Springe nei ynhâld

Laon

Ut Wikipedy
Laon
Flagge Wapen
Polityk
Lân Frankryk
regio Opper-Frankryk
departemint Aisne
Sifers
Ynwennertal 24.304 (2019)
Oerflak 42,00 km²
Befolkingstichtens 579 km²
Stêdekloft 27.746 (2019)
Hichte 63-183 m meter boppe seenivo
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 49° 34' N 3° 37' E
Webside laon.fr

Laon (Frânske útspraak: [lɑ̃]) is in gemeente yn it noarden fan Frankryk. De stêd is de prefektuer fan it Aisne-departemint en leit yn de regio Opper-Frankryk (Hauts-de-France). Laon leit op in lange, smelle heuvelrêch yn fierder flakke omkriten.

De fersterke stêd hat in grut tal monuminten en besit mei 370 hektare it grutste oanslettend oerflak dat ûnder it beskerme stedsgesicht falt.

Berte fan de stêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De heuvel fan Laon wurdt net earder as yn de earste iuw foar Kristus permanint bewenne. Oer in lang tiidrek is der oer de status fan de delsetting hast neat bekend. Yn de benedenstêd binne Gallo-Romeinske resten fûn, mar dy binne fral yn de boppestêd oanwêzich. Yn de 5e iuw stie de Gallyske fêsting bekend ûnder de namme Laudunum of Lugdunum en fanôf 581 as Lugdunum Clavatum. Sûnt de fynst fan in ier-kristlike grêfstien yn 1998 is it wis dat de earste spoaren fan it kristendom yn Laon werom geane op de 5e iuw.

Om 500 hinne stifte biskop Remigius fan Reims in bisdom yn Laon. Fanôf dat stuit wie Laon ien fan de belangrykste stêden yn it Frankyske Ryk. Yn de 10e iuw wie de stêd de residinsje en ien fan de lêste besittings fan de karolingyske kenings. Yn 998 waard de stêd ynnommen troch de Kapetingers, dy't fan Parys de haadstêd makken en de biskoppen fan Laon in soad foech joegen.

Poarte fan Ardon

De stêd wie fan de 11e iuw ôf hielendal mei fersterkings omfieme, dy't oant hjoed-de-dei yn in opmerklik goede steat bewarre bleaun binne.

Oan it begjin fan de 12e iuw sochten de Frânske gemeentes mear ûnôfhinklikens. Yn dy tiid hie Laon likernôch 10.000 ynwenners. Ek de boargers fan Laon wisten tsjin it beteljen fan in grut bedrach mear macht nei harren ta te lûken. Dat hiene hja yn 1111 bûten biskop Gaudry om foar inoar krige, dy't foar in skoftke de stêd út wie. Gaudry wie in normandyske ealman dy't yn 1106 troch it kapittel as biskop keazen waard, mar al gau ûnderfûnen de boargers dat it in wrede, ynklauwerige biskop wie, dy't him fan kristlike prinsipes net in soad oanloek. De biskop waard poer doe't er yn 'e rekken krige wat der efter syn rêch om bedissele wie. Hy soe de troch Loadewyk VI ferliende privileezjes werom draaie en dêroerhinne boppedat de boargers ek hegere lêsten oplizze. Mar dat foel ôf want der briek reboelje út. In groep rebellen ûnder lieding fan Thiégaud wist mei geweld tagong te krijen ta it biskoplik paleis en fûnen Gaudry, dy't him útbenaudens omklaaid en yn in tonne yn de kelder ferstoppe hie. Hja namen him mei nei bûten, mishannelen him dêr en fermoarden him lang om let mei in bile. Oare rebellen plonderen hûzen, fermoarden leden fan de adel en stieken de katedraal en omlizzende bebouwing yn 'e brân. De rebellen flechten dêrnei de stêd út en holden harren skûl yn de boarch Coucy, mar Loadewyk VI ferovere Coucy yn 1113 en liet de flechte dieders ophingje, wylst de troch de oanhingers fan de fermoarde biskop oanfjurre boeren Laon fierder plonderen. Nei de opstân waard de macht fan de biskoppen beheind en krige it kapittel (mei 83 koarhearen it grutste fan Frankryk) it foar it sizzen. It konflikt waard oplost troch in gemeentlik hânfêst dat yn augustus 1128 troch kening Loadewyk VI ferliend waard en dat de stêd in part fan de autonomy werom joech.

