Springe nei ynhâld

Jovinus

Ut Wikipedy

Jovinus (? - 413) wie in Romeinske keizer fan 411 oant 413 en opstannich tsjin de rjochtlike keizer Flavius Augustus Honorius. Hy wie ek de opfolger fan twa oare opstannige keizers: Konstantyn III en syn soan Konstans II.

In Solidus fan Jovinus
In Solidus fan Jovinus

Jovinus kaam út in nommele súd-Gallyske famylje. Nei de dea fan Konstantyn III yn 411 grypte hy de macht yn Mainz, mei stipe fan de Alanen ûnder kening Goar en de Boergonden ûnder kening Gundohar (de Gunther út it nibelungenliet). Hy krige dêrby in soad steun fan eallju út Galje.

Yn 412 teagen de Fisigoaten fanút Itaalje Galje yn (mooglik op advys fan Priscus Attalus) en ûnder lieding fan harren kening Ataulf. Ataulf woe mei Jovinus ûnderhannelje, mar dit waard ôfbrutsen doe't Sarus, in fijan fan Ataulf, in bûnsmaatskip sleat mei Jovinus. Dêrnei beneamde Jovinus syn broer Sebastianus as mei-keizer. Ataulf wie hjir knap lilk oer en begûn ûnderhannelingen mei Honorius oer in mooglik bûnsmaatskip. Honorius hie hjir wol earen nei en sleat mei de Fisigoaten in ferdrach. Yn 413 luts Ataulf mei syn leger op tsjin Jovinus en sleat him yn by Valence. Al gauris waard de stêd troch de Fisigoaten ynnaam en Jovinus gevangen set. De finzene keizer waard nei Narbonne stjoerd en dêr ûnthalze. Syn holle waard opstjoerd nei keizer Honorius yn Ravenna.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]