De fleanende iikhoarntsjes fan de Nije Wrâld of fleanhoarntsjes fan de Nije Wrâld (wittenskiplike namme: Glaucomys) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e echte iikhoarntsjes (Sciurinae), de tûke fan 'e fleanende iikhoarntsjes (Pteromyini) en de ûndertûke fan 'e blaugrize fleanende iikhoarntsjes (Glaucomyina). Ta dit skaai hearre de beide soarten fleanende iikhoarntsjes út Noard- en Midden-Amearika, wat de iennichste fertsjintwurdigers fan dy taksonomyske tûke yn 'e Amearika's binne. Se komme foar fan Alaska oant Hondoeras. De namme Glaucomys betsjut "blaugrize mûs".
- skaai fleanende iikhoarntsjes fan de Nije Wrâld (Glaucomys)
|