Katedraal fan Durham
Katedraal fan Durham
Cathedral Church of Christ, Blessed Mary the Virgin and St Cuthbert of Durham | ||
Lokaasje | ||
lân | Ingelân | |
greefskip | Durham | |
plak | Durham | |
adres | The College, Durham DH1 3EH | |
koördinaten | 54° 46' N 1° 34' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Anglikaanske Tsjerke | |
bisdom | Durham | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1093-1490 | |
boustyl | Romaanske en Normandyske arsjitektuer | |
hichte | 66 meter (sintrale toer); westlike tuorren 44 meter | |
monumintale status | UNESCO-wrâlderfgoed Grade I listed building | |
Webside | ||
www.durhamcathedral.co.uk | ||
Kaart | ||
De Katedraal fan Durham of de Katedrale Tsjerke fan Kristus, de segene Jongfaam Marije en Sint-Cuthbert fan Durham (Cathedral Church of Christ, Blessed Mary the Virgin and St Cuthbert of Durham) is de biskopstsjerke fan it Anglikaanske bisdom Durham. De biskop fan Durham is de fjirde yn rang fan 'e hiërargy fan 'e Tsjerke fan Ingelân.
De bou fan 'e hjoeddeiske katedraal, dy't de Saksyske White Church, ferfong sette yn 1093 útein en wurdt beskôge as ien fan 'e bêste foarbylden fan de Normandyske arsjitektuer yn Jeropa. Yn 1986 waarden de katedraal en it kastiel fan Durham tafoege oan de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.
Yn 'e katedraal wurde de reliken bewarre fan Sint-Cuthbert, dy't de muontsen fan Lindisfarne yn 'e 9e iuw nei Durham brochten, de holle fan Sint-Oswald fan Northumbria en de resten fan 'e earbiedwurdige Beda. Dêrnjonken hat de katedraal ek noch ris de meast komplete samling fan ier-printe boeken fan Ingelân.
Der wurde yn 'e katedraal alle dagen tsjinsten fierd, dy't útsein moandeis en as it koar op fakânsje is, oplustere wurde troch it Durham Cathedral Choir. De katedraal foarmet ien fan 'e grutste toeristyske attraksjes yn 'e regio mei sa'n 775.000 besikers yn 2015.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bisdom Durham fynt syn oarsprong yn it bisdom Lindisfarne, om 635 hinne stifte troch Sint-Aidan op oantrunen fan Oswald fan Northumbria. Under it grutte tal hilligen dy't út de mienskip fan 'e priorij Lindisfarne stamme wie ek Sint-Cuthbert, dy't fan 685 oant syn dea yn 687 biskop fan Lindisfarne wie. Cuthbert foarme in sintrale rol yn 'e ûntjouwing fan de katedraal fan Durham. Nei ferskate ynfallen fan Wytsingen ferlieten de muontsen Lindisfarne yn 875. Hja namen de reliken mei en fûnen pas yn 882 wer in plak dêr't se harren nei wenjen setten. Dat wie yn Chester-le-Street en dêr bleaune se oant 995, doe't it ek dêr ûnfeilich waard en de muontsen op 'e nij flechtsje moasten.
Neffens in lokale leginde waarden de muontsen troch twa molkfamkes nei in skiereilân yn 'e rivier brocht. Dêr oankommen wie der gjin beweging mear yn 'e kiste mei de reliken fan Cuthbert te krijen. Yn 'e hagiografy fan Cuthbert waard dit troch de muontsen begrepen as in teken dat dêr it nije hillichdom boud wurde moast.
Ynearsten waard der in ienfâldich tydlik gebouke delset om de reliken fan Cunthbert yn te bergjen. Dêrnei kaam de skryn yn in gebou wat mear op in tsjerke like, in nei alle gedachten houten tsjerke. Dy tsjerke waard trije jier letter yn 998 ferfongen troch in stiennen tsjerke, ek bekend ûnder de namme White Church. Troch de tanimmende ferearing fan 'e hillige Sint-Cuthbert waard Durham al gau in plak dat oandien waard troch pylgers. Kening Knûd wie ien fan dy pylgers en joech de muontsemienskip in soad privileezjes en lân. De goed te ferdigenjen lokaasje, it jild fan 'e pylgers en goede kontakten mei de machthawwers makken de groei fan in stêd om de katedraal mooglik, it begjin fan it hjoeddeiske Durham.
