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten
Kaart
Ezinge (Grinslân)
Ezinge

Ezinge (Grinslânsk: Aizing) is in terpdoarp yn Grinslân, dat yn it noarden fan de gemeente Westerkertier oan it Oldehoofsche kanaal leit. Oant 1990 wie it in selsstannige gemeente, mar it doarp waard doe part fan de gemeente Winsum. Ezinge foarmet sûnt 1 jannewaris 2019 ûnderdiel fan de gemeente Westerkertier.

Yn 2008 hie Ezinge 750 ynwenners.[2]

Ezinge is it haaddoarp fan it eardere skiereilân Middag. Dat ûntstie yn de achtste iuw yn de mûning fan de Hunze (no: Reitdjip) troch ynbrekken fan de Lauwerssee. Ezinge is bekend fan de opgravings dy't de archeolooch Albert van Giffen (1884-1973) dêr yn de jierren tweintich en tritich fan de tweintichste iuw dien hat. Dêrby binne de oerbliuwsels fûn fan 85 pleatsen en 60 bygebouwen út de perioade 600 f.Kr. oant de fyfde iuw n.Kr. In bysûndere fynst wie de gouden "swurdknop fan Ezinge", dy't út de sande iuw datearret en dy't te fergelykjen is mei dy út it keningsgrêf fan Sutton Hoo yn Ingelân.[3]

Ezinge hat in beskerme doarpsgesicht. Part dêrfan is de tsjerke út de tretjinde iuw, dy't op de râne fan de ôfgroeven terp leit en dêr't de tsjerketoer fan los fan de tsjerke sels stiet.

Yn it doarp is it museum Wierdenland, Centrum voor wierden en landschap (foarhinne: Museum Wierdenland) festige, dat terpen en it terplânskip ta ûnderwurp hat.

Noardeastlik fan Ezinge stiet de Allersmaboarch, wêrfan it âldste part yn 1400 boud waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Westerkertier
Doarpen:
AduardBoerakkerBriltilDe WylpDen HamDen HornDoezumEnumatilEzingeFeerwerdFisflietGarnwerdGrypskerkGruttegastJonkersfeartKommersylKoerherneLauwerssylDe LikeLettelbertLucaswoldeLytsegastMearumMidwoldeNiebertNiehoveNijtsjerkNijesylNoardhornNoardwykNuisOldehoveOldekerkOostwoldDe Grinzer PeinPitersylSaaksumSebaldebuorrenTolbertZevenhuizenSúdhorn
Buorskippen:
AalsumAduarder VoorwerkAduardersylAllardseach (foar in part)AllersmaAntumBakkeromBalktilBalmahuizenBarnwertBeswerdBlauwBoerestreekBokkebuertBolshuizenBrillerijBremenBuikstedeDe BombayDe EestDe HaarDe HaspelDe HolmDe JammerDe JouwerDe KampenDe LindeDe PoffertDe RuigewaardDe SnipperijDe TentenDe WierenDe WykDjipswâl (De Like)Djipswâl (Súdhorn)DorpDwarshaspelEekeburenEibersburenElectraEnglumFaanFransumFransumer VoorwerkFrytumGaaikemadykGaaikemaweerGaarkeukenHamrikHardeweerHeereburenHeineburenHet SchoorHilmahuisHoogemeedenIkumJuursemakluftKenwerdKeuningswijkKokswijkKornhornKrassumKroonsfeldKuzemerKuzemerbalkLagemeedenLammerburenLangeweerMokkenburgNieuwbrugNieuwklapNoorderburenNoordhornergaNoordhornertolhekOkswertOosterzandOostindië (foar in part)OostumOude WierdenPamaPasopPeeboskRûgesânSchifpotSelwerdSpanjaardsdijkSteentilSuttum't Hoekje't Kret't MalijkTolhekTopweerTrimuntUiterdijkVeldstreekWesterdijkWesterhornWesterzandWierumerschouwWillemstêdSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
Van StarkenborghkanaalWylpster WykAduarderdjipOldehoofsk kanaalFisflieterdjipHoendjipLykster Haaddjip
· · Berjocht bewurkje