Springe nei ynhâld

Falerianus

Ut Wikipedy
Portret fan Falerianus I op in sesterty

Publius Lisinius Falerianus, bekend as Falerianus I, (berne tusken 193 en 200 - stoarn nei 260) wie Keizer fan Rome fan 253 oant 260.

Falerianus wie ôfkomstich út in foaroansteand Romeinsk laach en moat even foar 200 berne wêze. Fan syn iere libben is frijwol neat bekend útsein dat er senator wie yn Rome foardat er keizer waard, doe't Aemilianus yn 253 de macht grypte.

Yn dy tiid waard Falerianus der op útstjoerd om troepen foar Trebonianus Gallus te heljen yn syn striid tsjin Aemilianus dy't yn opstân kommen wie tsjin de keizer. Lykwols ferklearen de troepen Falerianus ek ta keizer. Doe hy mei dat leger Itaalje berikte wie Trebonius Gallus al ferslein troch Aemilianus, en die bliken dat de nije keizer al wer fermoarde wie troch syn eigen troepen. Falerianus koe sûnder fierdere problemen keizer wurde.

Ienmel op de troan beneamde Falerianus syn soan Gallienus ta mei-keizer. Hja ferdiele it wurk fan keizer; Gallienus soe it westen regeare en Falerianus it easten.

Ien fan Falerianus earste dieden as keizer fan it easten wie it weroverjen fan Antiochje op de Perzen yn 257. Al gau krige hy yn Anatoalje te meitsjen mei in ynfal fan de Goaten. Hy stjoerde it leger derop ôf en bleau sels yn Antiochje, omdat er noch hieltyd de hannen fol hie oan de Perzen. Yn 259 waard it leger troffen troch in pokken-epidemy en moast er nei Edessa. Hy besiket frede te sluten mei de Perzen mar dat slagget him net. Syn missy rint út op in fiasko dêr't sels by finzen nommen wurdt troch de Perzyske kening Shapur I. As finzene oan it Perzyske hof komt Falerianus yn 260 te stjerren.

Kristlike skriuwers út dy perioade hienen de gek mei wat dizze keizer oerkommen wie. Sy skreaunen dat er as opstapke brûkt waard troch de Perzyske kening en letter, neidat er goud opdrinke moast, fild wêze soe. Syn ôfstrûpte hûd hong as trofee yn in seal. By in folgjende oerwinning fan de Romeinen kearde syn stoflik oerskot werom en waard hy kremeare.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]