De bou fan de hjoeddeiske katedraal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjintwurdige katedraal waard ûntwurpen en boud ûnder Willem fan Calais, dy't yn 1080 beneamd wie as de earste prinsbiskop troch Willem de Oermasterder. Letter hawwe der noch trije grutte tafoegings en rekonstruksjes fan in pear dielen fan it gebouw plakfûn, mar it grutste part is neffens it Normandyske ûntwerp bewarre bleaun. De bou is yn 1093 mei it eastlike diel útein set. It koer waard yn 1096 foltôge en dêrnei waard trochwurke mei it skip, dêr't de muorren yn 1128 fan klear wiene. It wurk oan it hege ferwulft waard yn 1135 ôfsletten. It yn 'e 18e iuw foar in part ôfbrutsen kapittelhûs ûntstie tusken 1133 en 1140. Willem fan Calais ferstoar yn 1096 en makke it dus de foltôging fan it gebou net mear mei. Ranulf Flambard folge him as biskop op, dy't ek de Framwellgate Bridge boude liet, de earste brêge fan 'e stêd oer de Wear.
Biskop Hugh de Puiset liet de Galiléakapel oan it westlike ein fan 'e katedraal bouwe nei't it eastlike ein troch fersakkings it wurk fertrage. It fiifskippige gebou nimt de lokaasje fan in portaal yn en tsjinne as de Marijekapel. De grutte westlike tagong waard yn 'e midsiuwen blokkearre troch in alter foar de Jongfaam Marije. Tsjintwurdich wurdt de tagong dêr blokearre troch it grêf fan biskop Thomas Langley. Ek yn 'e Galiléakapel binne de oerbliuwsels fan 'e earbiedwurdige Beda te finen. De haadyngong fan 'e katedraal leit oan 'e noardlike kant, mei it útsicht op it kastiel.
Yn 1228 kaam biskop Richard le Poore út Salisbury, dêr't op dat stuit in nije goatyske katedraal boud waard. Yn dy tiid joech de eastlike útwreiding noch jimmeroan grutte swierrichheden. Le Poore loste it probleem op troch de arsjitekt Richard Farnham oan te wizen om in nij ûntwerp foar de eastlike ôfsluting te leverjen yn 'e foarm fan in transeptachtige ôfsluting, dêr't in tal muontsen de hiele dei tagelyk de koergebeden opsizze koene. It resultaat wie de goatyske Kapel fan de Njoggen Alters (Chapel of the Nine Altars).
Ek de tuorren stamme út it begjin fan 'e 13e iuw, mar de sintrale toer rekke skeind troch it wjerljocht en waard yn twa fazes yn 'e 15e iuw wer opboud.
De skryn fan Sint-Cuthbert hie in plak yn 'e eastlike apsidale ôfsluting fan 'e katedraal. De lokaasje fan it grêf fan 'e binnenmuorre fan 'e apsis is oanjûn op de flier en de tombe fan Cuthbert wurdt bedutsen mei in ienfâldige plaat. In ûnbekende muonts skreau yn 1593 lykwols dat "it hillichdom ta de meast wielderige grêven van Ingelân" hearde, sa bot wie it belein mei offers en juwielen en oan it tal wûnders kaam gjin ein, sels noch yn dy lêste dagen".
Opheffing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De rike tombe fan biskop Cuthbert waard yn 1538 yn opdracht fan kening Hindrik VIII fan Ingelân ferneatige. De weardefolle saken fan de abdij moasten oan 'e Kroan oerdroegen wurde. It lichem fan de hillige waard opgroeven en op 'e nij byset ûnder in gewoane stiennen plaat. Twa jier letter waard de benediktynske abdij hielendal opheft en de lêste abt fan Durham, Hugh Whitehead, waard de earste deken fan it sekuliere kapittel fan 'e katedraal.
17e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Slach by Dunbar op 3 septimber 1650 brûkte Oliver Cromwell de katedraal as in finzenis foar de Skotske kriichsfinzenen. De likernôch 3.000 kriichsfinzenen waarden troch Cromwell ûnder strieminne omstannichheden fêstholden sûnder ferwaarming, iten en wetter en 1.700 fan har lieten it libben yn 'e katedraal. Om harrensels dochs noch wat op te waarmjen stripten de finzenen in soad fan it hout yn 'e katedraal, mar de astronomyske klok mei de Skotske toarnstikel fan prior Thomas Castell út 1512 waard sparre. De slachtoffers waarden begroeven yn ûnpersoanlike grêven en dejingen dy't it oerlibben, waarden as slaven mei it skip nei Noard-Amearika transportearre.
De houten spitsen fan de twa westlike tuorren waarden yn 1658 ferwidere.
