Springe nei ynhâld

G.I. Jane (film út 1997)

Ut Wikipedy
G.I. Jane
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Ridley Scott
produsint Ridley Scott
Roger Birnbaum
Demi Moore
Suzanne Todd
senario David Twohy
Danielle Alexandra
kamerarezjy Hugh Johnson
muzyk Trevor Jones
filmstudio Hollywood Pictures
Caravan Pictures
Roger Birnbaum Productions
Largo Entertainment
Scott Free Productions
distribúsje Buena Vista Pictures
spilers
haadrollen Demi Moore
Viggo Mortensen
byrollen Jason Beghe
Scott Wilson
Anne Bancroft
Morris Chestnut
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 22 augustus 1997
foarm langspylfilm
sjenre dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 124 minuten
budget en resultaten
budget $50 miljoen
opbringst $48,2 miljoen

G.I. Jane (útspr.: [ˈʤiːaːi̭ ˈʤeːn], likernôch: "dzjii-aai dzjeen) is in Amerikaanske dramafilm (en in bytsje in oarlochsfilm) út 1997 ûnder rezjy fan Ridley Scott. De haadrollen waarden spile troch Demi Moore en Viggo Mortensen. It (fiktive) ferhaal folget de earste frou dy't har opjout foar in training ta kommando fan 'e Amerikaanske Marine, ien fan 'e swierste militêre opliedings dy't mar bestiet. Behalven mei de ferwachte wjerstân fan har manlike kollega's kriget hja ek te meitsjen mei tsjinwurking fan 'e top fan 'e Amerikaanske Striidkrêften en mei politike konkelfoezerij. G.I. Jane krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen om't it Amerikaanske filmpublyk nei't it skynt noch net ree wie foar in film oer froulju yn gefjochtsrollen yn 'e kriichsmacht.

De titel G.I. Jane is de froulike foarm fan "G.I. Joe", in bynamme foar de Amerikaanske soldaat. De ôfkoarting "G.I." stiet foar Government Issue, wat safolle betsjut as "troch de oerheid ferskaft".

In kommisje fan 'e Amerikaanske Senaat (dy't yn it steatsbestel fan 'e Feriene Steaten ferantwurdlik is foar it oanstellen fan regearingsfunksjonarissen), fielt in Theodore Hayes oan 'e tosk, in gadingmakker foar de post fan steatssekretaris fan Marine. Senator Lillian DeHaven út Teksas hat dêrby krityk op 'e Amerikaanske Marine om't dy froulju efterstelt yn ferhâlding ta manlju. Foar de kamera's lit hja trochskimerje dat Hayes net op har stim hoecht te rekkenjen as er net mei gauwens soarget dat dat feroaret. Efter de skermen wurdt troch hantsjebakken in oerienkomst sletten tusken Hayes en DeHaven: der sil in stikmannich tests dien wurde mei froulju dy't yn gefjochtsfunksjes tsjinje, en as froulju dêr geunstich prestearje, sil de Amerikaanske Marine froulju folslein yntegrearje yn alle funksjes.

Hayes, dy't mordikus tsjin is op 'e yntegraasje fan froulik personiel yn gefjochtsfunksjes, soarget derfoar dat it earste testgefal ien fan 'e swierste militêre opliedings is dy't mar bestiet, foar it Kombinearre Ferkenningsteam (CRT) fan 'e Amerikaanske Marine. Dat is in kommando-ienheid dêr't noch swierdere easken oan steld wurde as oan 'e bekendere SEALs, de befaamde Amerikaanske marinekommando's. Senator DeHaven kriget in stikmannich mooglike froulike dielnimmers oan dy oplieding foarlein, wêrút se luitenant-op-see 2e klasse Jordan O'Neil kiest, in topografysk analiste. De kar wurdt inkeld basearre op it kreas foarkommen fan O'Neil, dat frouliker is as dat fan 'e oare kandidates. DeHaven fynt dat fan belang om't se ien siket dy't geunstich oerkomme sil op it Amerikaanske publyk as har foto's yn 'e media ferskine.