Katedraal fan Laon

Yn de 12 iuw makke de stêd in grutte bloei mei, itjinge resultearre yn in grutte bouaktiviteit. Fanôf 1155 waard útein set mei de bou fan in goatyske katedraal, dy't nei 80 jier foltôge waard. Dêrnjonken waarden der nije kapittel- en biskoplike gebouwen oprjochte. Dêr kaam ek it teologyske sintrum fan Laon, dy't ûnder lieding fan de teolooch Anselmus fan Laon yn hiel Europa ferneamd wie.

It kapittel en de biskop hiene it de hiele 12e en 13e iuw oan de stok mei de gemeente, dy't stadich oan hieltiten mear macht ynleverje moast.

Yn de Hûndertjierrige Kriich besette in garnizoen fan Jan sûnder Freze de stêd (1411). Trije jier letter (juny 1414) wist de stêd it garnizoen te ferdriuwen, mar yn 1418 waard de stêd op 'e nij oermastere. Wat letter droech Filips de Goede de stêd oer oan de Ingelsen. Nei de kroaning en salving fan Karel VII slagge it de Frânsen om de stêd yn 1429 werom te winnen.

De stêd mei de sitadel

Tsjin it ein fan de 16e iuw betelle de stêd de priis foar it dielnimmen oan de Katolike Liga, dy't him fersette tsjin de kroaning fan de hugenoat Hindrik IV. De kening wûn de slach en naam de stêd yn 1594 yn. Hy strafte Laon mei de ferneatiging fan in diel fan de stêd en de bou fan in sitadel troch de arsjitekt Jean Errard, om de stêd yn 'e stokken te hâlden.

Op 18 septimber 1692 wurdt de stêd troffen troch in ierdskodding. Ek yn 1756 waarden der ierdskoddings field.

Yn de 17e en 18e iuw waarden in soad monuminten boud. Ferskillende religieuze gebouwen út dy tiid waarden nei de Frânske Revolúsje foar oare funksjes ferboud. Lykas it Kleaster fan Saint-Jean, werfan't de kleastertsjerke sloopt en oare kleastergebouwen ferboud waarden as it bestjoerssintrum fan it nije departemint Aisne.

Yn de 19e iuw krige de stêd oansluting op it spoar (1857). Ek waarden der skoallen en nije militêre gebouwen boud. De stêd hie slim te lijen fan de besettings yn de Prusysk-Frânske Kriich (1870-1871) en yn de Earste Wrâldkriich en ek troch bombardeminten yn de Twadde Wrâldkriich (1944).

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1800 1851 1901 1954 1999 2012 2017 2019
Ynwenners 6.691 10.091 15.434 21.931 26.265 25.317 24.876 24.304

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Eglise-Saint-Martin

De stêd hat in soad monuminten mei de status fan Monument Historique, û.o.:

  • Cathédrale Notre-Dame (Us-Leaffrouwe-katedraal), Place du Parvis; ien fan de belangrykste iergoatyske katedralen fan it lân. It bouwurk hie net allinne ynfloed op de Frânske en Ingelske gotyk, mar ek op de Dútske domtsjerken fan Limburg, Bamberg en Naumburg.
  • Abbaye de Saint-Jean (Sint-Jehannesabdij), 27 rue Paul Doumer
  • Abbaye de Saint-Martin (Sint-Martinusabdij) mei de Eglise Saint-Martin (Martinustsjerke), Rue Saint-Martin; tsjerke 12e iuw, kleastergebouwen: 17e en 18e iuw
  • Ancien Hôtel-Dieu, Rue du Cloître/Place du Parvis; âldste noch besteande hospitaal fan Frankryk. Yn de boppeseal waarden de siken fersoarge. Under de leden fan it kapittel wiene ek belangrike dokters.
  • Palais épiscopal, Place Aubry; it eardere biskoplike paleis; tsjintwurdich it Paleis fan Justysje.
  • Chapelle des Templiers (Timpelierskapel) út de 12e iuw.
  • De fersterkings fan de stêd, werfan't sân kilometer muorre mei ferskillende poarten bewarre binne.
  • Abbaye Saint-Vincent de Laon (Finsintiusabdij), Rue Alphonse Juin; baarnde yn 2008 ôf. De goatyske kleastertsjerke waard al yn de Frânske Revolúsje ôfbrutsen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]