De eardere koarhear John Cosin, biskop fan Durham, hie de taak om nei de skea de katedraal wer op te knappen en nije koerbanken oan te skaffen. Ek liet de biskop oer it doopfont in grutte houten toer bouwe. Yn dy tiid waard foar it dragen fan in nij oargel it al yn de 16e iuw ôfbrutsen doksaal ferfongen troch in iken doksaal. Oer de resten fan it âlde refektoarium liet deken John Sudbury in nije bibleteek foar ier-printe boeken bouwe.
18e en 19e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de ferbouwing fan Cosin wie der net in soad jild foar de katedraal mear beskikber en doe't der wer wurke waard oan it gebou gyng dat net altiten yn it foardiel fan it karakter fan de katedraal. Sa helle de arsjitekt George Nicholson, nei't er syn brêge oer de Wear foltôge, de dekaan it kapittel oer om it grutste part fan it bûtenste muorrewurk fan d'e katedraal glêd te striken. Syn opfolger William Morpeth ferneatige it grutste part fan it kapittelhûs. Yn 1794 tekene de arsjitekt James Wyatt nije plannen, dy't de katedraal op drastyske wize feroaren en û.o. de ôfbraak fan 'e Galiléakapel ynholden. It ûnsillige plan gyng aldergelokst net troch om't it kapittel krekt op 'e tiid fan miening feroare. Wyatt fernijde ek it 15e-iuwske maaswurk fan it roasfinster en ferfong it âlde glês troch blank glês nei't in stoarm dat der út waaid hie.
Yn 1847 ferwidere Anthony Salvin it houten oargel-doksaal fan Cosin en yn 1858 restaurearre er de kleastergong.
Tegearre mei Edward Robert Robson wurke de arsjitekt George Gilbert Scott yn 'e jierren 1859-1860 oan 'e restauraasje fan 'e toer. Scott wie ek ferantwurdlik foar it delsettten fan in nij moarmeren doksaal yn de fiering. Yn 1892 liet Scott's learling it kapittelhûs wer opbouwe as neitins oan biskop George Gilbert Scott.
It grutte westlike raam, dat de Beam fan Jesse foarsteld, waard skonken troch deken George Waddington yn 1867. It is it wurk fan Clayton en Bell, dy't ek foar it Te Deum-raam yn it súdlike transept (1869), it Fjouwer Dokters-raam yn it noardlike transept (1875) en it roasfinster fan Kristus yn Majesteit (1876) tekenen.
20e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e jierren 1930 waard in begjin makke mei it meitsjen fan in weardige skryn foar Sint-Cuthbert efter it heechalter. De fjouwer kandelaren en it baldekyn binne in ûntwerp fan Ninian Comper. De twa grutte banieren mei de ôfbylden fan Cuthbert en Oswald binne yn 2001 tafoege en waarden makke troch Thetis Blacker. Op oare plakken krige de katedraal yn 'e jierren 1930 en 1940 nije glês-yn-leadramen. De Poalske keunstner Josef Pyrz makke foar de Galiléakapel in houten byld fan 'e Ferkundiging.
De katedraal waard tegearre mei de tichteby lizzende kastiel yn 1986 ûnderdiel fan it wrâlderfgoed. It UNESCO-komitee stelde fêst dat de katedraal it grutste en bêste monumint fertsjintwurdige fan de Normandyske arsjitektuer yn Ingelân.
21e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it begjin fan 'e 21e iuw waarden twa alters yn 'e kapel fan de Njoggen Alters op 'e nij wijd oan Sint-Hilda fan Whitby en Sint-Margaretha fan Skotlân. Tichteby betinkt in plakette de Skotske soldaten dy't yn 'e katedraal ferstoaren nei de Slach by Dunbar yn 1650. Yn 2013 waard by wurksumheden krekt bûten de katedraal in massagrêf ûntdutsen mei de resten fan guon finzenen.
Yn 2004 krigen twa moderne houten keunstwurken fan Fenwick Lawson, "Piëta" en "Kristus yn 'e Tombe", in plak yn 'e Njoggen Alters kapel. Ta oantins fan Michael Ramsey, de eardere biskop fan Durham en aartsbiskop fan Canterbury, waard yn 2010 in nij glês-yn-leadraam fan de Transfiguraasje troch Tom Denny ynbrocht.
De eardere kleastergebouwen om de kleastergong hinne, lykas it dormitoarium en de keuken fan 'e prior, waarden yn 2016 iepene as skatkeamer foar it publyk.
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal fan Durham figurearre yn 'e Harry Potter-films as de Hogwarts School of Witchcraft and Wizardry. De katedraal krige yn 'e films op de tuorren digitale spitsen tafoege.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Durham Cathedral
|