O'Neil hat in relaasje mei luitenant-op-see 1e klasse Royce Harper, dy't yn deselde klasse as sysels siet op 'e Amerikaanske Marine-akademy yn Annapolis. Hy hat no lykwols in hegere rang as sy om't er yn in oarlochssitewaasje tsjinne hat, eat dat sy net mei. Dy ûnearlikheid is foar har motivaasje om mei te dwaan oan it testgefal (dêr't se sûnder har eigen meiwitten troch har oerhearrigen foar selektearre wie). Harper is net bliid mei har dielname oan 'e test, dat se krije wurden en O'Neil begjint mei ûnútprate rûzje mei har frijer oan 'e oplieding.

Op in marinebasis yn Floarida, dêr't de CRT-oplieding plakfynt, wurdt O'Neil net mei iepen earms ûnthelle. Basiskommandant Salem hâldt syn fatsoen, mar it is dúdlik dat er har leaver gean as kommen sjocht. En in soad fan 'e oare dielnimmers oan 'e oplieding sjogge har meidwaan as in publisiteitsstunt en in mislediging oan harren eigen adres. Ien fan harren is sersjant Cortez, dy't oan ien wei troch seksistyske opmerkings makket. Inkeld de swarte luitenant McCool, waans pake yn 'e Twadde Wrâldoarloch omreden fan syn hûdskleur by de Amerikaanske Marine inkeld kok wêze mocht, hat begryp foar O'Neil har sitewaasje en omskriuwt har as "de nije neger". Om rekken te hâlden mei har "sitewaasje" (d.w.s. har sekse) wurdt O'Neil bêde yn in fierders lege barak, dêr't se in eigen dûs en in eigen húske hat. Ek mei se har hier lang hâlde, wylst de manlju allegearre kealskeard binne.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Om sels mar oan 'e eigentlike training begjinne te meien, moat O'Neil in seleksjeprogramma trochrinne wêrby't 60% fan 'e kandidaten útfalt. De earste wike is de saneamde "Helwike", wêryn't de kandidaten in grouwélige fysike test folbringe moatte. De lieding oer de training is yn 'e hannen fan 'e ûnmeilydsume sersjant-ynstrukteur Jack Urgayle en syn assistinten Pyro en Johns. Dyselden litte de kandidaten dagen fan tweintich oeren meitsje, wêrby't se oan ien wei troch swiere taken útfiere moatte dy't ûntwurpen binne om har sawol lichaamlik as geastlik ôf te mêdzjen, oant se der fan útputting letterlik hinne falle. Sa moatte se oerenlang swiere rubberboaten hinne en wer drage oer it mulle sân fan it strân, wylst de ynstrukteurs harren út 'e boaten wei sûnder ophâlden taskreauwe. Ek moatte se reuseftige silinderfoarmige stjitkjessens by de dunen oprôlje en hindernisbanen ôfwurkje wylst se amper ite meie.

By it ôflizzen fan 'e hindernisbaan by nacht sjocht Urgayle troch in nachtkiker hoe't O'Neil de manlike leden fan har team oer it muorre-obstakel hinne helpt troch se harrensels ôfsette te litten op har rêch. As de lêste oer de muorre is, moat dy har oplûke, mar it is Cortez, dy't har mei sin falle lit en har tabyt dat se oprotte moat. Hy mient dat net ien dat yn it tsjuster sjoen hat, mar hy kriget letter in flinke bestraffing fan Urgayle, dy't him fertelt dat er him, foar't de training foarby is, yndruie sil wat "teamwurk" betsjut. Nettsjinsteande it feit dat O'Neil troch dit akkefytsje folle letter as de rest fan har team oer de einstreek komt, hat se it dochs binnen de tiid helle.

