Springe nei ynhâld

Franz Bopp

Ut Wikipedy
Franz Bopp

Franz Bopp (Mainz, 14 septimber 1791 - Berlyn, 23 oktober 1867) wie in Dútske taalkundige dy't fan grut belang west hat foar de fergelykjende stúdzje fan Yndo-Europeeske talen.

Nei fjouwer jier yngeande stúdzje yn Parys, ferskynde Bopp syn earste publikaasje yn 1816, Über das Conjugationssystem der Sanskritsprache in Vergleichung mit jenem der griechischen, lateinischen, persischen und germanischen Sprache ('Oer de bûging fan it Sanskryt fergelike mei dy fan it Gryksk, Latyn, Perzysk en Germaansk'). Bopp besocht yn dat wurk as earste de mienskiplike oarsprong fan grammatikale struktueren yn dat ferskaat oan talen te efterheljen. Middels rekonstruksje woe Bopp de transparantens tusken ferskillende taalstadiums ophelpe.

Fan 1833 oant 1852 ferskynde in noch bredere stúdzje fan Bopp (seis dielen), mei de titel Vergleichende Grammatik des Sanskrit, Zend, Griechischen, Lateinischen, Litthauischen, Altslawischen, Gotischen und Deutschen ('Fergelykjende grammatika fan it Sanskryt, Avestysk, Gryksk, Latyn, Litousk, Ald-Slavysk, Goatysk en Dútsk').

  • Vocalismus, oder sprachvergleichende Kritiken, Berlyn 1836 (Digitalisearre)
  • Über die keltischen Sprachen (Oer Keltyske talen), Berlyn 1839
  • Über die Verwandtschaft der malaiisch-polynesischen Sprachen mit dem Indogermanischen, Berlyn 1841
  • Über die kaukasischen Glieder des indo-europäischen Sprachstammes, Berlyn 1847
  • Über die Sprache der alten Preußen, Berlyn 1853
  • Vergleichendes Accentuationssystem, Berlyn 1854
  • Über das Albanesische in seinen verwandtschaftlichen Beziehungen, Berlyn 1855