Springe nei ynhâld

Katedraal fan Padûa

Ut Wikipedy
Marije-Himelfeartbasilyk

Basilica di Santa Maria Assunta

Lokaasje
lân Itaalje
regio Veneto
plak Padûa
adres Piazza Duomo
koördinaten 45° 24' N 11° 52' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Padûa
Arsjitektuer
boujier 1551-1754
boustyl Renêssânse
Webside
Side bisdom Padua
Kaart
Katedraal fan Padûa (Padûa)
Katedraal fan Padûa

De Domtsjerke fan Padûa (Basilica cattedrale di Santa Maria Assunta; Katedrale basilyk fan Marije-Himelfeart) oan it domplein (Piazza Duomo) yn Padûa is de biskopstsjerke fan it katolike bisdom Padûa.

Fresko's doopkapel.

De hjoeddeiske tsjerke is it tredde gebou op itselde plak. De earste waard fuort nei it Edikt fan Milaan yn 313 boud. De ierdskodding fan 3 jannewaris 1117 ferneatige dy tsjerke. De weropbou fûn plak yn romaanske styl. Hoe't de tsjerke der doe útseach is te sjen op 'e fresko's fan Giusto de' Menabuoi yn 'e rjochts oangrinzgjende doopkapel fan d'e katedraal, dêr't de 14e-iuwske fresko's bewarre bleaun binne.

It ûntwerp fan 'e katedraal wurdt somtiden taskreaun oan Michelangelo, mar is yn feite it wurk fan Andrea della Valle en Agostino Righetto. It gebou hat in soad oerienkomsten mei de âldere tsjerken fan Padûa. De bou fan 'e renêssânse katedraal sette al yn 1551 útein, mar it wurk soe wol twa iuwen duorje. Der waard nei it westen ta wurke en stadichoan waard de âlde katedraal ôfbrutsen om plak te meitsjen foar de nijbou. Op 25 augustus 1754 wijde kardinaal Carlo Rezzonico de katedraal, wylst de gevel ûnfoltôge bleau. De bou fan 'e koepel sette yn 1756 ûnder lieding fan John Glory en Giorgio Massari útein.

Sûnt de 4e iuw is de Marije-Himelfeartkatedraal de sit fan de biskop. Dêrnjonken docht de tsjerke tsjinst as parochytsjerke en beafeartstsjerke fanwegen de reliken fan trije lokale hilligen.

Njonken de katedraal stiet it paleis fan 'e biskop.

De súdlik fan 'e katedraal boude doopkapel datearret út de 12e iuw. In iuw letter is de doopkapel ferboud. Tagelyk is it it mausoleum fan 'e Carraresi. De fresko's yn 'e kapel binne yn 'e jierren 1375-1376 oanbrocht troch Giusto de' Menabuoi.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Padua Cathedral