Gondelfeart op Tsjillen
Gondelfeart op Tsjillen | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Achtkarspelen | |
plak | Droegeham | |
holden yn | iepen loft | |
tiid fan it jier | mids septimber | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | blommekorso | |
bestean | 1969 – no | |
offisjele webside | ||
www.immaterieelerfgoed.nl/nl/ gondelvaartopwielendrogeham |
De Gondelfeart op Tsjillen is in blommekorso dat elts jier yn septimber holden wurdt yn it Fryske doarp Droegeham.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Gondelfeart op Tsjillen ûntstie yn 1969, doe't guon Droegehamsters ta gelegenheid fan Keninginnedei in optocht hâlde woene. Mei't der yn Aldeboarn elts jier in gondelfeart holden waard, besleaten se om dêr in foarbyld oan te nimmen. Mar om't Droegeham gjin wetterdoarp is lykas Aldeboarn, makke men der in "gondelfeart op tsjillen" fan, wat de earste jierren eins delkaam op 'gewoan' in optocht fan fersierde weinen. Al rillegau begûn men de weinen lykwols te fersieren mei ynstutsen blommen, benammen dahlia's. Meitiid groeide it evenemint út ta in wier blommekorso.
Yn 2018 waard de Korsokoepel oprjochte, in gearwurkingsferbân fan 'e 21 Nederlânske blommekorso's, dêr't ek de Gondelfeart op Tsjillen ta heart. De fyftichste edysje fan 'e Gondelfeart op Tsjillen waard holden yn 2019. De 51e edysje yn 2020 en de 52e edysje yn 2022 moasten oergean omreden fan 'e beheinings dy't oan eveneminten oplein wiene yn it ramt fan 'e bestriding fan 'e koroanafiruspandemy.
Foar 2022 stiet de 53e edysje fan 'e Gondelfeart op Tsjillen op it program, al is ein 2021 ûndúdlik oft dy wol trochgong fine kinne sil. Yn elts gefal beskôge it bestjoer fan it evenemint de opname fan 'e Nederlânske blommekorso's op 'e List fan Ymmaterieel Erfgoed fan 'e UNESCO yn desimber 2021 as in moaie ynstruier foar de Gondelfeart op Tsjillen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) De Gondelfeart op Tsjillen op ImmaterieelErfgoed.nl
- (ned) Reportaazje fan Omrop Fryslân oer de 50e edysje fan 'e Gondelfeart op Tsjillen yn 2019
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|