Springe nei ynhâld

Grumman F6F Hellcat

Ut Wikipedy
Grumman F6F Hellcat


Rol Jachtfleantúch
Makker Grumman
Earste flecht 26 juny 142
Yn tsjinst Jannewaris 1943
Ut tsjinst 1960 Marine fan Urûguay[1]
Tal makke 12.275 (1942-1945)
Brûkers United States Navy, United States Marine Corps
Royal Navy
Frânske Marine
Priis $35.000 yn 1945[2]
In F6F-3 Hellcat oan board fan fleandekskip USS Yorktown, juny/july 1944

De Grumman F6F Hellcat wie in Amerikaanske jachtfleanmasine út de Twadde Wrâldoarloch. It tastel opererearre fan fleandekskippen ôf. It wie de opfolger fan de Grumman F4F Wildcat.

Hoewol't de Hellcat op syn foargonger like, wie it in nij ûntwerp, mei in sterkere motor. Yn it ûntwerp waard rekken holden mei de gefjochtsûnderfining tsjin de Japanske Zero. Tegearre mei de F4U Corsair wie de Hellcat de wichtichste jager fan de Amerikaanske Marine yn de twadde helte fan de oarloch.

De Hellcat waard it meast súsesfolle marinefleantúch, mei in totaal fan 5.163 oerwinningen (kills) op fijanlike tastellen (56% fan alle U.S. Navy/Marine oerwinningen yn de loft yn de oarloch). Dêrby giene 270 Hellcats ferlern.
Hy wie yn tsjinst fan de Amerikaanske Marine, Mariniers en de Britske Royal Navy. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard it tastel stadichoan ferfongen, mar de lêste Amerikaanske Hellcats diene tsjinst oant 1954 as nachtjager.

Technyske gegevens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Grumman F6F-5 Hellcat
Gegevens F6F-3 Gegevens F6F-5
Langte 10,10 m 10,23 m
Spanwiidte 13,05 m 13,08 m
Hichte 3,97 m 3,99 m
Draachoerflak fleugels 31,03 m² 31,03 m²
Motor ien 18-sylinder-dûbelstjermotor Pratt & Whitney R-2800-10W Double Wasp fan 2000 hk
Topfaasje 612 km/o op 5.280 m 621 km/o
Normaal fleanberik 1.745 km 1.674 km
Bemanning 1 1
Tsjinstplafond 11.720 m 11.369 m
Gewicht leech 4.100 kg 4.152 kg
Gewicht by start 5.160 kg 6.991 kg
Bewapening seis 12,7-mm-Browning M2-masinegewearen seis 12,7-mm-mgs mei 400 patroanen it stik
twa bommen of seis raketten (maks. 907 kg)

Besibbe ûntwerpen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

F6F Hellcat


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Uruguayan Navy." aeroflight. Sjoen: 27 maaie 2012.
  2. Ferguson 2005, s. 149–175.