It docht nammentlik bliken dat O'Neil by it ôflizzen fan 'e hindernisbaan automatysk in foarsprong fan 30 sekonden op 'e manlike kandidaten kriget by wize fan "geslachtsnormearring". Dat wurdt har te gek, dat se stapt nei kommandant Salem ta om deselde mjitstêven te easkjen as de manlike kandidaten. Dêrmei wint se Salem syn ûnútsprutsen respekt, en hoewol't er har in beskrobbing jout om har oerhearrigens, kriget se har sin. O'Neil giet neitiid earst nei de hierknipper fan 'e basis, dêr't se mei in tondeuze al har hier ôfskeard. Dêrnei nimt se har guod mei en jout har del op in frij bêd yn 'e barak fan 'e manlju. Dat is tsjin 'e seare skonk fan Cortez, dy't bot oerémis wurdt as er wekker wurdt en O'Neil op it oanbuorjende bêd oantreft. Urgayle fertelt him dat er der mar mei leare moat te libjen, of oars kin er altyd opjaan en nei hûs gean.

Underwilens wurdt O'Neil har fuortgong mei arguseagen folge troch de lieding fan 'e marine en steatssekretaris fan Marine Hayes. Royce Harper, fan wa't nimmen wit dat er in relaasje mei O'Neil ûnderhâldt, kriget opdracht om foar Hayes en de stêfsjef fan 'e Amerikaanske Marine de sitewaasje yn 'e gaten te hâlden en harren der ferslach fan te dwaan. Hoewol't er earst net bot foarstanner fan O'Neil har dielname oan 'e training wie, begjint er by te draaien as er út 'e earste hân heart en sjocht hoe denigrearjend oft der dien wurdt troch de marinelieding oer in frou dy't gewoan har bêst docht om in oplieding te foltôgjen.

De achtste wike fan 'e oplieding fynt plak yn Captiva (Floarida) en bestiet út in training dy't SERE hjit, in ôfkoarting foar Search, Evasion, Resistance and Escape ("Sykjen, Untwiken, Ferset en Untsnapping"). O'Neil stiet no oan it haad fan har team en kriget, krekt as de oare teamlieders, opdracht om in sabeare militêre ynstallaasje fan 'e fijân te sykjen en ferkennen en mei de opdiene ynformaasje nei de basis werom te kearen. Mei it sykjen giet it dat it slydjaget, mar it ferkennen mislearret folslein trochdat Cortez en in oar lid fan har team, Slovnik, de befellen negearje dy't O'Neil harren jout. Dêrtroch wurdt it hiele team finzen nommen troch Urgayle, Pyro en Johns. Neitiid wurde se ûnderwurpen oan in hurdhannige ûnderfreging, krekt sa't barre kinne soe as se yn it echt troch de fijân kriichsfinzen nommen wiene.

Nei oerenlang yn in lytse koai finzen holden te wêzen, wurdt O'Neil troch Urgayle by de ûnderfreging mishannele wylst se de hannen op 'e rêch bûn hat. As se neat sizze wol, nimt er har mei nei de gruttere koai dêr't har teamleden finzen sitte. Om dyselden oan 'e praat te krijen, ferdrinkt er O'Neil heal yn in fol mei wetter steande trôch. Dêrnei jout er in staaltsje seksueel oer de grins geand gedrach wei troch har tsjin in tafel oan te triuwen en de broek del te lûken. O'Neil brekt him lykwols de noas troch har holle efteroer te goaien, wêrnei't se him, noch hieltyd mei de hannen op rêch bûn, yninoar skopt. Troch sa fan har ôf te biten en mei har wegering om op te jaan wint se it respekt fan sawol Urgayle as har teamleden, Cortez ynbegrepen. Letter wurdt Urgayle apart nommen troch Max Pyro, dy't tsjin him seit dat er niiskrekt mei O'Neil te fier gien is en dat soks net wer barre mei. Urgayle antwurdet dat it beslist wer barre sil. Dêr heakket er by wize fan útlis oan ta: "Sy is it probleem net. Wy binne it probleem."

