Florianus
Florianus, folút Marcus Annius Florianus Pius († 276), wie in skoftsje Romeinsk keizer yn it jier 276 fan july oant septimber. Yn de skiednis hat er net fan grut belang west. Neffens de fjirde-iuwske skiednisskriuwer Eutropius hat er neat dien dat de muoite wurdich is om yn it sin te bringen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Florianus waard yn 276 troch it westlik leger as opfolger keazen fan keizer Tasitus, dy't mooglik syn healbroer wie. It leger yn it easten keas lykwols Probus as keizer. Florianus hie in grutter leger, mar Probus wie de bettere generaal. Ek by it westlik leger wienen syn kwaliteiten bekend. It slagge Probus it leger fan Florianus der fan te oertsjûgjen dat sy him better net bestride koene. Florianus waard dêrnei troch syn eigen soldaten fermoarde. Hy hie amper 88 dagen regearre.