Frânske Alpen
De Frânske Alpen is it part fan de Alpen dat yn Frankryk leit, yn de súdeastlike regio's Provence-Alpes-Côte d'Azur en Rhône-Alpes, by de grins del mei Itaalje en Switserlân. Bekende stêden yn it gebiet binne Grenoble, Chamoniks, Chambéry en Albertville, dêr't yn 1992 de Olympyske Winterspullen hâlden waarden.
De Mont Blank yn de Frânske Alpen is (mei in hichte fan 4.808 meter) de heechste berch fan de Alpen en de op ien nei heechste berch fan Jeropa.
De Frânske Alpen binne tige populêr by skytoeristen. Yn it geberchte lizze de twa grutste skygebieten fan 'e wrâld, de Portes du Soleil (650 km skipistes, 209 skiliften) en Les Trois Vallées (600 km skypistes, 200 skyliften). It skyoarde Alpe d'Huez is foaral bekend wurden as finish fan de berucht steile berchetappe yn de Toer de Frânsk.
De Frânske Alpen kinne fierder ûnderferdield wurde yn de:
- See-Alpen
- Kottyske Alpen
- Dauphiné-Alpen
- Graiske Alpen
- Walliser Alpen (Penninyske Alpen)
- Frânske Préalpen