De marinelieding begjint sa njonkelytsen frijwat senuweftich te wurden. Se hiene de der alle fertrouwen yn dat in frou by de CRT-training gau ôffalle soe, mar dêr wiene se blykber mis mei. Ynstee is it súkses fan O'Neil útlekt nei de media, dy't har de bynamme "G.I. Jane" jûn hawwe (de froulike foarm fan "G.I. Joe", de algemiene bynamme foar de Amerikaanske soldaat). Wannear't O'Neil, as se werom is fan 'e SERE-training, wat op it strân ûntspant mei de ferpleechkundige luitenant Blondell en ferskate oare froulju dy't op deselde marinebasis tsjinje, wurde dêr foto's fan makke troch ien mei in telelins dy't harren fan op ôfstân bespionearret. Letter wurde dy foto's troch de marinelieding brûkt om ûnsinbeskuldigings op te klopjen dat O'Neil in lesbiënne is dy't omgiet mei froulju op 'e siik nei seks. Yn in tiid dat iepentlike homoseksualiteit yn 'e Amerikaanske Striidkrêften noch strang ferbean is, jout soks har tsjinstanners wat om tsjin har te brûken. Kommandant Salem biedt O'Neil, yn opdracht fan 'e juridyske tsjinst fan 'e Amerikaanske Marine, in burobaan oan hingjende it ûndersyk nei de kwestje. As de beskuldigings sûnder grûn blike te wêzen, kin se altyd de CRT-oplieding op 'e nij dwaan. O'Neil betanket dêrfoar en beslút om harsels "út te beljen" (troch trije kear in lytse liedklok by de barakken te lieden ta teken dat se har frijwillich út 'e oplieding weromlûkt).

Neitiid giet O'Neil lulk, frustrearre en teloarsteld nei hûs, dêr't se opwachte wurdt troch Harper. Nei't se de nacht tegearre trochbrocht hawwe en O'Neil foar it earst yn lange tiid in folle nacht sliep helle hat, lit Harper har de oare moarns de orizjinele kopyen fan 'e foto's fan har, Blondell en de oare froulju op it strân sjen, dy't anonym nei de marine opstjoerd binne. Dan lit er har in brief mei guon kopyen sjen dy't de marine tastjoerd binne troch it kantoar fan senator DeHaven. Yn 'e marzje fan beide sets kopyen sit persiis deselde ferfoarming, feroarsake troch in ûnfolkommenheid yn 'e glêsplaat fan 'e kopiëarmasine. O'Neil beseft dat se ferret is troch DeHaven. Se reizget op slach nei Washington, D.C., dêr't se yn it Amerikaanske Kapitoal DeHaven mei har ûntdekking konfrontearret.

Dan docht bliken dat DeHaven nea serieus wie mei har striid foar froulju yn 'e kriichsmacht, mar der inkeld wat geunstige berjochten yn 'e media mei behelje woe. Se hie ek net ferwachte dat O'Neil it mear as in pear wike folhâlde soe. Doe't dat wol sa wie, sette de marinelieding, dy't fan har ôf woe, DeHaven ûnder druk troch dermei te driigjen dat yn har thússteat Teksas seis legerbases sletten wurde soene. Dat soe dêr foar in protte wurkleazens soargje, en dêrmei DeHaven har werferkiezing frijwol ûnmooglik meitsje. DeHaven ruile O'Neil doe út tsjin it iepenhâlden fan 'e legerbases. O'Neil hat dêr gjin boadskip oan; sy wol dat DeHaven derfoar soarget dat de ûnsinnige beskuldigings fan tafel geane en dat sy wer ta de CRT-oplieding talitten wurdt sûnder dat se de hiele training op 'e nij trochrinne moat. As DeHaven dat net docht, stapt O'Neil mei har ferhaal nei de media. DeHaven seit dat se nearne bewiis fan hat, mar O'Neil antwurdet dat der likemin bewiis wie fan har sabeare lesbyske relaasjes. DeHaven seit dat it ûnmooglik is wat se freget, mar as O'Neil de keamer útrint en op 'e tichtstbye kamera ôfstapt, hastiget de senator har efternei en hâldt se har op it lêste momint tsjin.

