Springe nei ynhâld

Lengenerlân

Ut Wikipedy
It Lengenerlân om 1300 hinne

It Lengenerlân is in histoarysk lânskip yn it noardeasten fan de lânkring Lier yn East-Fryslân. It gebiet is mei Oerledingerlân, it Moarmerlân en it Reiderlân ien fan de fjouwer âlde Fryske Goaen fan it fêstelân fan de lânkring Lier, dy't troch in klaverke fjouwer symbolisearre wurde. De namme fan it âlde Fryske goa komt werom yn de namme fan de hjoeddeistige gemeente Uplengen.

Lykas de oare goaen yn de lânkring kaam it Lengenerlân út it âlde Frankyske goa fan Iemsgoa fuort. De goa waard foar it earst neamd yn in oarkonde fan 1398. It haadplak wie Remels dat it grutste karspel wie. It Lengenerlân hie in ferdigenjend karakter, om't it oan de grins fan it Fryske gebiet mei it Aldenburchske Ammerlân lei, dêr't it yn de rin fan de iuwen gauris mei yn konflikt kaam. Oerbliuwsels fan de wichtichste boarch yn de goa steane yn Großsander. Fierders hie it Lengenerlân it meast in yl sângrûn. Dêrom koe it wêze dat oan de ein fan de Fryske Frijheid him dêr gjin sintraal bestjoer fan haadlingen ûntjaan koe. Allinnich mar guon doarpshaadlingen koene in foaroansteande posysje bemachtigje.

Ynearsten koe Fokko Ukena, in soan fan Amke fan Lengen, as legeroanfierder fan Keno II tom Brok, it bestjoer oer súdlik East-Fryslân bemachtigje, en feriene er it Legenerlân mei oanswettende kriten. Ukena kearde him dêrnei tsjin Tom Brok, marmoast guon jierren letter belies jaan oan de haadlingefamylje Sirksena. Dat Ukena noch sterk stie yn it Lengenerlân, bewiist in ferdrach fan 1 augustus 1435 dy't it Oerledingerlân, it Moormerlân en it Lengenerlân hjitte om noch ienris Fokko Ukena yn de striid by te stean. Dat ferdrach waard net mear fan krêft om't Ukena yn 1436 ferstoar.

Dêrnei waard it Lengenerlân omfoarme ta it selsstannige Amt Lengen en kaam lieding ûnder Hamburch te stean, dy't it wer oan de Sirksena's ôfstean moasten. Dy waarden yn 1464 greven fan Eastfryslân. It Amt Lengen waard yn 1535 yn it Amt Stickhausen foege. Yn de twadde helte fan de tweintichste iuw krige it gebiet as de gemeente Uplengen syn bestjoerlike selsstannigens werom.