Hynstesport op de Paralympyske Simmerspullen
Hynstesport is ien fan de sporten dy’t op it programma fan de Paralympyske Simmerspullen stean. De Paralympyske Hynstesport is tagongklik foar lichaamlik en fisueel beheinden.
Regels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wannear't har beheining dit nedich makket, meie de ruters gebrûk meitsje fan helpmiddels om it hynder te lieden.
Der wurdt allinne dressuer rieden. Der binne yndividuele wedstriden en teamwedstriden. Der is sawol in wedstriid dy’t bestiet út ferplichte ûnderdielen en ien dy’t bestiet út de frije oefening op muzyk. By de teamwedstriid bestiet in team út trije as fjouwer ruters. Minsten ien fan har moat de graad I as II hawwe. De ein skoare fan it team bestiet út it resultaat fan de bêste trije teamleden by de teamwedstriid opteld by de bêste trije yndividuele scores út de yndividuele wedstriid.
De bak is 40 bij 20 meter grut en as mooglik foar graad IV-Ruters 60 bij 20 meter. Fisueel beheinde ruters fan graad III en graad IV meie holpen wurden om harsels te oriïntearje yn de bak. Dit kin troch oanwizingen fan in assistint bûten de bak of bygelyks troch middel fan lûdsinjalen.
Klassifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ruters wurde yndield yn ien fan de fjouwer kategoryen ôfhinklik fan har mooglikheden. Manlju en froulju stride yn mingde kategoryen mei elkoar. Graad I-Ruters ha de slimste beheinings, graad IV-Ruters de minste. Eltse graad kin syn eigen dressuer proeven. Ruters yn de kategory I en II moatte stappe as stappe en yn draf. Graad III en IV-Ruters moatte ek de stadige galop (trijetelgang) en eleminten fansiden toane.
- Graad I: Benammen Ruters dy’t har in it deistige libben foarútbewege mei in rolstoel, mei in tige minne rompfunksje.
- Graad II: Benammen Ruters dy’t har in it deistige libben foarútbewege mei in rolstoel, mar mei in goede earmfunksje.
- Graad III: Ruters mei beheinings yn alle fjouwer de ledematen en slim fisueel beheinden.
- Graad IV: Ruters met beheinings yn ien as twa ledematen en fisueel beheinden dy’t noch in bytsje sjogge.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hynstesport stie foar it earst yn 1984 op it programma, Der waarden njoggen ûnderdielen hâlden, wêrûnder sân dressuer ûnderdielen en fiif linigens ûnderdielen. It wie foar langere tiid de ienichste kear. Pas fan 1996 ôf waard it wer hâlden, fan doe ôf stiene der allinne mar dressuer ûnderdielen op it programma.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sport op de Paralympyske Simmerspullen | ||
---|---|---|
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis | ||
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen | ||
· · |