Achtenfjirtich oeren nei't se harsels útbelle hie, is O'Neil werom yn Floarida, dêr't se úteinset mei de lêste stadia fan 'e CRT-oplieding. It alderlêste ûnderdiel is in operasjonele paraatheidstraining oan board fan in marineskip fan 'e Amerikaanske 6e Float yn 'e Middellânske See. Wylst se dêr op oefening binne, fynt der in echt needgefal plak wannear't in Amerikaanske militêre ferkenningssatellyt, oandreaun troch wapenklear plutoanium, delstoart yn Lybje. Mei't dat lân bestjoerd wurdt troch de ûnberekkenbere diktator Mûammar Chadaffi, is de kâns grut dat it plutoanium yn 'e ferkearde hannen falle sil. In team fan Rangers (kommando's) fan it Amerikaanske Leger wurdt stjoerd om 'e brokstikken fan 'e satellyt op te fandeljen en geandefoets nei de kust te sjouwen. Sersjant-ynstrukteur Urgayle en syn learlingen wurde ynset foar de ekstraksje fan 'e Rangers fan 'e kust nei de float.

Wylst de oaren op it strân de evakuaasje tariede, geane Urgayle en O'Neil tegearre op ferkenning. As se op in Lybyske militêre patrûlje stjitte, sjit Urgayle tsjin O'Neil har winsken yn in soldaat dea om har te beskermjen. Dat lûkt de rest fan 'e patrûlje oan. O'Neil wit fuort te kommen trochdat Urgayle de patrûlje efter himsels oanlokket. Werom op it strân lit O'Neil de lokaasje foar de ekstraksje fan 'e Rangers in ein fersette en stjoert se luitenant Wickwire mei it meastepart fan 'e CRT-kandidaten nei de nije lokaasje. Sels foarseit se troch har kennis as topografysk analiste oan 'e hân fan it lânskip wêr't Urgayle hinne giet. Mei har team set se in mûklaach mei Claymore-antypersonielsminen op en wachtet se him en syn Lybyske efterfolgers dêr op. Urgayle wurdt ferskate kearen yn 'e skonk sketten en falt midden tusken de minen del. O'Neil weaget har eigen libben troch him dêrwei te skuorren, sadat de minen tsjin 'e Lybjers ynset wurde kinne. Mei help fan McCool draacht se de sersjant-ynstrukteur nei in wachtsjende helikopter ta en sa ûntkomt it hiele team nei de float.

Werom yn Floarida wurde alle oerbleaune kandidaten akseptearre yn it CRT, ûnder wa O'Neil. As se nei de plechtichheid har locker iependocht, fynt se dêr in dichtbondel fan D.H. Lawrence mei in omsirkeling om it gedicht Self-pity, dat Urgayle earder opsei wylst er yn 'e Helwike de CRT-kandidaten oan it ôfboaljen wie. As boekelizzer hat er syn Marinekrús tafoege, de heechste ûnderskieding fan 'e Amerikaanske Marine, dy't er wûn hie, sa hied er earder ferteld, om't er yn in gefjochtssitewaasje in maat it libben rêden hie.

