Springe nei ynhâld

Griet Wiersma

Ut Wikipedy
Griet Wiersma
sjonger en/of muzikant
Griet Wiersma yn 2009
Griet Wiersma yn 2009
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 2 maaie 1950
berteplak Driezum
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre libbensliet
sjongtaal Frysk
ynstrumint Gitaar
grutste hit(s) Frysk hynder
jierren aktyf 1989-no

Griet Wiersma (Driezum, 2 maaie 1950), is in Fryske sjongster fan it libbensliet út Wâlterswâld.

Griet Wiersma yn 2021

Griet Wiersma is berne as jongste famke fan Wietse en Anna Bieringa. Hja boaske yn 1979 mei Leo Wiersma, en tegearre namen hja it bezinestasjon fan har âlden oer. Hja krigen twa bern, Durk en Anneke.

Nei't hja yn 1989 nei Wâlterswâld ferfearen, begûn Griet op 'e taksy en ek begûn hja mei sjongen. Nei in audysje by De Happy Tuners wurdt Griet útkeazen út acht froulju. Neidat de band stoppe gie Griet fierder mei it duo "Challenge". By ien fan de optredens fan Challenge wie Teake van der Meer oanwêzich. Dit resultearre yn 2000 yn optredens mei Teake en Minze Dijksma yn hiel Fryslân. Hjirby kaam ek har toanieltalint foar it ljocht. Yn 2001 kaam de show "40 jier Lytse Teake" wêrfoar't nije nûmers skreaun wurde moasten. Ien fan de nûmers wie it troch harsels skreaune "Frysk Hynder". Dit nûmer waard sa ûntfongen dat der in mini cd fan Frysk Hynder opnomd waard. Dizze waard goed ferkocht en tegearre mei producer Fred van Vugt waard it album "Frijheid" makke. Troch it súkses fan de cd’s stoppe Griet as taksysjauffeur, omdat it net mear te kombinearjen wie mei de optredens. Yn 2004 waard "Werom yn'e tiid" opnomd, in cd mei Fryske lietsjes. Yn 2005 folge de cd "Sirkel fan’t libben" mei krektas op Frijheid allegear lietsjes út it libben sels. Lit my foar jim sjonge (2009) docht se mei Syb van der Ploeg en Nico Outhuise. Hjirop steane 14 eigen nûmers, wêrûnder duetten mei Kobus Algra fan De Wiko's, Gurbe Douwstra en Syb van der Ploeg.

  • 2002 - Frysk hynder
  • 2003 - Frijheid
  • 2004 – Werom yn 'e tiid
  • 2004 – Foppe Bedankt!
  • 2005 - Sirkel fan 't libben
2007 - Wy binne Friezen
  1. Wy binne Friezen (duet mei Rintje Kas)
2010 - Lit mei foar jim sjonge
  1. De Fryske Mar
  2. Lit my foar jim sjonge
  3. Op'e buhne (duet mei Kobus Algra)
  4. It Fryske liet
  5. Yn die eagen
  6. Pije de strjitmusikant (duet mei Gurbe Douwstra)
  7. Playa Blanca
  8. Goude swan
  9. Klompen fan Scherjon
  10. Ik bliuw dyn freon (duet mei Syb v/d Ploeg)
  11. Wat in pracht skilderij
  12. Germ gean no fuort
  13. W as dekbed
  14. Op'e moanne
  15. Het Friese Meer
2012 - Opa en oma lied
  1. Opa en oma lied
  2. Pake en Beppe ferske
2015 - Genietsje fan disse dei
  1. Genietsje fan dizze dei
2016 - Gouden Swan
  1. Gouden Swan
  • Noflik van hûs (mei Teake van der Meer)
  • Efkes wat oars" (mei Teake van der Meer )
  • Frysk hit festival , diel 3 (200?)
  • It bêste út de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân(2006)
  • Limburg ontmoet Friesland (2007)
  • Fryske Music Night 2007, It gie wer oan (2007)
  • Lit my foar jim sjonge (2009)
  • Taeke set troch (2005), tegearre mei Taeke van der Meer
  • It bêste fan Griet Wiersma (2006)
  • Efkes wat oars (2007) mei Teake en Minze
  • Fryske Music Night 2007, It gie wer oan (2007)
  • Sa kin't ek (2008) mei Teake en Minze

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]