Springe nei ynhâld

Johannes Lutma

Ut Wikipedy
Johannes Lutma
keunstner
Portret fan Johannes Lutma troch Jacob Adriaensz Backer (makke tusken 1639 en 1651)
Portret fan Johannes Lutma troch Jacob Adriaensz Backer (makke tusken 1639 en 1651)
persoanlike bysûnderheden
berne om 1584 hinne
berteplak Emden
stoarn jannewaris 1669
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as sulversmid
offisjele webside
Johannes Lutma yn de RKD
Portret fan Lutma troch Rembrandt

Johannes Lutma de âldere (Emden, om 1584 hinne - Amsterdam, jannewaris 1669) wie in bekende Nederlânske sulversmid. Nei in Paryske perioade (sa. 1615), kaam er yn 1621 nei Amsterdam dêr 't er yn 1623 troude. Rembrandt van Rijn wie in freon fan him, dy 't ek in portret fan him etste. Syn portret (sjoch: ôfbylding) waard skildere troch Jacob Adriaensz Backer. Lutma is it meast bekend om syn koarskerm yn de Nije Tsjerke yn Amsterdam. In tal fan de ûntwerpen fan Lutma waarden letter yn fjouwer searjes publisearre, benammen troch syn soannen Jacob en Johannes.
Hy wie in learling fan Paulus fan Vianen dy 't bekend wie fan syn aurikulêre styl yn sulver, sa neamd fanwege de glêde, earreftige foarmen.

It Ryksmuseum Amsterdam hat ferskate wurken fan Johannes Lutma yn de kolleksje: twa sulveren sâltfetten (foar in part fergulde), in sulveren drinkskaal en in sulveren kanne mei skaal en seemotiven. Yn de Amsterdamske buert De Piip is in strjitte nei him ferneamd, lykas ek yn Schoonhoven.