Hebriuwske Universiteit fan Jeruzalim
Hebriuwske Universiteit fan Jeruzalim האוניברסיטה העברית בירושלים | ||
Namme | ||
Ofkoarting | HUJI | |
Biedwurd | Veritas | |
Lokaasje | ||
Lân | Israel | |
Plak | Jeruzalim, Rehovot | |
Oare bysûnderheden | ||
Type | Privee | |
Oprjochting | 28 july 1918 | |
Sluting | n.f.t | |
Rektor | Barak Medina | |
Presidint | Asher Cohen | |
Tal studinten | ± 23.000 | |
Tal meiwurkers | ± 1200 | |
Netwurken | Euroleague for Life Sciences | |
Offisjele webside | ||
Webstee |
De Hebriuwske Universiteit fan Jeruzalim (Hebriuwsk: האוניברסיטה העברית העברית העברית בירושלים, ha'universita ha'ivrit biruschalayim; Arabysk: الجامعة العبرية العبرية في في في القدس) is de op ien nei âdste en de meast wichtige universiteit fan Israel mei in wrâldwride reputaasje. Asher Cohen is sûnt 2017 foarsitter fan de universiteit.
De universiteit hat trije kampussen yn Jeruzalim en ien yn Rehovot. De Edmond J. Safra Givat Ram-kampus hat de grutste bibleteek foar Joadske stúdzjes yn de wrâld, de Nasjonale Bibleteek fan Israel.
By de universiteit binne fiif akademyske sikehuzen oansletten, ûnder oare it Hadassah Universitêr Medysk Sintrum, 7 fakulteiten, goed 100 ûndersykssintrums en 315 akademyske ôfdielingen. Fan 2018 ôf oan studearre in tredde fan alle promovendy yn Israel oan de Hebriuwske universiteit.
By de earste besjoerders fan de universiteit behearden Albert Einstein, Sigmund Freud, Martin Buber, Chaim Bialik en Chaim Weizmann. Fjouwer fan de njoggen Israelyske premiers binne ôfstudearre oan de universiteit, dy't ek assosjearre wurdt mei 15 Nobelpriiswinners, twa Fields-medaljewinners en trije Turing Awardwinners.