Fokker F.III
Fokker F.III | |
---|---|
Rol | |
Makker | Fokker |
Untwerper | Reinhold Platz |
Earste flecht | april 1921 |
Yn tsjinst | 1921 |
Ut tsjinst | |
Tal makke | 66 (1920/21) |
Grutste brûkers | Deutsche Aero Lloyd, KLM |
Farianten |
De Fokker F.III wie in fan it Nederlânske bedriuw Fokker boud fleantúch út de jierren tweintich fan de 20e iuw. De F.III waard ûntwikkele út de Fokker F.II ûnder oaren op fersyk fan KLM direkteur Albert Plesman. It ûntwerp waard oktober 1920 pesintearre en wie fan de hân fan Fokkers yngenieur Reinhold Platz. De earste flecht wie begjin 1921. De masine waard ynearste allinne yn de Dútske Fokkerfabriken makke, mar rillegau ek yn de Nederlânske. Der binne totaal 66 fan boud yn de jierren 1920/21.
De F.III is in ienmotorige heechdekker mei in healiepen cockpit en in dûbelblêdige propeller. De fleander siet njonken de motor wat fanwege de hjitte net noflik wie wylst er oan de oare kant sawat befrear. Efter de cockpit wie in kabine mei komfortabel plak foar 5 passazjiers. Guon ferzjes fan de F.III hiene ek noch in apart frachtrûm.
Fokker F.III by KLM
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't de Fokker F.II goed foldie by de KLM wie der dochs ferlet fan in better fleantúch. Plesman woe mear faasje en mear kapasiteit en die nei de 2 F.II's in bestelling fan 8 F.III's by Fokker. Plesman woe syn F.II's graach ynruilje by Fokker, mar dy woe dêr net oan en dat joech wat skeel tusken de manlju. De F.III's foldiene oan de winsken en der folgen mear bestellings. KLM hat totaal 16 F.III's yn eigendom hân, útrist mei ferskate types motors. De tastellen waarden brûkt foar flechten op Londen, Hamburch en Bremen en letter yn 1922 ek op de rûte nei Parys. Yn 1926 ferkocht KLM fiif tastellen oan it Switserske Balair. De tastellen hawwe by de KLM tsjinne oant de komst fan de opfolger, de Fokker F.VII.
Op 22 juny 1922 wie it earste ûngemak mei deadlik gefolch yn de KLM-skiednis. Een F.III, flein fan A.P.J. Pijl, rekke it paad kwyt yn de mist boppe It Kanaal. Fan de H-ABS is nea wat weromfûn.
Oare brûkers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Switserlân
Technyske feiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Feiten | |
---|---|
Bemanning | 1 |
Passazjiers | 5 |
Lingte | 11,07 m |
Spanwiidte | 17,62 m |
Hichte | 3,66 m |
Fleugeloerflak | 39,1 m² |
Leechgewicht | 1.200 kg |
Startgewicht | 2.000 kg |
Krúsfaasje | 135 km/o |
Heechste faasje | 150 km/o |
Krúsplafond | 4000 m |
Fleanberik | ±650 km |
Motor | ien wetterkuolle seissylinder-linemotor Armstrong Siddeley Puma fan 179 kW / 235 hk |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fokker F.III fan Wikimedia Commons. |