Demi Moore (yn 2009).
Viggo Mortensen (yn 2008).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise     
luitenant-op-see 2e klasse Jordan O'Neil Demi Moore
sersjant-ynstrukteur Jack Urgayle Viggo Mortensen


byrollen
personaazje akteur/aktrise
luitenant-op-see 1e klasse Royce Harper Jason Beghe
kaptein-op-see Salem Scott Wilson
senator Lillian DeHaven Anne Bancroft
luitenant-op-see McCool Morris Chestnut
sersjant-ynstrukteur Max Pyro Kevin Gage
sersjant-ynstrukteur Johns David Warshofsky
sersjant Cortez David Vadim
luitenant-op-see Blondell Lucinda Jenney
sersjant Slovnik Jim Caviezel
faandrich F. Lee "Flea" Montgomery Josh Hopkins
luitenant-op-see "Wick" Wickwire Boyd Kester
sersjant Newberry Angel David
steatssekretaris fan Marine Theodore Hayes Daniel von Bargen
stêfsjef fan 'e Amerikaanske Marine John Michael Higgins
luitenant-op-see Stamm Stephen Ramsey

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

G.I. Jane waard regissearre troch Ridley Scott nei in senario fan David Twohy en Danielle Alexandra op basis fan in idee fan Alexandra. As produsinten wiene regisseur Scott, haadrolspylster Demi Moore, Roger Birnbaum en Suzanne Todd by it projekt belutsen foar de filmstudio's Hollywood Pictures, Caravan Pictures, Roger Birnbaum Productions, Largo Entertainment en Scott Free Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $50 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Hugh Johnson, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Trevor Jones.

De opnamen foar G.I. Jane fûnen plak yn 'e simmer en it neijier fan 1996. Der waard filme yn Firginia, Washington, D.C., Súd-Karolina en Jacksonville (Floarida).

De distribúsje fan G.I. Jane waard fersoarge troch Buena Vista Pictures, dat krekt as Hollywood Films in dochterûndernimming fan Disney wie. De film gie op 22 augustus 1997 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. G.I. Jane waard op 22 april 1998 útbrocht as VHS-keapfideo en op dvd en kaam op 3 april 2007 út op blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige G.I. Jane mingde resinsjes. Todd McCarthy fan it tydskrift Variety wie posityf oer de film, dy't er omskreau as "in tige fermaaklike fantasij oer it oerwinnen fan obstakels mei politike en feministyske ûnderbouwing." Deborah Brown fan it Britske tydskrift Empire wie minder fan 'e film sjarmearre. Hja skreau lykwols al: "Nettsjinsteande in hiele katalogus fan neidielen, lykas de knoffelige dialooch, de dizenige noarmen en wearden en de bespotlike ferhaallinen, biedt G.I. Jane dochs in pervers nivo fan fermaak."

In protte resinsinten hiene krityk op it aktearjen fan Demi Moore yn 'e titelrol fan luitenant-op-see Jordan O'Neil. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times skreau lykwols: "De opienfolgings fan sênes oer de training binne sa't se wêze moatte: ûntychlik dreech, oerlibbe troch O'Neil. It is goede sinema om't Ridley Scott, de regisseur, se mei in suver dokumintêre belangstelling filmet, en om't Demi Moore, dy't hjir wol in hiel grutte hap nimt, bewiist dat har mage dêr grut genôch foar is." En yn Entertainment Weekly frege Owen Gleiberman himsels ôf: "Binne froulju op 'e ierde set om krigers te wurden? Demi Moore yn elts gefal wol. De rol fan Jordan past har like nauslutend as in nije laach spieren."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat G.I. Jane in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 37 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Demi Moore docht har plicht op bewûnderensweardige wize, mar it goedmienende boadskip fan G.I. Jane wurdt ferdizene troch stylistyske bombast en in oermjitte oan Amerikaansk sjauvinisme." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet G.I. Jane in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 21 resinsjes.

G.I. Jane brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $48,2 miljoen op. It is ûnbekend wat de film yn oare lannen en territoaria yn 't laadsje brocht. As men de opbringst yn Noard-Amearika ôfset tsjin it budget fan $50 miljoen, betsjut dat in ferlies fan $1,8 miljoen, dêr't de marketingkosten noch by opteld wurde moatte.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.