Springe nei ynhâld

Kleaster fan San Juan de la Peña

Ut Wikipedy
Kleaster fan San Juan de la Peña
Lokaasje
lân flagge fan Spanje Spanje
regio Aragon
provinsje Huesca
plak Botaya by Jaca
koördinaten 2° 30' N 0° 40' E
patroanhillige Jehannes de Doper
Ynformaasje bou
boujier 10e iuw - 16e iwu
boustyl Romaanske en barokke boustyl
monumintale status Bien de Interés Cultural
Kaart
Kleaster fan San Juan de la Peña (Spanje)
Kleaster fan San Juan de la Peña

It keninklik kleaster San Juan de la Peña (Spaansk: Real Monasterio de San Juan de la Peña; keninklik kleaster fan Sint-Jehannes fan it Klif) is in earder benediktynsk kleaster yn Aragon yn Spanje. Yn 'e lette midsiuwen wie San Juan de la Peña it belangrykste kleaster fan it lân. Underdiel fan San Juan de la Peña is in romaanske kleastergong en yn it kleaster waarden de keningen fan Aragon byset.

It kleaster leit súdwest fan 'e stêd Jaca yn in kleau yn 'e Sierra San Juan de la Peña, súd fan 'e Pyreneeën. It kleaster stiet ûnder in útstekkende rots, sadat it kleaster net in soad direkt sinneljocht kriget. De rots bestiet út it net hurde konglomeraat, sadat it net dreech wie om de ynholte foar it kleaster út te houwen.

By de islamityske oermastering fan Spanje nei 711, flechten Fisigoaten by it ynstoarten fan it Fisigoatyske Ryk nei dit bercheftige en dreech tagonklike gebiet. Se bouden in fêsting, mar de Arabieren ferneatigen dy yn 734. Dêrnei flechten mear minsken hjirhinne, dy't oant yn it begjin fan 'e 10e iuw dêr in losse mienskip foarmen. García Íñiguez, kening fan Pamplona, en Galindo I Aznárez, greve fan Aragon, wiene de beskermhearen fan dy klús.

Yn 920 waard it gebiet oermastere troch Galindo Aznárez II, dy't op it plak in lyts kleaster bouwe liet. Ut dy tiid is de Mozarabyske ûndertsjerke bewarre bleaun. Oan it begjin fan 'e 11e iuw wenne de letter hillich ferklearre Íñigo van Oña in skoft as muonts yn it kleaster. Kening Sancho I stifte doe it oan Jehannes de Doper wijde kleaster. De bou dêrfan sette yn 1026 útein en yn 1028 waard de benediktynske regel foar it kleaster ynfierd.

Krypte.

Yn dy tiid wie Juan de la Peña in sintrum fan wittenskip en kultuer yn Aragon. Fral it skriptoarium fan it kleaster hie namme makke. Dêr waard doe in ôfskrift fan 'e Bibel op 194 stikken perkamint skreaun, it âldste Bibelmanuskript fan Aragon. It kleaster waard begeunstige mei privileezjes fan de keningen en in grut part fan 'e hjoed-de-dei noch besteande gebouwen ûntstie ûnder it regear fan Sancho Garcés III. De kleastergong waard yn 'e 12e iuw fergrutte. Oan 'e ein fan 'e 11e iuw waard ûnder it regear fan Sancho I it kleaster ek it begraafplak fan 'e keningen fan Aragon.

Twa brannen yn 1494 en 1675 feroarsaken grutte skea. De lêste brân bleau trije dagen lang baarnen. Fanwegen de ûngeunstige lokaasje fan it âlde kleaster waard nei de twadde brân it kleaster net op it histoaryske plak werboud, mar 100 m heger, op de boppe de útstekkende rots lizzende heechflakte fan San Indalecio, dêr't it klimaat geunstiger wie en ek folle mear plak wie.

Yn 'e Spaanske Unôfhinklikheidskriich waard dat nije kompleks yn 1809 fernield, doe't Frânske troepen de gebouwen yn 'e brân stieken. Neitiid bouden de muontsen it kleaster wer op, mar op 16 augustus 1835 waard it mei alle oare Spaanske kleasters troch de steat sekularisearre. Troch brek oan ûnderhâld en in passende funksje ferfoel it kleasterkompleks, oant it yn 'e 19e iuw foar in part wer restaurearre waard.

Tusken 1999 en 2007 fûn in yngreven restauraasje plak en waard it kompleks ferboud ta in hotel en in sintrum fan skiednis fan it keninkryk Aragon en fan it kleaster.

It midsiuwske kleaster

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kleastertsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Apsissen boppetsjerke.

De tsjerke fan it kleaster bestiet út twa ferdjippingen, dy't net direkt mei-inoar ferbûn binne. De ûndertsjerke is it âldste diel fan it kleaster. De mozarabyske ûndertsjerke waard yn of flak nei it jier 920 boud en is twaskippich mei twa apsissen. Fan 'e 12e-iuwske beskilderingen binne der resten bewarre bleaun.

De boppetsjerke datearret út de 2e helte fan 'e 11e iuw, doe it kleaster fergrutte waard. Op 4 desimber 1094 waard de tsjerke oan Jehannes de Doper wijd. It is in ienskippige romte, dy't mei trije apsissen ôfsletten wurdt. It ferwulft bestiet foar in part út de rots. Ljochtfal is der allinne troch de finsters oan 'e westlike kant. De tagong nei de kleastergong giet troch in poarte yn mozarabyske styl.

Kleastergong.

De kleastergong út de 12e iuw leit hielendal ûnder de rots en hie dus ek gjin dak nedich. Boppe de bôgen, de arkades en de pylders einiget it bouwurk. De kapitelen fan 'e pylders binne weardefolle foarbylden fan romaanske arsjitektuer

De keninklike krypte fan San Juan de la Peña is ek fan twa ferdjippings. Iere greven fan Aragon, keningen fan Aragon en keningen fan Navarra, dy't oer Aragon regearren, waarden der oer in tiidrek fan fiif iuwen byset. Ek lizze dêr de trije earste keningen fan 'e Ramirez-dynasty fan Aragon, Ramiro I, Sancho Ramírez en Peter I tegearre mei harren froulju.

Barokke kleaster

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Barokke kleastertsjerke.

It nije kleaster waard boppe op 'e heechflakte yn barokke styl fan bakstien boud. Nei de grutte brân wie it belangryk om by de werbou fan it kleaster brânkearend materiaal te brûken en natoerstien wie boppedat yn 'e omjouwing net foarhannen. It barokke kleaster waard yn 1714 foltôge en ryk ynrjochte. Ek waarden in soad bygebouwen boud, werfan't neat mear oerbleaun is. It barokke kleasterkompleks waard tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw restaurearre.

Neffens de oerlevering waard yn San Juan de la Peña de Hillige Graal bewarre. It bewiis dêrfoar soe in oarkonde út 1071 wêze, wêryn't oer in tsjelk skreaun waard dy't yn 1399 út it kleaster nei Zaragoza brocht waard en no yn 'e katedraal fan Falinsia as de Santo Cáliz ('Hillige tsjelk') fereare wurdt. Yn it kleaster wurdt in replika fan 'e tsjelk útstald.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kloster San Juan de la Peña